Lytse miggesnapper

De lytse miggesnapper (Ficedula parva) is in sjongfûgel út de famylje miggesnappers (Muscicapidae). It is in trekfûgeltje dat yn Europa en West-Aazje briedt en yn Pakistan en Yndia oerwinteret.

lytse miggesnapper

Mantsje
Wyfke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai bûnte miggesnappers Ficedula
soarte
Ficedula parva
Bechstein, 1792
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     trekfûgel

     wintergast


 
Yllustraasje fan mantsje en wyfke.

De lytse miggesnapper is in 11 oant 12 sm lange fûgeltsje, dat behindich en ûnrêstich troch it beamtegrien beweecht. It is ien fan 'e lytste miggesnappers en krekt wat grutter as in tomke. De fûgel hat in opfallende wite eachring en in lytse donkere snaffel mei oan 'e ûnderkant fan 'e snaffel in oranjegiele basis. De kop en it boppebealchje binne mat griis en de wjukken brúneftich. It mantsje hat yn 'e briedtiid in oranje kielflek, dy't earst yn it twadde libbensjier ferskynt en faak by it âlder wurden wer fealer wurdt. Fierder is it fûgeltsje oan 'e ûnderkant ljochtbêzje. By it sitten beweecht de fûgel in soad mei it sturtsje en dan is te sjen dat de sturt swart is, mei oan wjerskanten in soad wyt.

It wyfke hat ek in ljochtbêzje boarst mei somtiden ek noch wat oranje op 'e kiel of op it boarst.

Fersprieding

bewurkje seksje

De lytse miggesnapper briedt yn East-Europa, Súdeast-Sweden (dêr't de fûgel sûnt 1944 in briedfûgel is), Súd-Finlân, de Baltyske steaten oant djip yn Ruslân oant de Oeral. Dy populaasje giet yn Aazje oer yn 'e populaasje fan 'e taigamiggesnapper (F. albicilla). Earder waard de taigamiggesnapper as in ûndersoarte fan 'e lytse miggesnapper beskôge, mar tsjintwurdich wurdt de lytse miggensnapper as monotypyske soarte behannele, dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten binne.

It leefgebiet fan 'e lytse miggesnapper bestiet út mingd leaf- en nullewâld mei fral de boekebeam, mar ek de iik of de spjirre, fral yn it noarden. De fûgel hat in foarkar foar bosk mei grutte beammen en in soad ûndergroei, mar ek mei iepen plakken en boskmarkes. De lytse miggesnapper wurdt ek wol sjoen yn hôvings of wyngebieten. Yn 'e Kaukasus komt de fûgel oant in hichte fan 2350 m boppe de seespegel foar. Bûten de briedtiid wurdt de fûgel ek waarnommen yn parken en tunen as dêr ek grutte beammen stean.

Yn Nederlân komt de lytse miggesnapper net in soad foar en allinne as trochtrekker. By lytse miggesnappers wurdt relatyf faak it fenomeen fan 'e omkearde migraasje waarnommen. Fral jonge fûgels migrearje in rjochting út, dy't krektoarsom is fan 'e goede rjochting. De oarsaken dêrfan binne net goed ûndersocht, mar mooglik hat it te meitsjen mei meteorologyske omstannichheden. Faak komme dy fûgels dan oan 'e Noardseekust, Súd-Ingelân of West-Frankryk telâne.[1] Der binne yn Nederlân gjin wisse briedgefallen fêststeld en de grutste kâns om in lytse miggesnapper te sjen is op 'e Waadeilannen en op 'e Maasflakte. Alhoewol't it liket dat de fûgel syn briedgebiet nei it west ta útwreidet, leit it briedgebiet fan 'e fûgel noch likernôch 150 km eastlik fan 'e Nederlânske grins yn Dútslân.

 
Aaikes fan 'e lytse miggesnapper.

De lytse miggesnapper is in hoalebrieder. Ek wurde wol spjalten yn rotsen brûkt foar de bou fan in nest. It wyfke boud it nêst en it mantje helpt faak allinne mar de earste dagen mei it bringen fan nestmateriaal. De hichte fan it nêst ferskilt fan hast op 'e grûn oant wol 20 meter en mear. It lechsel bestiet út 4 oant 7 aaikes. De briedtiid duorret likernôch 15 dagen en nei it útkommen bliuwe de jonge fûgels noch sa'n 16 dagen yn it nêst. De measte lytse miggesnappers begjinne healwei juny mei it lizzen fan aaien en it brieden. Lytse miggesnappers briede ienris yn 't jier.

De lytse miggesnapper hat in tige grut ferspriedingsgebiet. De Europeeske populaasje waard yn 2015 op 3.290.000-5.090.000 pearkes rûsd. Yn Europa briedt teminsten 95% fan 'e populaasje en der wurdt oannommen dat de populaasje groeid. De fûgel stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: