Kim (Keimpe) Henry Veltman (Warkum, 5 septimber 1948Maastricht, 1 april 2020) wie in Nederlânsk/Kanadeeske wittenskips- en keunsthistoarikus, haad fan it Virtueal Maastricht McLuhan Ynstitute (VMMI), adviseur en auteur, bekend om syn bydragen op it mêd fan "lineêr perspektyf en de fisuele diminsjes fan wittenskip en keunst, nije media, kultuer en maatskippij.

Kim H. Veltman
Kim Veltman yn 2017
Kim Veltman yn 2017
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 5 septimber 1948
berteplak Warkum
stoarn 1 april 2020 (71 jier)
stjerplak Maastricht
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Skiedkundige
aktyf as Skiedkundige, skriuwer, betsjoerder
bekendste
  wurk(en)
Studies on Leonardo da Vinci I, 1986

Veltman waard berne yn Warkum. Yn 1951 emigrearre de húshâlding nei Kanada en krige er de Kanadeeske nasjonaliteit. Veltman helle yn 1969 syn BA yn skiednis oan de York University yn Toronto, dêr't er yn 1970 ek syn MA yn renêssânseskiednis behelle. Yn 1975 promovearre er yn de skiednis en wittenskipsfilosofy oan it Warburg Institute yn Londen, dêr't er ek ûnderrjocht krige hie fan B.A.R. Carter, Alistair Cameron Crombie, Ernst Gombrich, A.I. Sabra en Charles B. Schmitt.

Ni syn ôfstudearjen en in pear jier fan ûndersyk en as post-doktoraal meiwurker yn it bedriuwslibben, waard er yn 1984 assistint-professor en Canada Research Fellow oan de Universiteit fan Toronto. Fan 1990 oant 1995 wie er direkteur fan de Perspective Unit fan it McLuhan Programma oan de Fakulteit fan Underwijs fan de Universiteit fan Toronto. Yn 1998 ferhuze er nei Maastricht, dêr't er direkteur fan it Maastricht McLuhan Instituut waard. Fan 2006 ôf wie er wittenskiplik direkteur fan it Virtueal Maastricht McLuhan Ynstitute. Yn de rinfan jierren wied er gastheechlearaar oan de Universiteit fan Göttingen yn 1983-84, oan de Universiteit fan Siena yn 1991, oan de Sapienza Universiteit fan Rome yn 1992, oan de Università di Roma II yn 1995 en oan de Carleton University yn Ottawa yn 1994-96.

Yn july 2017 wie er ien fan de haadsprekkers op de EVA Londen-konferinsje 2017. Veltman stoar yn 2020 oan COVID-19 yn de âldens fan 71 jier. De gong fan saken fan de EVA London 2020 Conference wie oan syn neitins wijd, mei in lofrede fan ûnder oaren syn kollega Carl Smith.

Stúdzjes oer Leonardo da Vinci

bewurkje seksje

Yn it boek Studies on Leonardo da Vinci I: Linear Perspective and the Visual Dimensions of Science and Art, út 1986 jout Veltman in nije evaluaasje fan it wurk fan Leonardo da Vinci troch him te konsintrearjen op "Leonardo's fisuele foar syn ferbale úterings oer."

Virtual Maastricht McLuhan Institute

bewurkje seksje

It Virtual Maastricht McLuhan Institute (VMMI) is in ynstitút foar nije media, neamd nei de Kanadeeske filosoof Marshall McLuhan (1911-1980). It ynstitút is ferbûn oan de Universiteit fan Maastricht en waard yn 1998 stichte as Maastricht McLuhan Institute en krige syn nije namme yn 2004.

It ynstitút ûndersiket de "histoaryske effekten fan nije media op it trivium (grammatika, logika en retoarika) en it kwadrivium (geometry, astronomy, aritmetika en muzyk) - oftewol de keunsten en wittenskippen - en ymplikaasjes foar dy effekten op kennis en kultuer doe en no. It VMMI stelt út dy ferkenningen fuort te setten mei in nije fokus: "kennisorganisaasje en kulturele ynformatika".

Publikaasjes (ûnfolslein)

bewurkje seksje
  • Veltman, Kim H.; Keele, Kenneth David (1986), Studies on Leonardo da Vinci I: Linear perspective and the visual dimensions of science and art, 1, Munich: Deutscher Kunstverlag, ISBN 978-3422007734
  • Veltman, Kim H. (2006), Understanding new media: augmented knowledge & culture, University of Calgary Press, ISBN 978-1552381540
  • Veltman, Kim H (1986), Perspective, anamorphosis and vision
  • Kim H. Veltman (1997), Frontiers in Electronic Media, Interactions Journal of the ACM,
  • Veltman, Kim H. (2001), Syntactic and semantic interoperability: new approaches to knowledge and the semantic web, New Review of Information Networking
  • Veltman, Kim H. (2006), Towards a semantic web for culture, Journal of Digital Information 4.4
  • Veltman, Kim H. (2014), Alphabets of Life

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: