Lânferrie

(Trochferwiisd fan Lânferrieder)

Lânferrie of lânferried is in sammelnamme foar misdriuwen wêrby't troch ferrie de eksterne feilichheid fan in lân yn gefaar brocht wurdt. Dêrby falt te tinken oan it trochspyljen fan steatsgeheimen oan in bûtenlânske ynstânsje of it gearwurkjen mei in fijân yn tiid fan oarloch (kollaboraasje). Immen dy't him hjiroan skuldich makket, is in lânferrieder. As lânferrie begien wurdt troch in militêr, sprekt men fan militêr ferrie. De bekendste lânferrieder út 'e skiednis fan Nederlân wie Anton Mussert, de lieder fan 'e NSB, dy't ûnder de Dútske besetting fan Nederlân yn 'e Twadde Wrâldoarloch yngeand mei de Dútsers gearwurke. Ek in man as Poncke Princen waard lange tiid beskôge as lânferrieder om't er ûnder de Polysjonele Aksjes yn Nederlânsk-Ynje oerrûn nei de Yndonezyske opstannelingen.

Men hoecht jin lykwols net wier skuldich te meitsjen oan lânferrie om as lânferrieder sjoen te wurden. Faak is it uterjen fan krityk op 'e steatsynrjochting fan jins heitelân dêrfoar al genôch. Sa waarden yn it tsaristyske Ruslân kommunisten beskôge as lânferrieders, wylst letter yn 'e Sovjet-Uny û.m. royalisten dêrfoar oanmurken waarden. Yn it hjoeddeiske Turkije wurdt de skriuwer Orhan Pamuk troch in soad lju as lânferrieder sjoen fanwegen syn krityk op 'e yn Turkije gongbere ynterpretaasje fan 'e Turkske skiednis, en yn it bysûnder omreden fan syn stânpunt op it mêd fan 'e Armeenske Genoside. Mei't de histoaryske en juridyske ynterpretaasje fan it begryp 'lânferrie' sterk ôfhinklik is fan 'e belangen fan 'e ynstânsje dy't it oardiel útsprekt en teffens fan it fierdere ferrin fan 'e skiednis, is it saak om skruten te wêzen mei it opplakken fan it label 'lânferrieder'.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.