Oarlochswinter, yn it oarspronklike Nederlânsk: Oorlogswinter, is in ferneamd berneboek fan 'e hân fan 'e Nederlânske natuerkundige, skriuwer en D66-politikus Jan Terlouw (1931). It is in histoaryske roman wêryn't it ferhaal ferteld wurdt fan in fyftjinjierrige jonge dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch op 'e Feluwe wennet, en yn it lêste oarlochsjier stadichwei behelle rekket yn 'e aktiviteiten fan 'e yllegaliteit. Oorlogswinter waard foar it earst publisearre yn 1972. Terlouw wûn der yn 1973 in Gouden Griffel mei, en yn 1974 in plak op 'e earelist fan 'e Hans Christian Andersen Award. Yn 1975 waard yn opdracht fan 'e VARA en ûnder rezjy fan Aart Staartjes de tillefyzjesearje Oorlogswinter oer it boek makke (sûnt 2006 op dvd ferkrijber), wylst yn 2008 de tige súksesfolle film Oorlogswinter, fan regisseur Martin Koolhoven, yn premiêre gie. De Fryske fertaling fan it boek, troch oersetter Jan de Jong, waard útjûn yn 1986.

Oarlochswinter
algemiene gegevens
oarspr. titel Oorlogswinter
auteur Jan Terlouw
taal Nederlânsk
foarm roman
sjenre oarlochsroman, berneboek
1e publikaasje 1972, Rotterdam
oarspr. útjwr. Lemniscaat
prizen Gouden Griffel 1973
kodearring
ISBN 9 06 06 91 180
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Oarlochswinter
publikaasje 1986, Ljouwert
útjouwer Afûk
oersetter Jan de Jong
ISBN oers. 9 06 27 33 14X

Under de Dútske besetting fan Nederlân yn 'e Twadde Wrâldoarloch wennet de fyftjinjierrige Michiel van Beusekom mei syn âldelju en syn âldere suster Erica yn it fiktive Noardfeluwske doarp De Vlank. Yn 'e lêste oarlochswinter, fan 1944 op 1945, kin er net mear yn Swol nei skoalle, om't it fanwegen de Alliëarde loftoanfallen te gefaarlik is om mei de trein te gean en om't syn fyts gjin luchtbannen mear hat. Dan jout syn âldere buorjonge Dirk him op in kear in brief oer. Dirk fertelt him dat er mei in stikmannich oaren fan doel is en oerfal in distribúsjekantoar. Mocht er net weromkomme, dan moat Michiel it brief trochspylje oan in Bertus van Gelder. De oerfal mislearret yndie alderraarst, mar behalven Dirk wurdt ek dyselde Bertus troch de Dútsers pakt. Michiel makket dan it brief sels mar iepen. It docht bliken dat Dirk yn in skûle yn 'e bosk in ferwûne Ingelske piloat ferberget, en yn it brief freget er Bertus om 'e soarch foar de man oer te nimmen. Dêrop beslút Michiel dat it no oan him tafalt om 'e piloat te fersoargjen. Dat docht er sa goed as er kin. De piloat blykt fan Jack te hjitten. Michiel belûkt syn suster Erica derby, mei't dy in EHBU-kursus folge hat, en sy en Jack reitsje fereale opinoar.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As de Dútsers ien fan harren soldaten dea fine, sjitte se by wize fan represaillemaatregel fiif ûnskuldige gizelders dea. Under dy fiif manlju is ek Michiel syn heit, dy't de boargemaster fan De Vlank is. Hy wie troch de Dútsers mei sin útkeazen, mei't se, no't hy út 'e wei romme is, in NSB-er yn syn plak beneame kinne. Troch de moard op syn heit jout Michiel him mear as tefoaren by de yllegaliteit. Sa set er mei help fan 'e baronesse en in fearman in pear Joaden de Isel oer. Neitiid wurdt lykwols de fearman oppakt, wylst de baronesse har oan 'e dea ta tsjin har arrestaasje ferset. Michiel beseft dat der in ferrieder wêze moat, en hy fertinkt Schafter, dy't oates en toates by de Dútsers omhinget en fan wa't er ûntdekt dat it dêropta ek noch in NSB-er is. Michiel oerleit syn swierrichheden mei de iennichste persoan dy't er folslein fertrout, omke Ben. Dat is net inkeld in goede freon fan 'e famylje, mar ek ien dy't al fan it earste begjin ôf by it ferset sit. Tegearre bepankoekbakke se in plan om Schafter yn 'e fal te lokjen, mar de man blykt te snoad om dêr yn te traapjen.

 
Jan Terlouw.

Underwilens hat buorjonge Dirk witten te ûntsnappen doe't er mei it spoar oerpleatst waard, mar yn it konsintraasjekamp Amersfoart is er foartiid slim tramtearre, en hy is slim ferwûne oan beide fuotten. Dat er dochs nei hûs ta rûn is, hat syn tastân bepaald net better makke. Michiel bringt him ûnder yn deselde skûle dêr't ek Jack sit, en om oan genôch iten te kommen, freget er buorfrou, Dirk syn mem, om eltse wike in itenspakket foar har soan klear te meitsjen. Jack is sa stadichoan wer aardich opknapt, en as it maityd wurdt, wol er werom nei befrijd gebiet, om 'e striid wer op te nimmen. Tegearre mei omke Ben tinkt Michiel in plan op om Jack fuort te smokkeljen.

Mar krekt as omke Ben en Erica Jack ophelje sille út 'e skûle, kringt ynienen ta Michiel troch dat Schafter de ferrieder net wêze kin, om't dy ûnmooglik alles witte kinnen hie. De iennichste dy't alles wól wist, om 'e ienfâldige reden dat hysels alles oan him trochblebke hie, is omke Ben. Dan docht bliken dat omke Ben in fanatyk nazy is, dy't no op it punt stiet om Jack by de Dútsers ôf te leverjen. Michiel-en-dy witte omke Ben te oermasterjen, mar hy ûntkomt. Ear't er lykwols de hiele saak by de Dútsers oanbringe kin, komt er by tafal om it libben by in Alliëarde loftoanfal. Nei de befrijing docht bliken dat de wrâld hiel oar yninoar stekt as dat Michiel tocht hie. De "fersetshelden" Dries Grotenhorst en omke Ben blike respektivelik in swarthannelder en in ferrieder te wêzen, wylst in beskieden skoalmaster de wiere lieder fan it ferset is, en de NSB-er Schafter Joadske ûnderdûkers yn 'e hûs hie.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De 175 siden tellende Fryske oersetting fan Oorlogswinter ferskynde yn 1986 ûnder de titel Oarlochswinter by de Afûk te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Jan de Jong (1921), dy't ek oare Nederlânsktalige wurken nei it Frysk ta oerbrocht hat, lykas Krústocht yn Spikerbroek, fan Thea Beckman, en Styfmem Ierde, fan Theun de Vries.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Terlouw, Jan, Oarlochswinter (oers. Jan de Jong), Ljouwert, 1986 (Afûk), ISBN 9 06 27 33 14X.


Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.