Kristlike Muzykferiening Oranje (Minnertsgea)

De Kristlike Muzykferiening Oranje Minnertsgea is in fanfare-orkest út Minnertsgea dat oprjochte waard yn febrewaris 1894. De muzykferiening hat neist it fanfare-orkest en de drumfanfare ek noch in majorettepeloton en in jeugdfanfare.

Kristlike Muzykferiening Oranje
Christelijke Muziekvereniging Oranje
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening (muzykkorps)
wurkmêd fanfare
fêstige yn Minnertsgea
oprjochte 1894
tal leden 125 (2019)
offisjele webside
www.oranje-minnertsga.nl

Skiednis bewurkje seksje

Fanfare-orkest bewurkje seksje

Nei in konsert fan in muzykferiening út Warkum yn Minnertsgea besleat in tsiental leden fan de jongereinferiening "Fraternitas" út Minnertsgea in fanfare op te rjochtsjen. De destiidske keninginne Wilhelmina fan de Nederlannen donearde by de oprjochtingfyftich gûne foar de oanskaf fan ynstruminten, dat ferklearret de namme "Oranje". Yn it earstoan waard it haad fan de legere skoalle yn Minnertsgea ek ûnder wizer fan de fanfare en earste dirigint.

Letter waard J.M. Spitter dirigint fan de fanfare en mei him ferbettere him it muzikaal nivo sadat se yn de rin fan de jierren promovearre nei de ôfdieling ‘uitmuntendheid’. Nei Spitter naam Bouke de Jong yn 1928 plak op de bok. De Jong bleau 35 jier yn dizze funksje en de fanfare ûntwikkele him yn dizze perioade fierder. De eare-ôfdieling fan de Nederlânske Federaasje fan Kristlike Muzykbûnen (NFCM) waard berikte.

Sûnt augustus 1975 stiet de fanfare ûnder de fakbekwame lieding fan Jouke Hoekstra. Hy set de stiigjende line fan syn foargongers fuort. "Oranje" docht geregeld mei oan konkoersen yn binnen- en bûtelân.

Wrâld Muzyk Konkoers bewurkje seksje

Yn 1981 waard ûnder lieding fan Jouke Hoekstra meidien oan it njoggende Wrâld Muzyk Konkoers (WMC) yn Kerkrade yn de twadde ôfdieling fan de seksje fanfare. Mei 311 1/2 punten helle de fanfare in earste priis en waard twadde yn har ôfdieling. Fjouwer jier letter waard ek meidien oan it tsiende WMC yn Kerkrade, mar no yn de earste ôfdieling en helle ûnder Jouke Hoekstra 302 1/2 punten, goed foar in earste priis. By de dielname oan it 12e WMC yn Kerkrade yn 1993 waard, ek ûnder lieding fan Jouke Hoekstra yn de earste ôfdieling fan de seksje fanfare 329 punten helle, goed foar in earste priis mei lof fan de sjuery. Op it 13e WMC yn 1997 koe men him noch fierder ferbetterje op 333 1/2 punten, opnij in earste priis mei lof fan de sjuery. Op it 14e WMC yn 2001 wie it beoardielingsskema wyls feroare en der waard 92,3% berikt, wer goed foar in earste priis mei lof fan de sjuery yn de earste ôfdieling fan de seksje fanfare. Op it 15e WMC yn Kerkarde waard in skoare helle fan 89,33%.

Oare konkoersen en festivals bewurkje seksje

Yn 1995 waard by it federatyf konkoers fan de Nederlânske Federaasje fan Kristlike Muzykbûnen (NFCM) yn Sutfen it kampioenskip helle. By it ynternasjonaal konkoers yn it Dútske Rastede waarden yn 1996, 1998 en 2006 it heechste oantal punten helle fan alle dielnimmende orkesten, en in 2016 de earste priis yn de earste difyzje, mar waard net it heechste oantal punten helle. By in ynternasjonaal konkoers yn Nyborg yn Denemark yn 2003 waard in earste priis mei ûnderskieding helle.

Drumband/Drumfanfare bewurkje seksje

Yn 1954 waard der in drumband binnen de feriening oprjochte, letter kamen dêr in oantal sinjaaltrompetten by. De lieding wie yn hannen fan Jacob Jan Zoodsma út Minnertsgea. Yn novimber 2004 die de Drumfanfare, tegearre mei majorettes, mei oan in marskonkoers yn Schiedam. Der waarden mei harren prestaasje 85.15 punten helle wat op én nij promoasje betsjutte nei de earedifyzje.

Diriginten bewurkje seksje

Ynstrukteurs bewurkje seksje

  • 1954 - 1989 Jacob Jan Zoodsma
  • 1989-no Jan Zoodsma

Konsertreizen bewurkje seksje

Jier Lân Lokaasje
1996   Dútslân Ynternasjonaal Muzykfestival in Rastede
1998   Dútslân Ynternasjonaal Muzykfestival yn Rastede
1999     Switserlân Galakonsert by de Harmonie Biberist
2003   Denemark Ynternasjonaal Konkoers yn Nyborg
2006   Dútslân Ynternasjonaal Muzykfestival in Rastede
2016   Dútslân Ynternasjonaal Muzykfestival yn Rastede

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: