Saûdy-Araabje

(Trochferwiisd fan Keninkryk Saûdy-Araabje)
العربيّة السّعوديّة
Al Mamlakah al Arabiyah as Suudiyah
Flagge fan Saûdy-Araabje Wapen fan Saûdy-Araabje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Saûdy-Araabje
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Riyad
Steatsfoarm Absolute monargy
Gebiet
% wetter
2.149.690 km²
0,0­%
Ynwenners (2006) 25.192.720
Munt Riyal (SAR)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 24 septimber
Lânkoade SAU
Ynternet .sa
Tillefoan 966

Saûdy-Araabje is in lân yn it Midden-Easten. De haadstêd is Riyad.

Saûdy-Araabje wurdt begrinzge troch:

It keninkryk omklamme goed 80 persint fan it Arabyske skiereilân en is 149.690 km² grut. De totale lingte fan de lânsgrinzen binne 4415 km, dêr't 814 km fan mei Irak, 728 km mei Jordaanje, 676 km mei Oman, 222 km mei Koeweit, 60 km mei Katar, 475 km mei FAE en 1458 km mei Jemen. Fierders bedraacht de kuststripe 2640 km (mei de Reade See en de Perzyske Golf.

It heechste punt fan it lân is de Jabal Sawda pyk mei 3133 meter hichte.

 
Read kleure woastyn yn Saûdje-Araabje

De geografy fan Saûdy Araabje is fariearre. Fan út it westlik kustgebiet (Tihamah) rikt it lân fan seenivo nei berchhichte yn (Jabal al-Hejaz) it sintrum fan it skiereilân, dêr't it plato fan Nejd leit. Yn it súdwestlik 'Asir-gebiet lizze bergen boppe de 3,000 meter hichte en is bekend as it grienste en koelste klimaat fan it lân. It easten is foar it meastepart rodseftich mei santerige leechflakten oan de kuststripe mei de Perzyske Golf. De fijannige Rub' al Khali ("Lege Hoek") woastyn lâns Saûdy Araabje net krekt ôfbeakene súdlike grinzen befetsje sawat gjin libben.

Ekstreem hiet is karakteristyk foar it grutste part fan Saûdy-Araabje. It is ien fan de plakken op ierde wêr temperatueren yn de simmer boppe de 50°C normaal binne, wylst yn de winter froast en snie yn it hegere berchlân falle kinne, dochs bart dit net jierliks. De gemiddelde temperatuer yn de winter is 8° oant 20°C yn jannewaris, mar yn oare stêden lykas Riyad en Djedda binne de temperatueren 19° oant 29°C lykwols heech. De gemiddelde simmertemperatueren yn july sitte tusken de 27° oant 43°C, yn Riyad en Djedda is dan 27° oant 38°C. Om nachttiid kin it aardich kâld wurde yn de woastyn, sels yn de simmer, as it sân yn de moarntiid wêr sinneljocht krijt rinne de temperatueren rap omheech.

Jierliks is falt der net safolle rein (likernôch 100 milimeter yn de measte regioanen), lykwols kin koarte hurde reinfal foar oerstreamend lân soargje. Dochs kinne planten oerlibje yn Saûdy-Araabje, foar it grutste part wol yn de bergen fan it súd-easten en yn de legere parten fan it lân. Hja waakse fan maart oantemei maaie.

De skiednis fan Saûdy-Araabje begûn om-ende-by 1750 doe't yn it sintrum fan it lân Mohammed bin Saoed, in lokale hearsker, in alliânsje foarme mei in puriteinske herfoarmer fan de islam, Mohammed ibn Abd al-Wahhaab. Tegearre smeie sy in politike ienheid, dêr't de macht en wolfeart fan de Saûdyske famyljeen de wahabiten troch taneamd, doe't sy striden mei Egypte, it Ottomaanske Ryk en oare Arabyske famyljes (lykas de Hasjemiten en de Rasjidi's) om kontrole te krije oer it skiereilân. De modêrne Saûdyske steat waard stifte troch Kening Abdoel Aziz al Saoed.

Yn 1902 oermastere Abdoel Aziz al Saoed Riyad, eartiids haadstêd fan al Saoed-dynasty, op de rivalisearre al-Rasjid-stam. Hy oermastere ek Al-Hasa, de rest fan de Nadjd en de Hidjaz tusken 1913 en 1926. yn 1932 waarden dizze eardere losse gebieten troch al Saoed feriene yn it Keninkryk fan Saûdy-Araabje, dêr't Abdoel Aziz al Saoed de earste kening by waard.

De ûntdekking fan oalje op 3 maart 1938 feroare de ekonomy fan it lân yngripend. De rykdom fan de oalje kaam benammen oan de kening ta en syn famyljeleden.

Sûnt it begjin fan de 20e iuw is de befolking waakst fan mei in faktor fiiftsien, fan 1,5 miljoen ynwenners nei mear as 22 miljoen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje