Krústocht yn Spikerbroek

Krústocht yn Spikerbroek, yn it oarspronklike Nederlânsk: Kruistocht in Spijkerbroek, is in ferneamd berneboek fan 'e hân fan 'e Nederlânske skriuwster Thea Beckman (1923-2004). It is in histoaryske roman, dy't foar it earst publisearre waard yn 1973, en dy't oer de bernekrústocht fan 1212 giet. Beckman wûn der yn 1974 de Gouden Griffel en yn 1976 de ynternasjonale Prix de la Divulgation historique mei. Yn 2005-2006 waard it boek ferfilme troch regisseur Ben Sombogaart ûnder de titel Crusade in Jeans. Yn it seizoen 2008-2009 fierde it Nationaal Jeugd Musical Theater in op it boek basearre musikal op. De Fryske fertaling fan it boek, troch oersetter Jan de Jong, waard útjûn yn 1992.

Krústocht yn Spikerbroek
algemiene gegevens
oarspr. titel Kruistocht in Spijkerbroek
auteur Thea Beckman
taal Nederlânsk
foarm roman
sjenre berneboek, science fiction,
histoaryske roman
1e publikaasje 1973, Rotterdam
oarspr. útjwr. Lemniscaat
prizen Gouden Griffel 1974
kodearring
ISBN 9 06 06 91 679
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Krústocht yn Spikerbroek
publikaasje 1992, Ljouwert
útjouwer Afûk
oersetter Jan de Jong
ISBN oers. 9 06 27 34 391

Dolf Wega is in jonge fan fyftjin dy't him as frijwilliger oanmeldt foar in eksperimint mei in tiidmasine. It eksperimint mislearret lykwols, en Dolf strânet yn 'e Dútske stêd Spiers, yn it jier 1212. Hy slút him oan by de bernekrústocht dy't dêr foarby komt. Dy wurdt laat troch de hoedersjonge Nikolaas, dy't nei't er sels leaut troch God útkard is om in hillich berneleger nei Jeruzalim ta te lieden. As hja by Genua oan 'e kust komme sille, sa mient er, sil de Middellânske See foar him spjalte krekt sa't de Skelfsee dat die foar Mozes, en dan sil er de bern oer de seeboaium nei it Hillige Lân ta liede, dêr't de Sarasenen foar harren ûnskuld op 'e flecht slaan sille.

Dolf leat dêr neat fan, mar hy hat mei de bern te dwaan, en wit Nikolaas en dy syn beide liedsju, de mûntsen Anselmus en Jehannes, te bepraten om 'e krústocht better te organisearjen. Dêrmei wit er in reafûnkepidemy safolle mooglik te beheinen, en de bern by Rottweil fan 'e hongerdea te rêden. Mei syn tweintichste-iuwske kennis liedt er ek de oertocht oer de Alpen yn goede banen, en op in stuit makket en brûkt er sels it doedestiden noch net útfûne buskrûd om in part fan 'e bern te befrijen út 'e finzenskip fan 'e greve fan Scharnitz. Dat komt him op beskuldigings fan ketterij en hekserij te stean, mar by in folksgerjocht helpe syn freonen him om dêrfan frijsprutsen te wurden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Lykwols is Dolf syn posysje yn 'e krústocht tsjin dy tiid o sa wif wurden, mei't Nikolaas him as in bedriging foar syn eigen liederskip sjocht, en Anselmus en Jehannes in jonge dy't krekt wat téfolle wit en net yn harren mearke oer de befrijing fan Jeruzalim leauwe wol, leaver kwyt as ryk binne. Fral Anselmus wurdt in fijân fan Dolf.

 
Thea Beckman yn 1974.

As de bernekrústocht by Genua oankomt, bychtet Jehannes, dy't wroege krigen hat, úteinlik oan Dolf op hoe't it echt sit. Neffens it plan fan Anselmus en himsels sille se oan 'e teloarstelde bern, foar wa't de see him fansels net spjaltet, oanbiede om harren dan mar mei skippen nei it Hillige Lân te farren. Mar as se ienris oan board binne, sile dy streekrjocht nei Noard-Afrika ta, dêr't de bern as slaven ferkocht wurde sille. Dolf stelt de bern fan dit snoade plan op 'e hichte, en Anselmus wurdt ûntmaskere, en neitiid troch de poerrazene bern lyncht.

De fraach is dan: hoeno? In tûzenmannich fan 'e bern keare ûnder begelieding fan Jehannes nei Dútslân werom, mar it meastepart tsjocht fierder, de Lears fan Itaalje yn. Mei't dat in skiereilân is, is it in dearinnend paad. Almar mear bern ferlitte de krústocht om yn Toskane en Umbrje in nij bestean op te bouwen. Noch ien kear rêdt Dolf de oerbleaune bern fan 'e greve fan Trasimeno. Einlings berikt it slinkende berneleger de stêden Bari en Brindisi, yn 'e Hakke fan 'e Lears. Dêr ûntdekt Dolf dat syn famylje him wanhopich troch de tiid hinne oan it sykjen is, en úteinlik wit er dan werom te kearen nei syn eigen tiid.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De 263 siden tellende Fryske oersetting fan Kruistocht in Spijkerbroek ferskynde yn 1992 ûnder de titel Krústocht yn Spikerbroek by de Afûk te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Jan de Jong (1921), dy't ek oare Nederlânsktalige wurken nei it Frysk ta oerbrocht hat, lykas Oarlochswinter, fan Jan Terlouw, en Styfmem Ierde, fan Theun de Vries.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Beckman, Thea, Krústocht yn Spikerbroek (oers. Jan de Jong), Ljouwert, 1992 (Afûk), ISBN 9 06 27 34 391.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.