Kalkutta

(Trochferwiisd fan Kolkata)
Kalkutta
Kolkata

Lân: flagge fan Yndia Yndia
Dielsteat: West-Bengalen
Koördinaten: 22° 34′ NB, 88° 21′ EL
Oerflak: 185 km²
Befolking: 5.080.519 (2009)
Befolkingstichtens: 27.462 km²
Stêdekloft: 15.414.859 ynwenners
Hichte: 9 meter boppe seespegel
Boargemaster: Bikash Ranjan Bhattacharya
Hiemside: www.kolkatamycity.com

Kalkutta (Bingaalsk: কলকাতা, Kolkata; oant 1 jannewaris 2001 offisjeel Ingelsk: Calcutta) is in stêd yn Yndia, it is de haadstêd fan de dielsteat West-Bingalen. Kalkutta leit oan de east-igge fan de rivier de Hooghly.

Yn Kalkutta wenje likernôch 4.580.544 ynwenners (2001) en yn de heule stêdekloft om de stêd hinne wenje 13.216.546 minsken (2001). Hjirmei is it de op twa nei grutste stêd fan it lân nei Bombay en Delhi en de njoggend grutste stêdekloft fan de wrâld nei de definysje fan de Feriene Naasjes.[1]

Kalkutta is in yndustrystêd en in ferkearsknooppunt. Der is in soad kultuer yn de stêd mei universiteiten, teaters, bioskopen, museums en galeryen. Lykas oare grutte stêden yn Yndia hat Kalkutta te krijen mei earmoed, fersmoarging en ferkearsopstoppingen.

De namme is in ferbastering fan Kalikshetra: “It fjild fan Kali”.

De namme waard yn 2001 offisjeel feroare fan Kalkutta nei Kalkutta. De stêd waard altyd al sa neamd yn it Bengaalsk, Kalkutta is eins in feringelsking fan de namme. Yn de westerske wrâld is Kalkutta bot ynboargere, dat de Nederlânske Taaluny riedt it gebrûk fan de âlde namme oan.

 
Kaart fan Kalkutta yn 1888.

By fynsten fan it deunby Kalkutta leine Chandraketugarh, in archeologysk fynplak, hat bewezen dat der al mear as twatûzen jier minsken wenje yn de omkriten. De moderne skiednis fan Kalkutta begjint mei de oankomst fan de Ingelske Eastyndyske Kompanjy yn 1690. Job Charnock, in wurknimmer fan de Kompanjy wurdt wol sjoen as de stifter fan de stêd. Alhoewol’t guon akademisy dat tsjinsprekke.

Yn dy tiid bestie Kalkutta út trije doarpen, ûnder it bewâld fan de Nawab fan Bengalen Siraj-Ud-Daulah. De doarpen wienen Kalikata, Govindapur en Sutanuti. Yn de tiid dat de Britten dêr oankamen wienen de Portegezen en Nederlanners dêr ek al warber.[2] De Britten woenen yn 1696 yn de omkriten fan Gobindapur in fort bouwe om harren te beskermje tsjin de oare machten. Yn 1702 wie it fort ree, it krige de namme Fort William en waard brûkt as basis foar de soldaten en in regionale basis. Kalkutta waard in stêd fan Britsk Yndia en waard it haarkertier fan de Bengaalske part dêrfan. Doe’t der geregeld fochten waard mei Frankryk, waarden de forten yn 1756 fersterke. De lokale befolking wie hjir net bliid mei en foelen Fort William oan. Dit laad ta it Black Hole ynsidint. In leger fan de Kompanjy en it Britske leger, ûnder lieding fan Robert Clive, oermasteren de stêd in jier letter werom. Kalkutta waard de haadstêd fan Britsk Yndia yn 1772. Richard Wellesley, de Gûverneur-generaal fan 1797 oant 1805, hat in soad betsjutte foar de stêd wat it waaksjen fan de stêd en de arsjitektuer fan de stêd oanbelanget. Kalkutta krige dêrom letter de namme “Stêd fan de Paleizen”. De stêd wie it sintrum fan de hannel yn opium troch de Britske Eastyndyske Kompanjy yn de 18e en 19e iuw, dat lokaal produsearre waard en ferkocht waard yn Kalkutta om ferskipt te wurde nei Sina.

Yn 1912 waard it regear fan Kalkutta nei Delhi ferhuze, dat de stêd ferlearn in soad oan politike macht. Mar it die gjin ôfbraak oan de ekonomyske posysje fan de stêd, oant it stuit dat East-Pakistan, it hjoeddeiske Bangladesj, ûnôfhinklik waard. Benammen de oanfier fan jute, dat de ekonomy fan de stêd oan de gong huld, kaam stil te lizzen.

 
De rivier Hooghly en KKalkutta olkata yn 1945.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd en syn haven bombardearre troch de Japanners.[3] Dat barde foar it earst op 20 desimber 1942, en foar it lêst op 24 desimber 1944. Yn de kriich ferstoarnen miljoenen minsken by de Bengaalske Hongersnead fan 1943. Yn 1946 kaam it ta in opstân fan de moslimmienskip, se woenen in moslimsteat stiftsje, dit laad ta in soad geweld wêryn 4.500 minsken om it libben kamen.[4] De Dieling fan Yndia hie as gefolch dat der in grut folkerfarren op gong kaam, grutte mannichten moslims ferfarren nei East-Pakistan, wylst hûnderttûzenen hindûs nei de stêd flechten.

De jierren ’60 en ’70 fan de 20e iuw wienen de jierren fan elektrisiteitstekoarten, stakings en de opkomst fan de gewelddiedige beweging de Naxalities, dit allegear hie as resultaat dat de ynfrastruktuer skansearre rekke en de ekonomyske groei stagnearre. Yn 1971 kaam de ynfrastruktuer bot ûnder druk te stean nei dat tûzenen minsken nei de stêd flechten fanwegen de oarloch tusken Yndia en Pakistan fan dat jier. Kalkutta waard healwei de tachtiger jierren ynhelle troch Bombay as grutste stêd fan Yndia.

Kalkutta is in grut kommunistysk bolwurk, West-Bengalen wurdt al 32 jier regeare troch in kommunistyske partij, it is de wrâlds langst regearjende demokratysk keazen kommunistysk bestjoer.[5] Stadichoan komt de stêd der wer boppe op. Nei de ekonomyske herfoarming yn Yndia yn healwei de jierren ’90 soarge foar groei. Sûnt 2000 hat de IT-sektor him setten yn de stêd, dizze sektor groeit mei 70% it jier, wêrtroch de ekonomy fierder groeie kin. Ek komt der in soad produksje wurk nei de stêd.[6]

 
Satellytfoto fan Kalkutta.

Kalkutta is lein yn de Gangesdelta, oan de rivier de Hooghly op in hichte fan 1,5 oant 9 meter boppe de seespegel. Oan de oare kant fan it wetter leit Haora, de grutste foarstêd fan Kalkutta en faak ek de twalingstêd fan Kalkutta neamd.

In grut part fan de stêd is oarspronklik in útstrekte sompegebiet, dat yn de rin fan de iuwen drûchlein is om romte te meitsje foar de waaksende befolking. It Nasjonaal park Sundarbans skiedt it stêdlik gebiet fan de Golf fan Bengalen, 154 súdlik fan Kolkota.

Yn de simmermoannen, maaie/juny, leit de temperatuer yn de stêd trochstrings tusken de 26 en de 42 graden selsius. Yn de wintermoannen, desimber/jannewaris, leit de temperatuer trochstring tusken de 8 en 26 graden selsius.

Waartabel[7]
Jan Feb Mrt Apr Mai Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Jier
Trochnseed
temp. heech (°C)
26,6 29,7 34,0 36,3 36,0 34,1 32,2 32,0 32,2 31,9 29,8 27,0 31,8
Trochnseed
temp. leech (°C)
13,9 16,9 21,7 25,1 26,4 26,5 26,1 26,1 25,8 24,0 18,9 14,3 22,1
Trochnseed
Delslach(mm)
16,8 22,9 32,8 47,7 101,7 259,9 331,8 328,8 295,9 151,3 17,2 7,4 1614,2
Trochnseed
Reindagen
0,9 1,5 2,3 3,0 5,9 12,3 16,8 17,2 13,4 7,4 1,1 0,4 82,2
 
Drokte yn de strjitten fan Kalkutta.
 
VIP Road, de dyk dy't it fleanfjild mei Kalkutta ferbynt.
 
Gearkomst fan de kommunistyske partij.
 
St. Pauls Cathedral.
 
Yndysk Museum.
 
De Dakshineswar Kali Timpel.

De befolking fan Kalkutta hat him sûnt de 18e iuw sterk ûntwikkele. Yn 1710 libben der likernôch 12.000 minsken yn de stêd, en yn 1831 wie dat al groeit nei 187.000. Yn 1930 waard de grins fan in miljoen ynwenners slachte. Sûnt dy tiid hat him dat ferfjouwerdûbele nei in ynwennertal fan 4,58 miljoen minsken by de folkstelling fan 2001. De befolkingstichtens leit op 26.805 minsken de kante kilometer. It hjoeddeiske ynwennertal wurdt rûsd op 5,02 miljoen.

It grutste part fan de ynwenners is fan Bengaalske komôf, mar ek libje der minsken fan Sineeske, Tamyl, Armeenske, Tibetaanske en Persyske komôf. De meastsprutsen talen yn de stêd binne it Bengaalsk, Urdu, Hindy, Ingelsk en Bhojpuri.

Understeande giet oer it ynwennertal fan Kalkutta sûnt 1710. Oant 1839 giet it om rûzings, fan 1872 oant 2001 giet it om folkstellingen. It getal fan 2008 is in rûzing.

        Jier         Ynwenners
1710 12.000
1737 20.000
1757 45.000
1831 187.000
1839 229.000
1872 633.009
1881 612.307
1891 682.305
1901 847.796
1911 896.667
Jier/Datum Ynwenners
1921 907.851
1931 1.163.771
1941 2.108.891
1 maart 1951 2.548.677
1 maart 1961 2.927.280
1 april 1971 3.148.746
1 maart 1981 3.305.006
1 maart 1991 4.399.819
1 maart 2001 4.580.544
1 jannewaris 2008 5.021.458

It meastepart fan de ynwenners fan Kalkutta is hindoe, ek is der noch in grut part dat de islaam oanhinget. De oare leauwen komme net boppe it persint út.

Befolking nei godstsjinst (2001)
Ynwennertal Tal yn %
hindoes 3.552.274 77,68
moslims 926.769 20,27
kristenen 40.218 0,88
jaïna's 20.859 0,46
sikhs 15.599 0,34
boedisten 6.445 0,14
oaren 2.179 0,05
gjin leauwe 8.533 0,19
totaal 4.572.876 100,00

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

De gemeente en de stêd Kolkota falt gear mei it distrikt Kalkutta. De stêdekloft leit fierder ferspraat oer de distrikten Uttar 24 Parganas, Dakshin 24 Parganas, Hooghly en Haora.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Kalkutta is it sintrum fan de Yndyske yntellektuelen en de keunst. De winner fan Nobelpriis foar de Literatuer fan 1913, Rabindranath Thakur (1861-1941) wurke hjir, lykas Mem Teresa (1910-1997), dy’t ek yn it westen ferneamd is. Se wûn yn 1979 de Nobelpriis foar de Frede. Ek de fisikus Satyendranath Bose (1894-1974) hat yn Kalkota wenne.

De Yndyske Nasjonale bibleteek, museums en teaters-, muzyk- en filmyndustry binne fierdere ûnderdielen fan de keunst en kultuer fan de stêd. Der binne universiteiten, wêroan wichtich ûndersyk dien wurdt.

  • Yndyske Museum (Indian Musem)
  • Calcutta Gallery
  • Fort William
  • Victoria Memorial
  • St. Paul’s Cathedral
  • Marble Palace
  • Timpel Kalighat
  • Haorabrêge

Kolkota hat stêdebannen mei:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The 30 largest urban agglomerations ranked by population size, 1950-2015, Feriene Naasjes (sjoen op 16 desimber 2009)
  2. History of Kolkata KolkataMyCity.com (sjoen op 17 desimber 2009)
  3. The bombing of Calcutta by the Japanese, BBC, 15 septimber 2005 (sjoen op 17 desimber 2009)
  4. Calcutta, OntdekIndia.nl (sjoen op 17 desimber 2009)
  5. Dertig jaar democratisch gekozen communisme, De Volkskrant, 22 juny 2007 (sjoen op 17 desimber 2009)
  6. Rising Kolkata’s winners and losers, BBC Radio4, 22 maart 2006 (sjoen op 17 desimber 2009)
  7. WMO: World Weather Information Service