De Limes Saxoniae (Latynsk foar "Grins fan Saksen"), ek wol de Limes Saxonicus of Sachsenwall ("Saksyske Wâl"), wie in ûnfersterke limes of grins tusken de Saksen en de Slavyske Abodriten yn Wagrien, dy't om 810 hinne opsetten waard yn wat hjoed-de-dei Sleeswyk-Holstein is.
Nei't Karel de Grutte, kening fan de Franken, de Saksen fan harren lân yn Noardalbingje fuortfierd hie, joech er dat lân oan de Abodriten (dy't him holpen hiene tsjin de opstannige Saksen). Hy hie de Saksen einlings ûnderwurpen nei de Saksekriich. Letter mochten de Saksen wer weromkomme. Yn 811 tekene er it Ferdrach fan Heiligen mei de Denen, dy't benoarden it Saksyske gebiet wennen, om de grins te bepalen. Tagelyk waard ek de grins bepaald mei de Polabyske Slaven. Fan de grins moast lykwols net tocht wurde dat it in fersterke grins wêze soe, mar leaver in bepaalde line dy't midden troch in grinsgebiet rûn, dat sompich en swier beboske en dus slim oer te stekken wie. Neffens de Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum fan Adam fan Bremen fan om 1075 hinne, rûn it fan de rivier de Elbe by Boizenburg by de rivier de Bille lâns nei it noarden ta nei de mûning fan de Schwentine yn de Kieler Fjord en de Eastsee.
It wie ferskate kearen skeind troch de Abodriten (983) en (1086) en Mieszko II Lambert fan Poalen (1028) en (1030). De Limes wiene opheft nei it úteinsetten fan de earste faze fan de Eastkolonisaasje, doe't greve Hindrik fan Badewide yn 1138/1139 syn kampanjes yn Wagrien fierde en de Slavyske befolking germanisearre mei Dútske en benammen Saksyske kolonisten.

De Limes Saxoniae
In monumint oan de Limes Saxoniae by Hornbeck
  • Matthias Hardt: "Hesse, Elbe, Saale and the Frontiers of the Carolingian Empire." In: Walther Pool / Ian N. Wood / Helmut Reimitz (Hrsg.): The Transformation of Frontiers from Late Antiquity to the Carolingians. The Transformation of the Roman World 10. Leiden-Boston-Köln 2001, S. 219–232, ISBN 90-04-11115-8.
  • Matthias Hardt: "Limes Saxoniae." In: Reallexikon der Germanischen Altertumskunde, Bd. 18, Landschaftsrecht – Loxstedt. Berlyn-New York 2001, S. 442–446, ISBN 3-11-016950-9.
  • Günther Bock: "Böhmische Dörfer“ in Stormarn? – Verlauf und Bedeutung des Limes Saxoniae zwischen Bille und Trave." In: Ders.: Studien zur Geschichte Stormarns im Mittelalter. Neumünster 1996 (Stormarner Hefte 19), S. 25–70 (mit Karten), ISBN 978-3-529-07124-9.