Kiekenberch
De Kiekenberch is in natoergebiet tusken Aldhoarne en Aldeberkeap. De hichten yn it gebiet hjitte de Grutte Kiekenberch (8 m.) en de Lytse Kiekenberch. De Grutte Kiekenberch is it heechste punt fan de heuvelrêch dy't fan Mildaam nei Hoarnstersweach rint. It is in rivierdún dat yn de lêste iistiid foarme is. Dit hege punt wie in feilige lokaasje foar nomadyske bewenners dy't yn it bytiden hege wetter fan de Tsjongerfallei tahâlden. De âldste spoaren fan bewenning komme út ± 11.000 f.Kr.
Dat de Romeinen hjir ek west hat docht bliken út de Romeinske skatfynst oan de Tsjonger. By it ploeien kamen in 14-tal Romeinske munten nei boppen, dy't yn it Frysk Museum bewarre wurde. De âldste munt is fan ± 100 jier foar Kristus. Mooglik binne de munten bedobbe yn tiden fan oarloch of ûnrêst. De namme fan de berch soe neffens de folksoerlevering komd wêze troch de beide reuzen Kromme Knilles en Manke Meine dy't eartiids de Boarn groeven. Ien fan de reuzen smiet op in stuit hannen fol sân yn súdlike rjochting. “Kiek ’n berch” sei er doe tsjin syn maat. De hichte waard eartiids ek brûkt as útsjochpost foar freon en fijân. Yn 1942 binne by it archeologysk ûndersyk spoaren fan in kapeltsje en in midsiuwsk begraafplak fûn. Boaiemfynsten wize út dat it hjir om in kristlik kapeltsje út de 12e of 13e iuw giet.
It gebiet is eigendom fan Steatsboskbehear dy't der ek wannelpaden útsetten hat. De Kiekenberch is in ôfwikseljend terrein mei bosk en âlde groeiplakken en de lânbougrûnen dy't troch elkoar rinne. Der binne in tal houtwâlden mei âlde beammen. De houtwâlen lizze ek op it âlde rivierdún. Yn de lege stikken fan it gebiet groeit heide, dat koart hâlden wurdt troch mobile skiepkuddes. Noardwest fan de Kiekenberch groeide de heide hast ticht en wurde mei frijwilligers de opsjittende beamkes weihelle op saneamde 'kapdagen'. By de Lytse Kiekenberch is in heidemarke, tichtby it saneamde Bommegat. Tichtby leit ek de Tolhiksbosk. Ek leit der in steapel swerfstiennen op it terrein.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|