Look Who's Talking (filmsearje)
Look Who's Talking is in Amerikaanske filmsearje besteande út trije films, dy't útbrocht waarden tusken 1989 en 1993. De films binne romantyske komeedzjes mei de gimmick dat de hofmakkerij tusken de haadpersoanen, dy't spile wurde troch Kirstie Alley en John Travolta, fan kommentaar foarsjoen wurde út ûnferwachtse hoeke. Yn 'e earste film giet it dêrby om Mikey, de nijberne soan fan Mollie, it personaazje fan Kirstie Alley. Yn diel twa hat Mikey in suske krigen, Julie. En yn 'e trêde film wurdt de húshâlding kompleet makke troch in pear hûnen. De earste film krige ridlike resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De beide ferfolchfilms waarden negatyf beoardiele en behellen almar minder opbringst.
Look Who's Talking | ||
betinker | Amy Heckerling | |
eigner | TriStar Pictures | |
lân | Feriene Steaten | |
begjinjier | 1989 | |
einjier | 1993 | |
films | ||
langspylfilms | ● Look Who's Talking ● Look Who's Talking Too ● Look Who's Talking Now |
Films
bewurkje seksjeLook Who's Talking
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Look Who's Talking (film).
Yn Look Who's Talking rekket accountant Mollie (Kirstie Alley) swier fan ien fan har klanten, Albert (George Segal), dy't in troude man is. Dat betsjut dat se in allinnichsteande mem wurdt. As op in minder as opportún momint har fluezen brekke, wurdt se nei it sikehûs riden troch de sympatike taksysjauffeur James (John Travolta). Yn it sikehûs wurdt hy oansjoen foar de oansteande heit en yn 'e befalling behelle. Neitiid bliuwt er by Mollie en har soan Mikey (dy't tinkt mei de stim fan Bruce Willis) belutsen. Wylst Mollie almar wanhopiger nei in heit foar har soan siket, sjocht se oer de holle wat rjocht foar har stiet. Look Who's Talking waard regissearre troch Amy Heckerling nei in senario fan harsels. De film gie op 13 oktober 1989 yn premiêre, en brocht $297 miljoen op tsjin in budget fan $7,5 miljoen.
Look Who's Talking Too
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Look Who's Talking Too.
Yn Look Who's Talking Too binne Mollie (Kirstie Alley) en James (John Travolta) troud en krije se in lytsenien, dy't se Julie (stim fan Roseanne Barr) neame. Nei de berte ûntstiet der wriuwing yn 'e húshâlding, sawol tusken Mikey (stim fan Bruce Willis) en syn nije suske, as tusken de beide âlden. Dat eskalearret oant James en Mollie útinoar geane. Nei frijwat wederwarichheden beseffe alle gesinsleden dat se inoar nedich hawwe en wurde de breklinen yn 'e húshâlding lime. Look Who's Talking Too waard wer regissearre troch Amy Heckerling nei in senario fan harsels en Neal Israel. De film gie op 14 desimber 1990 yn premiêre, en brocht $47,8 miljoen op tsjin in budget fan ûnbekende hichte.
Look Who's Talking Now
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Look Who's Talking Now.
Yn Look Who's Talking Now wol James (John Travolta) syn styfsoan Mikey (David Gallagher) in hûn jaan. Troch in misferstân rekket it gesin mei twa hûnen opseale: in wyldeblast sûnder training út it asyl, dy't se Rocks neame (mei de stim fan Danny DeVito), en de bedoarne, snobistyske Daphne (mei de stim fan Diane Keaton). Rocks foarmet in bân mei Mikey, wylst Daphne de hûn fan syn suske Julie (Tabitha Lupien) wurdt. De hûnen kinne inoar net útstean. As de need oan 'e man komt, moatte de beide hûnen lykwols tegearre de húshâlding sjen te rêden. Look Who's Talking Now waard regissearre troch Tom Ropelewski nei in senario fan himsels en Leslie Dixon. De film gie op 5 novimber 1993 yn premiêre, en brocht $10,3 miljoen op tsjin in budget fan $22 miljoen.
Tillefyzje
bewurkje seksjeIt súkses fan 'e earste beide films ynspirearre de komeedzjesearje Baby Talk, mei in gelikense opset fan in poppe dy't de foarfallen om him hinne bekommentarisearret (mei de stim fan Tony Danza). Dy searje waard fan 1991 oant 1992 útstjoerd troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk ABC.
Mooglike reboot
bewurkje seksjeYn 2010 wie der sprake fan dat der in reboot fan 'e Look Who's Talking-filmsearje makke wurde soe, diskear mei it personaazje fan Mikey as folwoeksene, dy't sels in lytsenien kriget. Filmprodusint Neal H. Moritz soe it projekt beävensearje. Dêrnei wie it in jierrenlang stil oant yn 2019 bekendmakke waard dat regisseur Jeremy Garelick dwaande wie it senario foar de reboot te skriuwen. Anno 2022 is der fierders neat mear fan fernommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, ûnder References, op dizze side en ûnder References, op dizze side. |