Ministearje fan Justysje en Feiligens
It Nederlânske ministearje fan Justysje en Feiligens, ôfkoarte ta J&V (Justitie en Veiligheid) bemuoit him mei de rjochtsoarder yn alle stadia. Dat komt del op ûnder mear wetjouwing, previnsje, hânhâlding, strafoplizzing en slachtofferhelp. Oant 14 oktober 2010 hiet dit ministearje 'ministearje fan Justysje', mar mei yngong fan it kabinet-Rutte I is it ûnderdiel 'Feiligens' út BZK wei oan it ministearje taheakke, wêrtroch't it ministearje de namme 'ministearje fan Feiligens en Justysje' krige.
Ministearje fan Justysje en Feiligens J&V | ||
It gebou fan it ministearje yn De Haach. | ||
algemien | ||
lân | Nederlân | |
adres | Turfmarkt 147 2511 DP De Haach | |
skiednis | ||
oprjochting | 12 maart 1798 | |
funksjehâlders | ||
minister | David van Weel | |
steatssekretaris | Ingrid Coenradie Teun Struycken | |
sekretaris-generaal | Anneke van Dijk | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-justitie-en-veiligheid |
Yn oktober 2017, by it oantreden fan it kabinet-Rutte III, is de namme ûnder druk fan juristen, feroare ta Ministearje fan Justysje en Feiligens, om't hja miene dat "justysje" de âldste rjochten hat en in hegere wearde hat as "feiligens" .
Taken
bewurkje seksjeUnder de ferantwurdlikens fan it ministearje fan Feiligens en Justysje falle ûnder oare de Nasjonaal Koördinator Terrorismebestrieding en Feiligens, de plysje, de Ynspeksje Feiligens en Justysje, de Justysjele útfieringstsjinst Toetsing, Integriteit en Screening (Tsjinst Justis), de Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjinst, Tsjinst Weromkomst & Ofreis, Brânwar, Tsjinst Justysjele Ynljochtings, it Sintraal Justysjeel Ynkassoburo (CJIB) en it Iepenbier Ministearje.
Politike lieding
bewurkje seksjeYn it kabinet-Rutte III wie Ferdinand Grapperhaus fan 'e CDA minister fan Justysje en Feiligens. Sander Dekker (VVD) wie minister foar Rjochtsbeskerming op it departemint. De steatssikretarissen wiene Mark Harbers (VVD) en Ankie Broekers-Knol (VVD).
Yn it kabinet-Rutte IV wie Dilan Yeşilgöz-Zegerius (VVD) de minister fan Justysje en Feiligens. Franc Weerwind (D66) wie minister foar Rjochtsbeskerming, Eric van der Burg (VVD) de steatssikretaris.
Sûnt it oantreden fan it kabinet-Schoof op 2 july 2024 is David van Weel (VVD) de minister fan Justysje en Feiligens. Teun Struycken (NSC) is steatssekretaris foar Rjochtsbeskerming en Ingrid Coenradie steatssekretaris foar Justysje en Feiligens. Nei't Dick Schoof ta minister-presidint beneamd waard, waard de taken fna sekretaris-generaal waarnommen troch Ric van Rooij oant op 1 septimber 2024 Anneke van Dijk beneamd waard.
Organisaasje
bewurkje seksjeIt ministearje bestiet út guon Direktoraten-generaal. Sa hat it ministearje fan Justysje en Feiligens it Direktoraat-Generaal Plysje en Feiligensregio's (DGPenV), it Direktoraat-Generaal Rjochtsplachtsjen en Rjochtshathavening (DGRR), it Direktoraat-Generaal Straffen en Beskermjen (DSGenB) en Direktoraat-Generaal Migraasje (DGM). Boppedat falle de nasjonaal Koördinator Terrorismebestriding en Feiligens., de nasjonale plysje, it Iepenbier Ministearje, de Ynspeksje Feiligens en Justysje, de brânwacht, de Tsjinst Justysjele Ynrjochtings, it Sintraal Justysjeel Ynkassoburo, de Ried fan de Bernebeskerming en Tsjinst Weromkear & Ferfarren ûnder it ministearje.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeNederlânske ministearjes | ||
---|---|---|
Algemiene Saken (AZ) ·
Ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) ·
Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) ·
Bûtenlânske Saken (BZ) ·
Definsje (Def) ·
Ekonomyske Saken (EZ) ·
Finânsjes (Fin) ·
Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering (VRO) ·
Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) ·
Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) ·
Justysje en Feiligens (J&V) ·
Klimaat en Griene Groei (KGG)
Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) ·
Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) ·
Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) | ||
· · |