In loverboy is in poaier dy't (almeast jonge) famkes ferliedt mei as bedoeling om harren op 'en doer yn 'e prostitúsje te bringen sadat se seksueel útrûpele wurde kinne. Hjirby is ornaris sprake fan twongen prostitúsje.[1] Hoewol't 'loverboy' in Ingelsk wurd is, wurdt it bûten Nederlân en Belgje yn dizze betsjutting net brûkt. Wol liket der stadichoan in fersprieding nei Noardrynlân-Westfalen (it oangrinzgjende part fan Dútslân) plak te finen.[2] De eardere Nederlânske minister fan Justysje Ernst Hirsch Ballin sprekt yn dizzen leaver fan in 'poaierboy'.[3] Minskehannelers en poaiers fan oer de hiele wrâld brûke faak romantyske manipulaasje om froulju en famkes yn 'e prostitúsje te bringen en/of te hâlden.[4]

Ien fan 'e earste bekende saken wêrby't poaiers mei romantyske manipulaasje famkes yn 'e prostitúsje brochten, spile yn Nederlân healwei de jierren njoggentich. Yn septimber 1995 waarden yn Utert fjouwer manlju fan Marokkaansk komôf arrestearre , dy't acht jonge famkes fan etnysk Nederlânsk èn fan etnysk Marokkaansk komôf ronsele hiene om yn 'e prostitúsje te wurkjen. It jongste famke dat foar harren op 'e tippelsône oan 'e Uterter Europalaan omrûn, wie sechstjin jier. De poaiers hiene de famkes oan harren witten te binen troch se fereale op harren wurde te litten.

De rjochtsaak tsjin 'e mannen loek in protte oandacht, net yn it lêste plak om't guon fan 'e famkes nettsjinsteande de seksuële útrûpeling noch altyd fereale wiene op 'e poaiers. Fiif fan harren stiene op 'e dei fan 'e sitting bûtendoar by it gerjochtsgebou mei op in spandoek de tekst "Laat onze lieffies vrij". De abbekaat fan 'e mannen waard troch de famkes betelle, dy't in moanne lang trochwurkje moatten hiene om it jild dêrfoar byinoar te bringen. De fjouwer poaiers wiene lykwols al fjouwer jier op dizze manear oan 'e gong, en de plysje koe 24 froulju trasearje dy't ea foar harren wurke hiene. Sân dêrfan wiene ree om oanjefte tsjin 'e mannen te dwaan.

It begryp 'loverboy' kaam yn Nederlân in pear jier letter foar it earst yn gebrûk foar dit ferskynsel, doe't sjoernalist Robert Verkerk yn 1998 foar de krante Rijn en Gouwe in artikel skreau oer in sedesaak dy't yn Skoanhoven spile. De belutsen resjersjeurs sprieken dêrby fan 'loverboys' as se it oer de dieders hiene, en Verkerk naam dy oantsjutting oer. Yn in stik foar it ANP brûkte er deselde term. It artikel, en dêrmei it wurd 'loverboy', waard in dei letter troch alve GPD-kranten oernommen.[5] Yn 2003 rekke de term noch fierder ynboargere troch de film Loverboy, fan regisseur Lodewijk Crijns, oer in tinerfamke, Denise (spile troch Monique van der Werff), dat yn 'e hannen falt fan in loverboy (spile troch Dragan Bakema).[6]

Yn 'e regel folge de wurkwize fan loverboys foarhinne in fêst patroan. It ideäle slachtoffer wie in jong famke dat net of mar in bytsje ûnderfining mei relaasjes hie en ôfkomstich wie út in ynstabyl of brutsen gesin. De loverboy ferlate sa'n famke en joech har de oandacht dy't se thús misse moast. Sa soarge er derfoar dat se fereale op him rekke. Dêrnei besocht er har (fierder) los te weakjen út har bekende om-en-by. Soks koe bygelyks troch har oer te heljen mei him op fakânsje te gean nei it bûtenlân, of troch mei har gear te wenjen en moedwillich in brek mei har âlden út te lokjen.

As it famke úteinlik emosjoneel ôfhinklik wie fan 'e loverboy, moast hja jild foar him fertsjinje troch as prostituee te wurkjen. Dêrby makke de loverboy yn 't earstoan faak misbrûk fan har fertrouwen, bgl. troch te sizzen dat er skulden hie en dat er mei mishanneling bedrige waard as er it jild net werombetelje koe. Hy soe har dan wysmeitsje kinne dat de iennichste manear om fan 'e skulden ôf te kommen in 'betelling yn natuera' wie, wêrby't sy seksuële omgong hie mei de skuldeasker, of hy soe har oanprate kinne dat de iennichste manear om it jild byinoar te krijen wie dat sy as prostituee begûn te wurkjen. As it famke dêr net yntrape, koed er altyd noch syn taflecht nimme ta bedriging, har ferslave oan drugs te meitsjen, werombetelling te easkjen fan al it jild dat er oan har bestege hie, of lichaamlike mishanneling.[7]

Anno 2018 is de loverboy net mear de kreaze jonge dy't by it skoalplein wachtet om kwetsbere famkes oer in perioade fan soms wol ferskate moannen yn te palmjen. Ynstee besykje loverboys no daliks om belêstgjend materiaal oer famkes yn 'e hannen te krijen, lykas in filmke of in foto dêr't op te sjen is hoe't sy seks hat mei de loverboy. Neffens Gideon van Aartsen fan 'e organisaasje Watch Nederlân, dy't him taleit op it bestriden fan loverboyproblematyk, dogge famkes tsjintwurdich folle gauwer oan seks as foarhinne. Op guon middelbere skoallen yn 'e grutte stêden soe orale seks troch de learlingen net mear as seks beskôge wurde. In loverboy hellet dan in famke oer om him yn it fytsehok ôf te sûgen, en dêr makket in maat fan him temûk mei de mobile tillefoan in filmke fan. Fuort dêrnei wurdt it famke bedrige mei it iepenbier meitsjen fan dat filmke, as se net foar de loverboy yn 'e prostitúsje wurkje wol. It komt foar dat soks op in middei bart, en dat it famke dyselde jûns al as prostituee aktyf is, hoewol't in tuskenskoft fan in wike oant fjirtjin dagen gongberder is.[1]

Loverboys rekkenje trochinoar 50 foar in healoere seks mei in famke, en fertsjinje soms oant wol €800 deis oan ien famke. Neffens Van Aartsen komt it foar dat in minderjierrich famke te hearren kriget dat se deis mei fiif manlju minder op bêd hoecht as se trije fan har freondinnen as nije prostituee oanleveret. In famke dat dêrop yngiet, wurdt dan foar dy freondinnen in lovergirl. Neffens sifers dy't yn 2018 koerant wiene, waard doe net mear as 1 op 'e 10 minderjierrige slachtoffers fan loverboys út 'e prostitúsje holpen. Neffens rûzings giet it jiers yn Nederlân allinnich al om 1.400 minderjierrige slachtoffers.[1] Dêrby binne dus de mearderjierrige slachtoffers fan loverboys net meirekkene.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Aa, Edwin van der, en Houwelingen, Hanneke van, Loverboy van nu hoeft meisjes niet meer te verleiden, yn: de Ljouwerter Krante, 19 maaie 2018, s. 8-9..
  2. Lagebild Menschenhandel Nordrhein-Westfalen 2004
  3. Van "loverboy" naar "pooierboy", yn: it Brabants Dagblad, 12 novimber 2008.
  4. Salvationarmyusa.org
  5. Verkerk, Robert en Kuypers, Sander, Meisjes steeds vaker in prostitutie via "loverboy", yn: Trouw, 17 septimber 1998.
  6. Ynformaasje oer de film Loverboy op VPRO.nl
  7. Oer de metoaden fan loverboys op Victimology.nl