It Kykkoskleaster is in kleaster 13 km west fan Pedoulas op in hichte fan 1140 m yn it Troödosberchtme op it eilân Syprus. It is it rykste en it machtichste kleaster fan Syprus en it is bekend fanwegen in Marije-ikoan, dat troch de evangelist Lukas skildere wêze soe.

Kykkoskleaster
Lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
distrikt Nikosia
plak 13 km west fan Pedoulas
adres Maratasa-delling
koördinaten 34° 59' N 33° 44' E
Kleastergegevens
denominaasje Tsjerke fan Syprus
oprjochting 11e iuw
Webside
www.kykkos.org.cy
Kaart
Kykkoskleaster (Syprus)
Kykkoskleaster

Toeristen moatte der om tinke dat se by in besite fatsoenlik klaaid binne: lange broeken foar manlju en rokken oant de knibbels foar froulju. As de klean net nei it sin binne, krije toeristen in habyt of in doek by de yngong. Yn it kleaster wurdt in soad doopt en troud.

Stiftingsleginde

bewurkje seksje

Neffens de oerlevering steurde de gûverneur Manuel Voutoumetes tsjin 'e ein fan 'e 11e iuw de hearremyt Isaisa dêr yn syn iensumens, doe't dy by de jacht it paad bjuster rekke. Om 't de muonts gjin niget hie oan wrâldske saken en him wegere it paad te wizen, skopte de gûverneur him, mar thús rekke de gûverneur siik en betocht er dat syn sykte wolris de straf wêze koe om't er de muonts net mei earbied behannele hie. Hy bea om ferjouwing en de muonts krige yn in dream fan Marije oanwizings om de gûverneur wer better te meitsjen. As tank dêrfoar krige de muonts in ikoan fan 'e keizer fan Konstantinopel, dy't troch de evangelist skildere is.

 
Marije-ikoan.

It kleaster waard yn 'e rin fan 'e tiid faak troch brannen en ierdskoddings ferneatige en de hjoeddeiske gebouwen datearje út de 19e en 20e iuw. De fresko's en mozaïken fan 'e kleastergong binne yn 'e jierren 1990 makke.

De ikoan fan Marije waard neffens de otterdokse ynterpretaasje troch de evangelist Lukas skildere op hout en tsjinne as model foar in hiel soad oare ikoanen. De ikoan is in geskink fan 'e Byzantynske keizer Aleksios I Komnenos by de stifting fan it kleaster. Oan 'e ikoan wurdt taskreaun dat it by drûchte foar rein soargje kin. Oer de ikoan hinget in doek, sadat it net te sjen is.

 
Tagong.

Yn 'e noardwestlike fleugel fan it kleaster waard yn 1997 in grut museum boud mei in útstalling fan tsjerklike objekten lykas ierkristlike krusen, tsjelken, wijreekfetten, relikwaria, monstrânsen en liturgyske klaaiïng. Ek binne fykwurk, fresko's, manuskripen en keramyk te sjen. In fjouwer meter lang, 12e-iuwsk manuskript, dy't oan beide kanten beskreaun is, mei dêrop de Chysotomos-liturgy heart ta de âldste hânskriften.

Aartsbiskop Makarios III

bewurkje seksje
 
Kapel by it grêf fan Makarios.

Yn it kleaster libbe aartsbiskop Makarios III as novise en twa km fan it kleaster leit syn grêf, dat bewekke wurdt troch in earewacht. It kleaster holp Makarios by de frijheidsstriid tsjin it Britske bestjoer fan it eilân. It byld dat eartiids by it aartsbiskoplike paleis fan Nikosia stie, ferhûze yn 2009 nei it Kykkoskleaster.

Koilada tou Kedrou

bewurkje seksje

Koilada tou Kedrou is in delling fan sederbeammen (Gryksk: Κοιλάδα Kέδρων), dat op 1100 m hichte op 'e súdlike hellingen fan 'e 1408 m hege Tripylos leit, sa'n 18 km fan it kleaster Kykkos. Oer in ûnferhurde dyk is dêr te kommen. De stiltme en de iensumens fan it gebiet meitsje grutte yndruk en der binne likernôch 40.000 Syprioatyske sederbeammen (Cedrus brevifolia) yn 'e delling. Eartiids waard dy soarte as in ûndersoarte fan 'e beskerme Libanonsederbeam beskôge en in soad brûkt foar de bou fan skippen en wentes.

Stavros tis Psokas

bewurkje seksje

In iensum boskboustasjon leit likernôch 26 km fan it kleaster op 800 m hichte. It wurdt omklamme troch fulkanyske bergen en jout útsjoch op it Pafoswâld, it grutste dinnebosk fan Syprus mei in wyldreservaat foar de Syprioatyske moeflon en ferskillende kuierrûtes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit is in oersetting fan 'e Dútsktalige side, sjoch foar boarnen en referinsjes op de:Kloster Kykkos