Krystfilm
In krystfilm is in film dy't oer de kryst giet en sadwaande ornaris yn 'e oanrin nei de krystdagen útbrocht wurdt en yn 'e bioskopen spilet, en yn lettere jierren ek faak mei de kryst op 'e tillefyzje útstjoerd wurdt. Men kin dan bygelyks tinke oan it grutte ferskaat oan ferfilmings fan 'e novelle A Christmas Carol, fan Charles Dickens. Guon (oare) foarbylden fan krystfilms binne:
Oer it algemien binne krystfilms famyljefilms, dy't gaadlik binne om sjoen te wurden troch sawol folwoeksenen as bern, mar der besteane ek kryst-aksjefilms, lykas Die Hard (1988) en Die Hard 2 (1990), en kryst-horrorfilms, lykas Santa's Slay (2005), All Through the House (2015) en Krampus (2015).
Fierders bestiet der noch in kategory films dy't eins gjin krystfilms binne, mar dy't dochs gauris mei de kryst útstjoerd wurde. Men kin dan tinke oan de Sissi-trilogy (1955-1957), The Sound of Music (1965), Willy Wonka & the Chocolate Factory (1971), Little Lord Fauntleroy (1980), Annie (1982), E.T. the Extra-Terrestrial (1982), Hachi: A Dog's Tale (2009), en Charlie and the Chocolate Factory (2005). Oare eins-net-krystfilms dy't mei de kryst en âld en nij in protte útstjoerd wurde, binne tekenfilms fan Disney (lykas Beauty and the Beast, The Lion King en Frozen) en fan oare filmstudio's (lykas Finding Nemo en films út 'e Ice Age-, Kung Fu Panda-, Shrek- en Toy Story-searjes).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |