Ljouwerter Roeiferiening Wetterwille
De Ljouwerter Roeiferiening Wetterwille (Nederlânsk en offisjeel: Leeuwarder Roeivereniging Wetterwille), faak ôfkoarte ta LRV Wetterwille, is in sportklub út 'e Fryske haadstêd Ljouwert, dy't him taleit op it fasilitearjen en promoatsjen fan it roeien. De feriening bestiet sûnt 1919 en hie yn 2018 omtrint 200 leden, dy't útinoar rinne fan 10 oant 80 jier. De Ljouwerter Roeiferiening Wetterwille is bûten fermiddens fan 'e roeisport benammen bekend as organisator fan 'e Alvestêde Roeimaraton, de Alvestêdetocht foar roeiers.
Ljouwerter Roeiferiening Wetterwille Leeuwarder Roeivereniging Wetterwille | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | LRV Wetterwille | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | sport (roeien) | |
fêstige yn | Ljouwert (Fryslân) | |
oprjochte | 1919 | |
tal leden | ±200 | |
offisjele webside | ||
lrvwetterwille.nl |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Ljouwerter Roeiferiening Wetterwille waard op 17 maaie 1919 oprjochte by in gearkomste yn it Nieuw Fries Koffiehuis yn Ljouwert. Inisjatyfnimmer en teffens de earste foarsitter fan 'e feriening wie dhr. G. Quast, dy't lykwols yn 1920 út Ljouwert wei ferhuze. Wetterwille hie by de oprjochting 44 leden, mar nei it ferfarren fan Quast rûn it ledetal al rillegau tebek nei 11 man. Yn 1923 kamen der foar it earst wer leden by, en datselde jiers kaam der in ein oan 'e inkeld noch yn namme besteande Roeiferiening De Tynje. Dêrmei wie Wetterwille doe de iennichste roeiklub yn Fryslân.
Oant de Twadde Wrâldoarloch lei it ledetal fan Wetterwille om 'e 50 persoanen hinne. Doe't de Dútske besetter yn 'e oarloch lykwols silen ferbea (dat yn Fryslân folle populêrder wie as roeien), joegen in protte sportsilers har by de roeiferiening. Sadwaande hie Wetterwille yn 1945 in ledetal fan 135. Yn dyselde tiid wie ek mr. A.A.M. van der Meulen lid fan 'e feriening, en fan 1928 oant 1945 wie hy de foarsitter. Doe't er yn 1945 boargemaster fan Ljouwert waard, lei er it foarsitterskip del, mar lid bleau er wol. Ek yn 'e jierren dêrnei drukte er noch syn stimpel op 'e feriening. Syn skiff wurdt yn 'e loads fan Wetterwille noch altyd soarchfâldich bewarre.
It earste ûnderkommen fan 'e Ljouwerter Roeiferiening Wetterwille wie in boatehûs fan 4 by 10 m yn 'e jachthaven fan Ljouwert. Yn 1984 ferhuze de feriening nei it Wâldmansdjip, om't de âlde akkomodaasje ûnderwilens fierstente lyts wurden wie. Ald-boargemaster Van der Meulen hie dêr by it begjin fan 'e bou noch de earste stien lein.
Eveneminten
bewurkje seksjeYn 1989 organisearre Wetterwille foar de earste kear de Alvestêde Roeimaraton, de Alvestêdetocht foar roeiers. Dy wurdt sûnt elts jier op 'e freed en sneon nei Himelfeartsdei holden. Yn 2014 waard der yn it ramt fan 'e goeddiedichheidsaksje Serious Request op 21 en 22 desimber in spesjale benefytedysje fan 'e Alvestêde Roeimaraton holden. De opbringst (fan mear as €60.000) dêrfan gie nei it goede doel fan Serious Request. Behalven de Alvestêde Roeimaraton organisearret de Ljouwerter Roeiferiening Wetterwille ek it Rûntsje Froskepôle. Dat is de iepeningswedstryd fan it nasjonale roeiseizoen foar junioaren út East- en Noard-Nederlân.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |