Kleine Beer Brouwerij

Kleine Beer Brouwerij is in bierbrouwerij yn De Lemmer, is oprjochte yn 2013 troch Bernd Beersma en Christel Tijenk en is oansletten by CRAFT.

De brouwerij is ferneamd nei de namme fan de brouwer: Beersma, bynamme Beertje, wylst ek it Ingelske wurd foar bier (beer) yn de namme fan de brouwerij ferwurke is. De brouwerij sit yn it wenhûs fan de brouwer. De brouwerij wurdt yn it wurk holden mei Marcel Top, wurksum as kok yn The British Pub. Yn 2016 ferhuze de brouwer nei in wenbuorkerij yn Spangea, ûnder De Lemmer. Yn 2017 waad dêr ek in hoptún oanlein.

Hjoed-de-dei

bewurkje seksje

De bieren wurde ûntwikkele yn de eigen brouwerij, mar de gruttere partijen wurde earne oars broud. Oant 2019 is in soad broud by Admiraals Bierbrouwerij en de Sallandse Landbier Brouwerij út Albergen, dêrnei benammen by Het Brouwdok en Rock City Brewing út Amersfoart. Mei Rock City Brewing binne yn de rin fan de jierren ferskate collaboration brews makke.

  • Beer uit Lemmer - Blond
  • LE-4- Dubbel
  • De Toer - Triple

Keppeling om utens

bewurkje seksje