Coward of the County (liet)

Coward of the County is in liet fan it countrysjenre, dat yn 'e 1970-er jierren skreaun waard troch de Amerikaanske lietsjeskriuwers Roger Bowling en Billy Ed Wheeler. De titel betsjut "Leffert fan 'e County". It liet waard opnommen troch de Amerikaanske sjonger Kenny Rogers, dy't it yn 1979 útbrocht op syn mearfâldich platina-album Kenny. Coward of the County wie ek it twadde nûmer fan dat album dat as single útbrocht waard, op 12 novimber 1979. It giet oer in jongeman dy't troch eltsenien as in leffert beskôge wurdt, mar dy't op in stuit sa ferge wurdt dat er syn selsbehearsking ferliest. Coward of the County wie tige súksesfol en groeide út ta ien Rogers syn grutste hits.

Coward of the County
algemiene ynformaasje
artyst Kenny Rogers
album Kenny
taal Ingelsk
sjenre country
útbrocht 12 novimber 1979
doer 4:20
label United Artists Records
skriuwer Roger Bowling en Billy Ed Wheeler
komponist Roger Bowling en Billy Ed Wheeler
produsint Larry Butler
resultaten
ferkocht >1 miljoen
hitlisten nû. 1 yn de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Ierlân, Kanada
nû. 3 yn Nij-Seelân
prizen American Music Award 1981
Music City News Award 1980
sertifisearre : (goud)
: (goud)
covers Alvin and the Chipmunks,
Sister Nancy

De ik-persoan út Coward of the County is de omke fan in jongeman dy't Tommy hjit. Tommy hat syn hiele libben noch nea fan him ôfbiten, en hy wurdt beskôge as de grutste leffert fan 'e county, mei wa't eltsenien de gek hat. Hy hat de bynamme "Yellow" krigen, in negative Amerikaansk-Ingelske sprektaalterm foar immen dy't blyk jout fan leffens. De ik-persoan hat lykwols altyd fan miening west dat de lju Tommy ferkeard beoardielje. Hy wie der nammentlik by doe't Tommy as jonkje fan tsien jier foar it lêst syn heit besocht, dy't yn it tichthûs siet en dêr koarte tiid letter kaam te ferstjerren. Syn heit sei doe tsjin Tommy dat er net de dingen dwaan moast dy't hysels dien hie, en dat er swierrichheden út 'e wei gean moast as er koe.

Doe't Tommy folwoeksen wurden wie, waard er fereale op in pleatslik fanke dat Becky hiet en ek fan him hold. Op in dei as Tommy oan it wurk is, komme de trije bruorren Gatlin, dy't miene dat se fan Tommy neat te frezen hawwe, by harren thús en nimme Becky om 'e beurt. As Tommy letter thúskomt en sjocht wat der bard is, ferliest er foar it earst yn tweintich jier syn selsbehearsking. Hy siket de Gatlins op yn 'e pleatslike saloon en slacht se alle trije it sikehûs yn, of mooglik dea (de tekst is wat dat oangiet net dúdlik). Neitiid heart syn omke him sêft praten tsjin 'e geast fan syn heit, dy't er freget om begryp om't er diskear net gehoar jûn hat oan syn wurden om swierrichheden út 'e wei te gean.

Coward of the County berikte it earste plak op 'e Hot Country Singles yn 'e Feriene Steaten en ek yn 'e hitlisten yn it Feriene Keninkryk, Kanada en Ierlân. It liet helle it trêde plak yn Nij-Seelân. Yn Austraalje bleau it liet stykjen op plak 6, en yn 'e Nederlânske Top 40 op plak 8. Fan de single waarden mear as in miljoen eksimplaren ferkocht. It waard in goud yn sawol de Feriene Steaten as it Feriene Keninkryk, en wie dêrmei ien fan Kenny Rogers syn grutste hits.

Alvin and the Chipmunks coveren Coward of the County mei in stikmannich feroarings yn de tekst op harren album Urban Chipmunk, út 1981. De Jamaikaanske muzikante Sister Nancy naam in ferzje fan it liet op har album One, Two op, dat yn 1982 útkaam. Se feroare dêrby de titel yn Coward of the Country ("Leffert fan it Lân"), om't Jamaika gjin countys hat. Ek naam se yn har ferzje eleminten fan 'e lieten Banana Boat Song en In the Ghetto op.

Der wurdt wol beweard dat de trije "Gatlin-jonges" út 'e tekst fan Coward of the County in ferwizing is nei sjonger Larry Gatlin en syn beide bruorren. Skriuwer Billy Ed Wheeler ûntstried dat, mar Gatlin sei yn 2016 yn in fraachpetear yn it praatprogramma fan Adam Carolla dat de oare skriuwer, Roger Bowling, om in him ûnbekende reden wrok tsjin him koestere, dêr't er ek by oare gelegenheden blyk fan jûn hie. Sjonger Kenny Rogers liet yn 1991 yn The Billboard Book of Number One Country Singers optekenje dat hy him yn 1979 ûnbewust west hie fan 'e konneksje tusken de tekst fan it liet en Larry Gatlin en syn bruorren, en dat er oars de skriuwers frege hie in oare namme te betinken. Nettsjinsteande de kontroverse joech Larry Gatlin Coward of the County in positive resinsje, om't er fûn dat it gewoan in goed liet wie.

Filmadaptaasje

bewurkje seksje

Op Coward of the County waard yn 1981 in tillefyzjefilm basearre, dy't ek Coward of the County hiet. De film spile koart foar de Twadde Wrâldoarloch yn in lyts plakje yn de Amerikaanske steat Georgia, en waard regissearre troch Dick Lowry. De haadrol fan Tommy Spencer waard spile troch Fredric Lehne en de rol fan Becky troch Largo Woodruff. Kenny Rogers spile de rol fan 'e omke, dy't yn 'e film in predikant is. De film folge de tekst fan it ferske frij sekuer, hoewol't der ferskate ekstra personaazjes yn it ferhaal yntrodusearre waarden. De film einige mei it houlik fan Tommy en Becky, wêrnei't hy ôfsette om yn 'e oarloch te fjochtsjen, wylst de trije bruorren Gatlin foar ferkrêfting yn it tichthûs bedarren.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.