Kenny (album)
Kenny is it achtste studio-album fan 'e Amerikaanske countrysjonger Kenny Rogers, dat yn septimber 1979 útbrocht waard by platemaatskippij United Artists Group. De grutste hit fan dit album wie it liet Coward of the County. Fan Kenny waarden mear as 20 miljoen eksimplaren ferkocht. Yn 2007 waard it album op 'e nij útbrocht as ûnderdiel fan in dûbel-cd mei it album Kenny Rogers út 1976.
Kenny | |||||||
algemiene ynformaasje | |||||||
artyst | Kenny Rogers | ||||||
taal | Ingelsk | ||||||
sjenre | country | ||||||
útbrocht | septimber 1979 | ||||||
opnommen | 1979 | ||||||
doer | 36:01 | ||||||
label | United Artists Group | ||||||
produsint | Larry Butler | ||||||
resultaten | |||||||
ferkocht | 20 miljoen (wrâldwiid) | ||||||
albumlisten | nû. 1 yn 'e Feriene Steaten en Kanada | ||||||
sertifisearre | (3× platina) (4× platina) | ||||||
albumgronology fan Kenny Rogers | |||||||
|
Album
bewurkje seksjeKenny waard yn 'e simmer fan 1979 opnommen. It waard produsearre troch Larry Butler foar platemaatskippij United Artists Group. Fan Kenny waarden twa singles útbrocht: You Decorated My Life op 10 septimber 1979 en Coward of the County op 12 novimber fan dat jier.
Spyllist
bewurkje seksjenû. | titel | skriuwers | doer | opmerkings |
---|---|---|---|---|
1. | You Turn the Light On | Louis Anderson, Stephen Geyer | 3:03 | |
2. | You Decorated My Life | Deborah Kay Hupp, Robert E. Morrison | 3:38 | single, 10 septimber 1979 |
3. | She's a Mystery | Larry Keith, Steve Pippin | 2:54 | |
4. | Goodbye Marie | Dennis Linde, Mel McDaniel | 2:47 | foar it earst opnommen troch Johnny Rodriguez op it album Rodriguez Was Here, maart 1979; letter ek covere troch Bobby Goldsboro, dy't it yn 1981 as single útbrocht |
5. | Tulsa Turnaround | Larry Collins, Paul Cotton, Alex Harvey | 2:52 | in bewurking fan in earder liet fan Kenny Roger mei The First Edition |
6. | I Want to Make You Smile | Bill Medley | 3:20 | |
7. | Santiago Midnight Moonlight | John Porter McMeans | 3:14 | |
8. | One Man's Woman | Steve Glassmeyer | 3:45 | |
9. | In and Out of Your Heart | Thomas Cain, Randy Cullers, Dennis Linde, Alan Rush | 3:23 | |
10. | Old Folks | Willard Robison | 2:44 | In jazzliet út 1938, foar it earst opnommen troch Larry Clinton |
11. | Coward of the County | Roger D. Bowling, Billy Ed Wheeler | 4:20 | single, 12 novimber 1979 |
Resultaat
bewurkje seksjeKenny wie in tige súksesfol album, dat yn 'e Feriene Steaten trije kear en yn Kanada fjouwer kear platina waard. Wrâldwiid giene der oan 2021 ta mear as 20 miljoen eksimplaren fan oer de toanbank. Kenny helle it earste plak yn 'e Amerikaanske Top Country Albums-albumlist, en ek yn Kanada berikte it dy posysje. Yn it Feriene Keninkryk bleau it album yn 'e UK Albums Chart op it sânde plak heakjen. Fierwei de grutste hit fan it album wie Coward of the County, dat in American Music Award foar favorite countrysingle en in Music City News Award foar single fan it jier wûn. De single waard yn sawol de Feriene Steaten as it Feriene Keninkryk in gouden plaat.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |