Madagascar: A Little Wild
Madagascar: A Little Wild is in Amerikaanske kompjûteranimearre bernesearje mei fantasy-eleminten (pratende bisten). De titel betsjut: "Madagaskar: In Bytsje Wyld". It is de trêde tillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Madagascar-franchise. Madagascar: A Little Wild is in prequel fan 'e earste film Madagascar, en folget de fjouwer haadpersoanen Alex, Marty, Melman en Gloria by harren aventoeren as jonge bisten yn en bûten de Central Park Zoo yn New York. De searje is mear as de rest fan 'e franchise rjochte op jongere bern. It earste seizoen fan Madagascar: A Little Wild kaam yn septimber 2020 út fia de streamingtsjinsten Hulu en Peacock.
Madagascar: A Little Wild | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
betocht troch | Tom McGrath Eric Darnell | |
ûntwikkele troch | Dana Starfield | |
produsint | Dana Starfield | |
útfierend produsint |
Johanna Stein | |
tillefyzjestudio | Mainframe Studios DreamWorks Animation TV | |
spilers | ||
haadrollen | Tucker Chandler Amir O'Neil Luke Lowe Shaylin Becton | |
skaaimerken | ||
foarm | tekenfilmsearje | |
sjenre | fantasybernesearje | |
seizoenen | 3 | |
jierren | 2020 – no | |
tal ôfl. | 19 | |
spyltiid (ôfl.) | 23 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
webside | www.dreamworks.com/shows/madagascar:-a-little-wild | |
besibbe searjes | ● The Penguins of Madagascar ● All Hail King Julien |
Produksje
bewurkje seksjeMadagascar: A Little Wild waard op 17 jannewaris 2020 oankundige. It is de trêde tillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Madagascar-franchise, nei The Penguins of Madagascar en All Hail King Julien. De searje waard ûntwikkele troch Dana Starfield, dy't as tillefyzjeprodusint ek de deistige lieding oer de produksje hie. Johanna Stein hie it algemien tafersjoch as útfierend produsint.
Madagascar: A Little Wild wurdt produsearre troch Mainframe Studios y.g.m. DreamWorks Animation Television op basis fan personaazjes dy't betocht binne troch Tom McGrath en Eric Darnell. It earste seizoen kaam yn septimber 2020 beskikber fia de streamingtsjinsten Hulu en Peacock. Mids 2021 binne der trije seizoenen fan 'e searje makke, besteande út yn totaal 19 ôfleverings mei in spyldoer fan 23 minuten, mei dêropta in langere lossteande tillefyzjespecial yn it ramt fan Halloween.
Utgongspunt fan 'e plot
bewurkje seksjeAlex de liuw, Marty de sebra, Melman de sjiraffe en Gloria it nylhoars groeie op as freonen yn 'e dieretún Central Park Zoo yn New York. Se belibje alderhanne aventoeren yn en bûten de dieretún, en leare dêrby eltse kear in wichtige libbensles.
Rolferdieling
bewurkje seksjepersonaazje | akteur/aktrise |
Alex de liuw | Tucker Chandler |
Marty de sebra | Amir O'Neil |
Melman de sjiraffe | Luke Lowe |
Gloria it nylhoars | Shaylin Becton |
Seizoenen
bewurkje seksjeseizoen | tal ôfl. | beskikber kommen | streamingtsjinst |
---|---|---|---|
1 | 6 | 7 septimber 2020 | Hulu en Peacock |
tillefyzjespecial | 21 oktober 2020 | ||
2 | 6 | 11 desimber 2020 | |
3 | 7 | 27 maaie 2021 |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Madagascar: A Little Wild
- (in) Ynformaasje oer Madagascar: A Little Wild yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
lange films | Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014) | |
koarte films | The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017) | |
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??) |