Lyts reidimerke
It lyts reidimerke (Locustella lanceolata) is in fûgel út 'e famylje fan 'e imerkesjongerfûgels (Locustellidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard foar it earst yn 1840 troch Coenraad Jacob Temminck publisearre.
lyts reidimerke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Locustella lanceolata | ||||||||||||
Temminck, 1840 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Skaaimerken
bewurkje seksjeIt lyts reidimerke is 11,5 oant 12,5 sm lang en hat gielbrune poatsjes. It fûgeltsje hat in koart halske en in koarte sturt mei brune fearren, dat oan 'e boppekant swarte streekjes en oan 'e ûnderkant lytse swarte streekjes hat. Mantsjes en wyfkes hawwe deselde kleuren.
Fersprieding en biotoop
bewurkje seksjeDe fûgel briedt fan it noardeasten fan Finlân oer de taiga oant op it Japanske eilân Hokkaidō. It lyts reidimerke oerwinteret yn Súdeast-Aazje oant yn it west fan Java en Bangladesj. De trek begjint healwei augustus en healwei maaie/begjin juny komme se werom yn harren briedgebiet. De fûgel is yn Nederlân in dwaalgast.
It fûgeltsje libbet yn strewellen en op gerslân yn 'e buert fan wetter. Faker as de Sibearyske imerkesjonger libbet er ek op drûch terrein. De fûgel is yn it oerwinteringsgebiet regelmjittich op rysfjilden te sjen.
Undersoarten
bewurkje seksjeDe fûgel hat twa ûndersoarten
- Locustella lanceolata lanceolata - briedt fan Finlân oant East-Sibearje en Kamtsjatka oant it noardeasten fan Sina.
- Locustella lanceolata hendersonii - briedt op Sachalin, de súdlike Koerilen en it noarden fan Japan.
De nominaatfoarm Locustella lanceolata lanceolata komt fan it noardeasten fan Europa oant efter Kamtsjatka foar. De ûndersoarte L. l. hendersonii libben fan Sachalin oant Japan.
Status
bewurkje seksjeDe Europeeske briedpopulaasjes wurdt tusken de 50.000 en 100.000 pearkes rûsd. Dat soe wat minder as 5% fan 'e wrâldpopulaasje wêze. De fûgel stiet as net bedrige op 'e Reade list fan IUCN.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside de:Strichelschwirl (ferzje fan 8 jannewaris 2024)
|