Literatuerpriis fan de Noardske Ried

De Literatuerpriis fan de Noardske Ried is in Skandinavyske priis dy't elts jier útrikt wurdt oan 'e skriuwer fan it as bêste beoardiele literêre wurk út ien fan 'e lidsteaten fan 'e Noardske Ried. Dat binne de Ålâneilannen, Denemark, de Fêreu-eilannen, Finlân, Grienlân, Iislân, Noarwegen en Sweden. Ek skriuwers út it Samyske taalgebiet kinne meitingje nei de priis. De Literatuerpriis fan de Noardske Ried waard yn 1962 ynsteld en datselde jiers foar it earst útrikt.

Literatuerpriis fan de Noardske Ried
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Skandinavysk
útrikt foar literatuer
útrikt troch Noardske Ried
frekwinsje 1x jiers
plak Kopenhagen (Denemark)
ynsteld 1962
1e útrikking 1962
offisjele webside
www.norden.org/...

Yn oanmerking foar dizze priis komme romans, novelles, bondels koarte ferhalen, dichtbondels, toanielstikken en essay's, ynsafier't dy foar it earst útjûn binne yn 'e lêste fjouwer jier of, yn it gefal fan Deensk-, Noarsk- en Sweedsktalige literatuer, yn 'e lêste twa jier. Tegearre mei de Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy is de Literatuerpriis fan de Noardske Ried ien fan 'e meast prestizjeuze prizen dy't Skandinavyske skriuwers winne kinne. Oan 'e Literatuerpriis fan 'e Noardske Ried is dêrnjonken in jildbedrach fan 35.000 Deenske kroanen ferbûn.

De winner wurdt elts jier útornearre troch in tsienkoppich beoardielingskomitee dat ynsteld is troch de Noardske Ried. Fan 'e leden komme twa elk út Denemark, Finlân, Iislân, Noarwegen en Sweden. Dêrby giet it ornaris om ekspêrs op it mêd fan 'e literatuer fan harren eigen lân en fan 'e buorlannen. As der wurken nominearre wurde fan 'e Ålâneilannen, de Fêreu-eilannen, Grienlân of út it Samyske taalgebiet, kinne der ekstra leden oan it komitee tafoege wurde dy't trochkrûpt binne yn 'e literatuer út it oangeande lytsere gebiet.

Oant en mei 2014 is de Literatuerpriis fan de Noardske Ried 54 kear útrikt (yn 1965 wie der in dield earste plak). Under de winners wiene 15 Sweden, 10 Noaren, 10 Denen, 9 Finnen, 7 Iislanners, 2 Fêreusters en 1 Samysktalige skriuwer. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.