Koreaanske Oarloch

(Trochferwiisd fan Koreaanske kriich)

De Koreaanske Oarloch of Koreä-oarloch wie in konflikt tusken it kommunistyske Noard-Koreä en Súd-Koreä yn it tiidrek fan de Kâlde kriich. It konflikt sette útein mei in oanfal fan Noard-Koreä op Súd-Koreä yn juny 1950 en einige yn july 1953 mei in wapenstilstân. Belutsen lannen wienen de Feriene Steaten ûnder de flagge fan de Feriene Naasjes+ oan de iene kant en kommunistysk Sina en de Sowjet-Uny oan de oare kant.

Etiopyske FN-soldaten
f.l.n.r: korporaal Alema Welde, korporaal Chanllo Bala en sersjant-majoar Bogale Weldeynse
It ferrin fan de Koreä-oarloch

Koreä hie sûnt 1905 troch Japan beset wêst. Nei de Twadde Wrâldkriich wie it noardlike part troch de Sowjet-Uny beset en it súdlike troch de Feriene Steaten. De 38e breedtegraad foarme de grins tusken beide Koreä's. De besetters wienen oerienkomd dat beide lannen by elkoar komme soene ta ien Koreä. Lykwols waard nei de ein fan de besetting troch de twa grutte mogendheden yn Noard-Koreä in kommunistysk rezjym ynsteld en krige Súd-Koreä in mear demokratysk bestjoer. Noard-Koreä waard stipe troch de Sowjet-Uny, wylst Súd-Koreä troch de Amerikanen oan har lot oerlitten waard. Dêrom besleat de Noardkoreaanske regearingslieder Kim Il Sung om it suden te oermasteren.

It ferrin fan de Kriich

bewurkje seksje

Op 25 juny 1950 bruts de kriich út doe't Noardkoareaanske troepen Súd-Koreä ynfoelen. De feilichheidsrie fan de Feriene Naasjes naam in resolúsje oan dêr't de leden yn oantrune waarden Súd-Koreä te stypjen. Dat koe lykwols net ferhinderje dat de Noardkoreanen yn septimber 90% fan Súd-Koreä yn hannen hienen. De striidkrêften fan de Feriene Naasjes, dy't benammen gearstald wienen út Amerikaanske ienheden en ûnder befel stienen fan generaal MacArthur (nei april 1951 fan Ridgway), fierden ferfolgens lanningen út yn de rêch fan it Noardkoreaanske leger, dat fuort dêrop ynstoarte. Sineeske frijwilligers kamen de Noardkoreanen te help. En tegearre dreaunen sy de troepen fan de Feriene Naasjes wer tebek. De striid lokalisearre him dêrnei om de 38ste breedtegraad hinne.

Op 10 july 1951 waard begûn mei ûnderhannelingspetearen oer in wapenstilstân dy't earst op 13 juny 1953 ta oerienstimming late. By it front lâns waard in demarkaasjeline fêststeld, dy't foar Súd-Koreä geunstiger wie as de 38ste breedtegraad.

It lân wie troch de oarloch yngreven ferwoaste. Oan Súdkoreaanske side sneuvelen 450.000 soldaten en by de Noardkoreanen 1.3 miljoen. Neffens de wapenstilstânoerienkomst soe in politike konferinsje folgje, dêr't oer it byinoar bringen fan it lân yn beslist wurde moast. De konferinsje wie in jier letter, mar smiet gjin resultaten op.

Sûnt de oarloch steane de legers fan de twa lannen noch hieltyd each yn each foar elkoar oer by de demilitarisearre sône, in soart fan Izeren gerdyn dat de twa lannen fan elkoar skiedt. Oer en wer hawwe wol foarsichtige besikings west de beide steaten wat tichter byelkoar te krijen. Under mear is der in regeling foar familys om elkoar te besykjen. Troch politike friksjes hat dy regeling nochal ris bûten wurking steld west.

De Koreaanske Oarloch wurdt ek wol de ferjitten kriich neamd, omdat er yn it skaad leit fan sawol de Twadde Wrâldoarloch as de Fietnamkriich. De oarloch wie lykwols bluodderich genôch om him syn plak yn de skiednis te jaan.

Keppeling om utens

bewurkje seksje