Koepeltsjerke (Smilde)
De Koepeltsjerke is de tsjerke fan de protestantske gemeente fan Smilde. De monumintale tsjerke waard yn 1788 troch de gemeente yn gebrûk nommen en is in ryksmonumint.
Koepeltsjerke
Koepelkerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Midden-Drinte | |
plak | Smilde | |
adres | Veenhoopsweg 13 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1780-1788 | |
arsjitekt | Abraham Martinus Sorg | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 34003 | |
offisjele webside | ||
Protestanske gemeente Smilde |
Skiednis
bewurkje seksjeIt graven fan it kanaal fan Meppel nei Assen yn de jierren 1767-1780 liede ta de stifting fan nije feankoloanjes lykas Hijkersmilde en Kleasterfean. It ôfgraven fan it fean smiet in soad jild op en doe't de bewenners fan de koloanjes fregen om de bou fan in nije tsjerke waard dêr al gau tastimming foar jûn. Op 5 july 1786 waard yn it doedestiidske Hijkersmilde de earste stien lein foar de nijbou neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Abraham Martinus Sorg. Troch it útbrekken fan de Fjirde Ingelsk-Nederlânske Kriich en in skeel tusken de arsjitekt en de oannimmer duorre de foltôging fan de tsjerke noch oant 1788.
De tsjerke fan Hijkersmilde tsjinne letter ta foarbyld foar de bou fan de Koepeltsjerke yn Feanhuzen.
Mei de ôfskieding fan 1834 rekke de tsjerke in soad leden kwyt, mar nei it begjin fan it Samen-op-Wegproses wie de tsjerke wer te lyts. De grifformearde en de herfoarme gemeenten fusearren yn 2007 ta de Protestanske gemeente Smilde.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt Loadewyk XVI-ynterieur fan de achthoekige tsjerke datearret foar it measte noch út de boutiid en is neffens de easken fan in typyske protestantske preektsjerke út dy tiid: it bankenplan oriëntearret him op de preekstoel yn de dooptún. De oarspronklike banken binne yn jannewaris 1981 út de tsjerke helle en ferfongen troch banken dy't ôfkomstich binne út de Eusebiustsjerke fan Arnhim. Se binne fersierd mei bibelske motiven. Tusken de fjouwer pylders binne rûnom galerijen ynboud.
Oargel
bewurkje seksjePlannen foar de gemeente om in oargel te bouwen bestiene der al sûnt 1827, mar net earder as yn de jierren 1840-1841 boude Petrus van Oeckelen it oargel fan de tsjerke. Op snein 26 desimber 1841 waard it ynstrumint yn gebrûk nommen. Soannen fan Van Oekelen renovearren it oargel yn 1895 en feroaren de disposysje. Yn 1955 en 1998 wurke de firma Flentrop oan it ynstrumint. Yn de jierren 2016-2017 ûndergyng it ynstrumint in grutte restauraasje, dy't ûnder advys fan Theo Jellema útfierd waard troch Adema út Hillegom.[1]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|