Lodewijk Frans Asscher (Amsterdam, 27 septimber 1974) is in Nederlânsk politikus. Nei in karriêre yn de Amsterdamske polityk makke er de oerstap nei de lanlike polityk. Fan 9 desimber 2016 ôf is Asscher partijlieder fan de Partij fan de Arbeid. Nei de Twadde Keamerferkiezingen fan 2017 waard er Keamerlid en fraksjefoarsitter. Earder wie er fan 5 novimber 2012 oant 26 oktober 2017 minister fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid en fise-premier yn it kabinet-Rutte II.

Lodewijk Asscher (2017)

Asscher is lid fan de Partij fan de Arbeid (PvdA). Hij studearre Nederlânsk rjocht oan de Universiteit fan Amsterdam en promovearre yn 2002 (rjochtsgeleardens). Datselde jier waard er lid fan de gemeenterid fan Amsterdam. Yn 2006 ferruile er it riedslidmaatskip foar it wethâlderskip yn de Nederlânske haadstêd. By de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 wie er foar syn partij listlûker yn Amsterdam. Fan maart oant july 2010 wie Asscher waarnimmend boargemaster fan de gemeente Amsterdam, fan it ôfgean fan Job Cohen oant de beneaming fan Cohens opfolger, Eberhard van der Laan.

Stúdzje en start karriêre

bewurkje seksje

Asscher studearre nei it Gymnasium Sorghvliet psychology en rjochten oan Universiteit fan Amsterdam. Yn 2002 promovearre er op it proefskrift Kommunikaasjegrûnrjochten. In ûndersyk nei grûnwetlike beskerming fan it rjocht op frijheid fan mieningsutering en it kommunikaasjegeheim yn de ynformaasjemaatskippij. Oant maaie 2002 wie er ûndersiker oan it Ynstitút foar Ynformaasjerjocht fan de Universiteit fan Amsterdam. Fan maaie 2002 oant 1 maaie 2006 wie er universitêr dosint Ynformaasjerjocht en ûndersiker oan itselde ynstitút. Fan 2006 ôf hie er bûtengewoan ferlof om him folslein op syn politike karriêre te rjochtsjen.

Asscher kaam nei de gemeenteriedsferkiezings fan maart 2002, wêrby't er as achtste pleatst wie op de kandidatelist fan de PvdA, yn de Amsterdamske gemeenteried. Yn april 2004 waard er fraksjefoarsitter, as opfolger fan Tjalling Halbertsma, dy't ôfgie. Njonken syn fraksjefoarsitterskip wie er lid fan de kommisje Algemiene Saken. By de gemeenteriedsferkiezings fan 2006 gie de PvdA yn Amsterdam ûnder syn listlûkersip fan 15 nei 20 sitten. Fjouwer jier letter, by de ferkiezings fan 2010, kaam de partij út op 15 sitten.

Wethâlderskip

bewurkje seksje

Op 26 april 2006 waard Asscher ynstallearre as wethâlder fan Finânsjes, Ekonomyske Saken, Underwiis, Ynboargering en Jeugd. Yn syn earste moannen as wethâlder kaam Asscher streekrjocht tsjinoer minister fan Finânsjes Gerrit Zalm te stean, doe't dy it oandielebelang fan it Ryk yn de lofthaven Skiphol werombringe woe fan 75,8 nei 50 persint. Zalm wie fan doel in diel fan de oandielen nei de beurs ta te bringen. Mei in oandiel fan 21,8 persint beskikte Amsterdam lykwols oer in fetorjocht oer de needsaaklike statutewiziging. Asscher bea Zalm oan om 29 persint fan de oandielen fan it Ryk oer te nimmen foar 200 miljoen euro, mar dat wegere de minister. Dêrnei stimde Amsterdam tsjin de statutewiziging. Inkele dagen foar de Twadde Keamerferkiezings fan 2006 ferneatige Zalm it beslút fan Amsterdam. Asscher tekene dêrtsjin in heger berop oan by de Ried fan Steat. Foar't dy ta in útspraak komme koe, luts Asschers partijgenoat Wouter Bos, dy't yn febrewaris 2007 Zalm opfolge hie as minister fan Finânsjes, it ferneatigingsbeslút fan Zalm yn.

Asscher sette him as wethâlder yn om de kwaliteit fan it Amsterdamske ûnderwiis en jeugdsoarch te ferbetterjen. Mei syn inisjatyf Bern earst, wêr't er al yn de ferkiezingskampanje fan 2006 pleite hie, regele er opfiedingsstypjen foar elk dy't dêr belang by hie. Hy fierde de Basiswurdlist Amsterdamske Beukers yn, in noarm yn ferbân mei it tal wurden dy't bern oan de ein fan groep 2 fan it basisûnderwiis kenne moatte. De maatregel waard naam om't út ûndersyk die bliken dat benammen beukers mei in Marokkaanske en Turkske eftergrûn oer in te beheinde wurdskat fan de Nederlânske taal beskikten.

Yn novimber 2009 joech Asscher de resultaten fan alle Amsterdamske basisskoallen frij, sa't âlders better yn steat steld waarden om harren te ynformearjen oer de kwaliteit fan skoallen. By it opstellen fan kwaliteitseasken hantearre Asscher in strangere noarm as de Nederlânske ûnderwiisynspeksje. In tal skoalbestjoeren fersetten harren tsjin de publikaasje en de saneamde Asschernoarm. Sy berôpen harren op bysûndere omstannichheden, lykas de lizzing fan de skoalle of de eftergrûn fan de learlingen. It ministearje fan Underwiis seach lykwols gjin problemen yn it oplizzen fan hegere ambysjes. Doe't de islamityske skoalle As-Siddieq net genôch die om de kwaliteit fan it ûnderwiis te ferbetterjen, sei Asscher it skoalbestjoer de wacht oan. Nei publikaasjes yn It Parool, wêryn't beskreaun waard hoe't de skoalle yntegraasje fan de learlingen tsjinwurke, besleat er de subsydzje oan de skoalle út te stellen. Asscher krige dêrby byfal fan steatssekretaris fan Underwiis Sharon Dijksma.

Yn 2007 joech Asscher lieding oan Operaasje Frankenstein. Doel hjirfan wie in bettere besteging fan de 270 miljoen euro oan subsydzjes dy't Amsterdam joech oan wolwêzenswurk. Asscher wie net tefreden oer de boekte resultaten en de fersnipeling yn it wolwêzenswurk, wêrtroch't somtiden wol hûndert organisaasjes by elkoar del wurken. De wolwêzensorganisaasjes dy't harren rjochten op jongerein waarden ferplichte iepenbier te meitsjen hokker resultaten sy boekten mei de subsydzjes dy't se krigen.

Under lieding fan Asscher bûn de gemeente Amsterdam ek de striid oan mei de kriminaliteit en de prostitúsje. Yn syn boek Nij Amsterdam hie Asscher yn 2005 al pleite foar it ûntmoedigjen fan raamprostitúsje en it oanpakken fan frouljushandel, loverboys en yllegaliteit yn de prostitúsje. Mei Strategynota Köalysjeprojekt 1012 naam er it inisjatyf ta opskjinning fan it prostitúsjegebiet De Wallen. Yn ferskate dielen fan it sintrum moatte neffens de plannen prostitúsjeramen ferdwine. Bedriuwen dy't ferbân mei twongen prostitúsje, frouljushannel of oare foarmen fan kriminaliteit wurde warre. De bekende seksklup Yab Yum waard sletten. Casa Rosso mocht lykwols wol iepen bliuwe. Dêrby makke Amsterdam gebrûk fan de wet Bibob. Yn de binnenstêd waarden troch de gemeente pannen opkocht dêr't earder prostitúsjebedriuwen en coffeeshops yn sieten. De gemeente kocht net allinnich pannen yn it wallegebiet op, mar ek yn it saneamde Singelgebiet. Yn dy pannen wurken benammen âldere prostituees en wie er fan frouljushannel gjin sprake. Dizze prostituees moasten dêrnei in oar plak sykje, mar de maatregels droegen wol by oan it opskinjen fan de grêftegurdle.

In oar ûnderdiel fan Koälysjeprojekt 1012 wie de ferbettering fan de yntree fan 'e stêd. It Damrak, de Dam en it Rokin waarden yn de plannen saneare. Malafide bedriuwen moasten derwei. Neffens de gemeente makken hotels, coffeeshops en sûvenirwinkels somtiden diel út fan maffia-achtige struktueren.

Healweis 2009 kaam Asscher yn opspraak nei oanlieding fan in ûndersyk fan RTL 4 wêrút bliken die dat er ûnterjochte deklaraasjes dien hie. Wethâlders ûntfange yn Amsterdam alle moannen in talage fan likernôch 600 euro, wêrfan't sy ûnkosten bekostige kinne. Wethâlder Asscher deklarearre ûnder oare in aansichtkaart fan 1,79 euro en inkele berneromperkes, dy't er kado dien hie oan politike relaasjes.

Waarnimmend boargemasterskip

bewurkje seksje

Op 12 maart 2010 dielde boargemaster Job Cohen fan Amsterdam mei dat er ophold en dat Asscher ree fûn wie om as waarnimmend boargemaster te hanneljen. Waarnimmend Kommissaris fan de Keningin Elisabeth Post (VVD) wie net bliid mei dy faasje. Sy stelde dat de provinsje oer de beneaming fan de waarnimmend boargemaster giet. Om't op D66 nei de hiele gemeenteried efter Asscher stie, gie Post in wike letter dochs akkoart. D66-fraksjefoarsitter Ageeth Telleman ferwiet de PvdA "op autoritêre wize it eigen belang" nei te stribjen. D66 luts him dêrom werom út de ûnderhannelingen oer in nij kolleezje.

Fise-premier en minister

bewurkje seksje

Op 5 novimber 2012 waard Asscher troch keningin Beatrix beëdige as fice-premier en minister fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid yn it kabinet-Rutte II.

Ein septimber 2016 dienen Liesbeth Zegveld en Michiel Pestman fan abbekatekantoar Prakken d'Oliveira oanjefte tsjin Asscher by de Twadde Keamer yn ferbân mei in mooglik amtsmisdriuw. Hy soe yn 2014, yn striid mei artikel 8a fan de Algemiene Alderdomswet (AOW), de Sosjale Fersekeringsbank (SVB) opdracht jûn ha om it dwaan fan folsleine AOW-útkearingen oan op de Westlijke Jordaanoere wenjende Nederlanners te ferfetsjen. De SVB wie dêr ein 2013 mei opholden, om't Nederlân de soevereiniteit fan Israel op de Westlike Jordaanoere net erkent.

Op 17 oktober 2016 makke Asscher bekend dat er him kandidaat stelde as PvdA-listlûker foar de Twadde Keamerferkiezings fan maart 2017.

Partijlieder

bewurkje seksje

Op 9 desimber 2016 waard Asscher ferkeazen ta listlûker fan de PvdA by de Twadde Keamerferkiezings fan maart 2017 en dêrmei ek ta nije partijlieder. Hy wûn by it lederieplachtsjen mei 54,5% tsjin 45,5% fan de stimmen fan Diederik Samsom. It wie de earste kear dat in sittend PvdA-partijlieder fuortstimd waard.

By de ferkiezings fan 15 maart 2017 behelle de PvdA 9 sitten, it leechste tal sûnt de oprjochting fan de partij.

Asscher komt fan syn heit syn kant út in Joadske famylje fan juristen en diamantiers út de Amsterdamske wyk De Pijp. Syn oerpake Abraham Asscher wie ien fan de twa foarsitters fan de Joadske Ried. Syn heit Bram Asscher wie in jurist. Hy stoar yn jannewaris 2018. Syn mem Irene Asscher-Vonk is in earder heechlearaar arbeidsrjocht oan de Radboud Universiteit Nymwegen en hat kroanlid west fan de Sosjaal-Ekonomyske Ried. In broer fan syn mem is de yn 2004 stoarne dirigint Hans Vonk. In broer fan syn heit is Edward Asscher, de presidint-direkteur fan it famyljebedriuw Keninklike Asscher Diamant Maatskippij en foar de VVD earder lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal. Asscher hat op deselde legere skoalle sitten as Mark Rutte, Institút Wolters yn De Haach, mar se sieten net tagelyk op dy skoalle. Asscher is troud en hat trije bern.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • Nieuw Amsterdam (2005)
  • De ontsluierde stad (2010)
  • Opstaan in het Lloyd Hotel (2019)[1]

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Een ‘bezielend verhaal’ ontbrak, analyseert Asscher de verkiezingsnederlaag van de PvdA in zijn boek Trouw, 14 april 2019