Koelesyrje
Koelesyrje of Selesyrje (Aldgryksk: Κοίλη Συρία, Koílē Syría, 'It Holle Syrje'; Latyn: Cœlē Syria of Cava Syria) wie in gea yn Syrje yn de Klassike Aldheid. It wurd komt nei alle gedachten fan it Arameeske wurd foar "hiel-Syrje", mar it waard almeast brûkt foar de Bekadelling tusken de berchtmen fan de Libanon en Anty-Libanon yn. It gea is part fan it hjoeddeistige Libanon en Syrje.
Koelesyrje Regio fan it Masedoanyske Ryk/Ptolemeeske Ryk/Seleusidyske Ryk/Keninkryk Armeenje | |
---|---|
0332 f.Kr. - 64 f.Kr. | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Antiochje |
offisjele taal | Arameesk, Fenisysk, Gryksk, Hebriuwsk, ensfth. |
steatsfoarm | |
ûntstien út | • Eber Nari • Achmenidysk Fenysje • Jehûd (Perzyske provinsje) |
opgien yn | • Hasmoneeske keninkryk • Romeinsk Syrje • Dekapolis • Keninkryk fan Sjalkis |
no diel fan | • Israel • Jordaanje • Libanon • Palestina • Syrje |
Namme
bewurkje seksjeDe term "Koele" (Cœle) komt nei alle gedachten fan it Arameeske kul dat "alles/hiel" betsjut en mei "Koelesyrje" waard oarspronklik hiel Syrje mei oantsjutten. Yn it Aldgryksk it wurd "Koele" betsjut "hol", en dêr waard fan tocht dat it om de "holle" Bekadelling, tusken de berchtmen fan de Libanon en Anty-Libanon, gie. Lykwols de oantsjutting "Koelesyrje" waard ek wol brûkt foar "Hiel-Syrje" of "Syrje sûnder Fenysje", neffens de skriuwers Plinius de Aldere, Arrianus en Ptoleméus. Diodoros fan Sisylje tinkt dat Koelesyrje oant Joppa rûn en Polybios tinkt dat de grins tusken Koelesyrje en Ptolemeesk Egypte likernôch by de hjoeddeistige grins fan Egypte lei.
De earste en iennige offisjele gebrûk fan de nammen wie yn it tiidrek fan de hearskippij fan it gea fan it Seleusidyske Ryk tusken om 200 f.Kr. hinne oant 64 f.Kr. Yn dy tiid waarden de oantsjuttings "Koelesyrje en Fenysje" of "Koelesyrje" yn in nauwer ferbân brûkt as ferwizing nei it gebiet dat earder ûnder Ptolemeesk hearskippij wie, mar letter oergie nei it Seleusidyske Ryk. Dat wie it gebiet besuden de rivier de Eleuterus, sa't dat troch Strabo en de Boeken fan de Makkabeeërs neamd waard. Grykske skriuwers brûkten lykwols de namme Palestina foar it gebiet yn dy tiid. Dy oantsjutting waard troch Herodotus om 450 f.Kr. hinne brûkt. Letter yn de Romeinske tiid, om 350 n.Kr. hinne, skreau Eunapius dat de Seleusidyske stêd Antiochje, benoarden de Eleuterus, de haadstêd fan Koelesyrje (Coele Syria) wie.
Skiednis
bewurkje seksjeIt is mooglik dat Koelesyrje en Fenysje as ien satrapy foarme binne sûnt de hearskippij fan de Ptolemeeërs. It feit dat Ptolemeüs I dêrfoar keas en keppelje de namme Koelesyrje oan Fenysje, wylst dat mar in lyts part fan Syrje omfieme, soe bewize kinne dat er fan doel wie en anneksearje it gebiet. Yn de Fyfde Syryske Kriich, dy't troch Antiochus III de Grutte wûn waard, kaam gâns Syrje ûnder Seleusidysk bewâld. De nije oermastere gebieten nammen offisjeel de nammen "Koelesyrje en Fenysje" oan om ûnder it gesach fan in strategos pleatst te wurden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |