Septimius Sevearus

(Trochferwiisd fan Lusius Septimius Severus)

Septimius Sevearus (11 april 1454 febrewaris 211) (ek wol Lucius Septimus Severus) wie Keizer fan Rome fan 193 oant 211. Hy stiet bekend as in krêftich hearsker dy't it yntern ferdielde Romeinske ryk nei in boargerkriich op 'e nij ûnder ien gesach feriene. Hy wie de lêste keizer dy't nije gebieten oan it ympearium tafoege.

Byld fan Septimus Sevearus

Op it Forum Romanum yn Rome stiet de Bôge fan Septimius Sevearus, dat in geskink wie oan de keizer en syn soannen Karakalla en Geta foar twa oerwinnings op de Parten yn 195 en 197 n.Kr.

Jonge jierren

bewurkje seksje

Septimius Sevearus waard berne yn de Noard-Afrikaanske stêd Leptis Magna (ek Lepcis Magna). Hy troude yn 187 mei in rike Syryske prinses Julia Domna (syn twadde houlik). Yn 188 en 189 krige hy twa soannen, de takomstige keizers Karakalla en Geta. Yn it jier 190 wie hy konsul fan Rome.

Striid om de Macht

bewurkje seksje

Doe't keizer Pertinaks op 28 maart 193 fermoarde waard en der in boargeroarloch ûntstie yn it Romeinske ryk, wie Septimius op dat stuit gûverneur yn Boppe-Pannoanje. Hy hie it dêr te sizzen oer in oantal legioenen. Amperoan 12 dagen, neidat yn Rome it keizerskip by opbod ferkocht wie oan de heechste bieder, Didius Julianus, rôpen syn soldaten him út ta tsjinkeizer op 9 april.

Tagelyk hienen oare troepen yn oare parten fan it ryk om deselde reden ek harren kommandanten ta keizer útroppen: Klodius Albinus (gûverneur fan Brittanje) en Pessennius Niger (gûverneur fan Syrje). Lykwols hie Sevearus mear legioenen ta syn beskikking en ek wied er it tichtst by Rome. Hy sette him ta de haadstêd en liet keizer Julianus ôfsette en fermoardzje. De moardners fan Pertinaks waarden opspoard en ek terjochtsteld.

As earste moast Sevearus foar rêst soargje en him mei de oare útroppen keizers bemuoie. Dêrom sluet er frede mei Klodius Albinus en joech him de titel Caesar. Dêrnei konsintrearre hy him op Pessennius Niger yn it easten. Dizze rivaal waard stipe troch in oan de Parten ûnderhearrige Mesopotamyske kening. Nei in bloedige striid yn Cilicia wie yn 194 it hiele keizerryk ûnder kontrôle fan Sevearus. Omdat er de Partyske rol as ynmingen yn Romeinske de oangelegenheden beskôge, foel er ek Irak binnen, dêr't hy yn 195 de steatjes Edessa en Nisibis anneksearre en omfoarme ta in nije provinsje, Mesopotaamje.

Al gau beluts Sevearus syn soannen by it regear fan it ryk. Hy joech Karakalla yn 195 de titel Caesar en liet de senaat Albinus ta steatsfijân ferklearje. Sevearus fersloech Albinus yn ien fan de grutste fjildslaggen út de Romeinske skiednis, nammentlik yn Lugdunum op 19 febrewaris 197. Albinus moast flechtsje en die himsels tekoart.

Neidat Sevearus de steat yntern op oarde brocht hie woe hy dizze ek nei bûten ta fersterke. De eardere ferovering fan Mesopotaamje wie as definsive maatregel dien om de wolfearende provinsje Syrje mear feiligens te bieden, en yn dat ljocht moat ek syn twadde Partyske fjildtocht sjoen wurde. Yn 197/198 fear hy de rivier de Eufraat ôf en ferovere ferfolgens tegearre mei syn soans Partia en de haadstêd Ctesiphon dy't troch him leechrôve waard, alle manlju deade en de om-ende-by hûnderttûzen froulju en bern dy't it oerlibbe hienen as slaven meinomd. Karakalla krige no de titel fan Augustus (meikeizer) en syn jongste soan Geta joech er de frijkommende titel Caesar. Yn 209 liet er ek Geta beneame as meikeizer.

Fan 208 oant 211 wie Sevearus in Brittanje en joech dêr lieding oer oan in rige fjildtochten tsjin de Kaledoanyske stammen út wat tsjintwurdich Skotlân is.

Utsein Partia, oermastere Sevearus ek gebieten yn Noard-Afrika en rjochte hy syn oandacht op Brittanje, dêr't hy de tachtich jier âlde muorre fan Hadrianus wêr nedich werstelle liet. Op 65-jierrige leeftyd stoar er in natuerlike dea op 4 febrewaris 211 yn York. Syn beide soannen folgen him op.

Keppeling om utens

bewurkje seksje