Lytse swan

(Trochferwiisd fan Lytse Swan)

De lytse swan (Cygnus columbianus) is in 127 sm grutte fûgel út de famylje fan de Einfûgels. De fûgel is hielendal wyt en liket krekt op de Kloekswan mar is wat lytser. Der binne twa ûndersoarten fan dizze swan. De Cygnus columbianus columbianus, dy't yn Noard-Amerika foarkomt, en de Cygnus columbianus bewickii, dy't yn Jeraazje foarkomt. De ûndersoarten wurde ek noch wol sjoen as ferskillende soarten.

lytse swan
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai swannen (Cygnus)
soarte
Cygnus columbianus
Ord, 1815
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast
     trochtrekker

Cygnus columbianus bewickii

bewurkje seksje

De Lytse swan briedt op de Siberyske toendra en oerwinteret by de Noardseekust en yn Grut-Brittanje. Oare groepen Lytse swannen oerwinterje by de Kaspyske See, by it Aralmar en yn East-Aazje. De fûgels fan de populaasjes yn it easten fan Ruslân, dy't yn Sina en Japan oerwinterje, wurde ek wol as in (tredde) ûndersoarte sjoen, de Cygnus columbianus jankowski.

 
Cygnus columbianus columbianus

It wyfke leit 3-4 aaien yn in bult fan plantemateriaal flakby iepen wetter.

Yn de simmer bestiet it iten meastens út wetterplanten dy't se ûnder it swimmen ite. Under de trek meie se graach gerskje yn de greiden. Wylst de swannen oerwinterjen yn de Waadsee ite se ek wol skelpdieren.

Cygnus columbianus columbianus

bewurkje seksje

De Cygnus columbianus columbianus ferskilt yn úterlik fan de Cygnus columbianus bewickii trochdat syn snaffel hast hielendal swart is, ynstee fan swart mei giel. Dizze Lytse swan briedt op de Noard-Amerikaanske toendra yn Alaska en Kanada. De swannen oerwinterje fierder nei it suden fan Noard-Amearika. De fûgels yn it westen oerwinterje oan de westkust, fan it suden fan Alaska oant en mei Kalifornje. De eastlike populaasjes oerwinterje by de Grutte Marren of oan de eastkust fan Marylân oant en mei Florida.

It wyfke leit 4-7 aaien yn in bult fan plantenmateriaal flakby iepen wetter. It pearke bout it nêst en ferdigenet yn grut territorium rûnom it nest.

Yn de simmer bestiet it iten meastens út wetterplanten dy't se ûnder it swimmen ite. Yn de gebieten dêr't se oerwinterje gerskje se ek wol op lânbougrûn.