The Penguins of Madagascar
The Penguins of Madagascar (yn Nederlân útstjoerd as De Pinguïns van Madagascar) wie in súksesfolle Amerikaanske tekenfilmsearje dy't trije seizoenen rûn, fan 2008 oant 2012, mei noch wat lettere bykommende ôfleverings útsmaard oant 2015. De searje heart ta de mediafranchise Madagascar en is yn in grut tal lannen en territoaria (wêrûnder Nederlân) útstjoerd troch Nickelodeon. It is in fantasy-aventoeresearje dy't draait om 'e fjouwer lichtlik psychopatyske pinguïns Skipper, Kowalski, Rico en Private (yn 'e Nederlânsktalige ferzje 'Junior') út 'e dieretún Central Park Zoo yn New York. The Penguins of Madagascar krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy en wûn in grut tal prizen, wêrûnder alve Emmy Awards.
The Penguins of Madagascar | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
betocht troch | Tom McGrath Eric Darnell | |
ûntwikkele troch | Mark McCorkle Bob Schooley | |
útfierend produsint |
Mark McCorkle Bob Schooley | |
tillefyzjestudio | DreamWorks Animation TV Nickelodeon Animation Studio | |
spilers | ||
haadrollen | Tom McGrath Jeff Bennett John DiMaggio James Patrick Stuart Danny Jacobs Kevin Michael Richardson Andy Richter Nicole Sullivan | |
skaaimerken | ||
foarm | tekenfilmsearje | |
sjenre | fantasy-aventoeresearje | |
seizoenen | 3 | |
jierren | 2008 – 2015 | |
tal ôfl. | 149 | |
spyltiid (ôfl.) | 11 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
prizen | 11 × Emmy Award 2 × BAFTA 4 × Annie Award | |
webside | www.nick.com/shows/penguins-of-madagascar | |
besibbe searjes | ● All Hail King Julien ● Madagascar: A Little Wild |
- Dizze side giet oer de tekenfilmsearje op 'e tillefyzje. Foar de bioskoopfilm, sjoch: Penguins of Madagascar.
Untstean
bewurkje seksjeThe Penguins of Madagascar tanke syn bestean oan it súkses fan 'e lange animaasjefilm Madagascar út 2005, dat de grûnslach foar de Madagascar-franchise lei. Mids 2006 kundigen DreamWork Animation, de produsint fan 'e film, en tillefyzjenetwurk Nickelodeon oan dat se gearwurkje soene oan in tekenfilmsearje op basis fan Madagascar. Yn novimber 2007 waard bekend dat de searje gean soe oer de lichtlik psychopatyske pinguïns, dy't yn 'e film in byrol ferfolje.
Produksje
bewurkje seksjeFuortborduerjend op it wurk fan Tom McGrath en Eric Darnell, de betinkers fan alle personaazjes yn 'e Madagascar-franchise, waard The Penguins of Madagascar ûntwikkele troch Mark McCorkle en Bob Schooley, dy't ek de útfierende produsinten wiene. Hja wurken yn opdracht fan DreamWork Animation Television, de tillefyzjedifyzje fan DreamWorks Animation, de eigner fan 'e franchise, en de Nickelodeon Animation Studio, de tekenfilmstudio fan bernetillefyzjenetwurk Nickelodeon.
De haadpersonaazjes út 'e film Madagascar (Alex de liuw, Marty de sebra, Melman de sjiraffe en Gloria it nylhoars), komme yn The Penguins of Madagascar net foar. Ynstee binne de fjouwer pinguïns dy't yn 'e film mar byrollen ferfollen, no de haadpersoanen. Om't de pinguïns yn 'e Central Park Zoo yn New York sitte, liket de searje in prequel fan 'e film te wêzen, mar yn 'e searje binne ek kening Julien, Maurice en Mort bewenners fan 'e dieretún, wylst dy yn 'e film yn it wyld op Madagaskar libje. Harren oanwêzigens yn 'e Central Park Zoo wurdt nea rjocht ferklearre. Neffens McGrath spilet de searje "net spesifyk foar of nei de film; ik woe se gewoan allegear […] yn 'e dieretún hawwe. Ik sjoch it as […] in parallel universum."
The Penguins of Madagascar rûn formeel trije seizoenen, hoewol't it twadde 'seizoen' mei 68 ôfleverings fan maart 2010 oant maart 2012 eins twa seizoenen op himsels is. Yn totaal waarden der 142 ôfleverings makke fan novimber 2008 oant en mei novimber 2012, dy't útstjoerd waarden troch Nickelodeon. Dêrnei waarden fan desimber 2013 oant en mei desimber 2015 dripsgewiis nochris 7 nije ôfleverings tafoege dy't útstjoerd waarden op Nicktoons. Al mei al besteane der dus 149 ôfleverings. Foar it meastepart hawwe dy in spyldoer fan 11 minuten, mar der binne 8 dûbellange ôfleverings fan 22 minuten (nû. 48, 55, 79, 98, 110, 122, 146 en 148) en ien fjouwerdûbellange ôflevering fan 44 minuten (nû. 99). Foar de Nederlânske tillefyzje (ek útstjoerd troch Nickelodeon) waard de searje yn it Nederlânsk neisyngronisearre mei de stimmen fan û.o. Johnny Kraaijkamp jr., Wiebe Pier Cnossen, Lucas Dietens, Pepijn Koolen en Marjolein Algera.
Fan 2014 oant 2017 waard in oare tekenfilmsearje yn it ramt fan 'e Madagascar-franchise makke, mei as titel All Hail King Julien. Dat is eins in prequel fan 'e franchise, dy't yn Madagaskar spilet foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Madagascar. Yn All Hail King Julien is kening Julien de haadpersoan en komme de pinguïns net foar.
Utgongspunt fan 'e plot
bewurkje seksjeThe Penguins of Madagascar folget de aventoeren fan 'e fjouwer pratende, lichtlik psychopatyske pinguïns yn 'e Central Park Zoo yn New York. Hja geane nammentlik geregeldwei op geheime misjess. De lieder fan 'e groep is de paranoïde, opljeppende Skipper, dy't de taktyk tepaalt en de oarders jout. Kowalski is in briljante tinker, dy't mei hieltyd nije bizarre, ûnferwachtse en gefaarlike útfinings op 'e lapen komt. Rico, dy't kommunisearret troch in rige piip- en bromlûden, is de sloopekspêr fan it team, dy't ek foar eltse sitewaasje wol in brûkber stik ark en reau opkoarje kin. Private (yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring 'Junior') is in nije rekrút en it grientsje fan 'e groep. Nettsjinsteande dat hat hy ornaris de meast logyske ideeën en opfettings, dy't lykwols stiiffêst troch Skipper en de oaren negearre wurde.
Kening Julien XIII is in waanwize, loaie, narsistyske, ûnfolwoeksen ringsturtmaky dy't fan wille meitsjen hâldt en derfan oertsjûge is dat de wrâld om him draait. Hy hat it foar de moade om wurden ferkeard te brûken en sprekwurden en siswizen ferkeard op te fetsjen. Fierders hâldt er nea gjin rekken mei in oar. Maurice it fingerdier is de folle pleage hofmaster fan kening Julien, waans deistige taak it is om syn master wat yn 'e stringen te hâlden. Dêrby wurdt er net holpen troch Mort de mûsmaky, dy't de grutste fan fan kening Julien is, ek al behannelet dyselde him oanhâldend mei ferachting. Fierders yntrodusearret de searje ek in nij personaazje, Marlene. Hja is in ferstannige froulike otter dy't nei de Central Park Zoo oerpleatst is út it Monterey Bay Aquarium. Se is goed befreone mei Skipper en heakket gauris oan by de aventoeren fan 'e pinguïns. Dêrby besiket se Skipper yn 'e regel wat sûn ferstân by te bringen en biedt sa as froulike stim fan 'e rede tsjinwicht oan syn manlike macho-eftige kluchten.
Rolferdieling
bewurkje seksjeHaadrollen
bewurkje seksjepersonaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
Skipper de pinguïn | Tom McGrath | Johnny Kraaijkamp jr. |
Kowalski de pinguïn | Jeff Bennett | Wiebe Pier Cnossen |
Rico de pinguïn | John DiMaggio | Lucas Dietens |
Private (Ned.: Junior) de pinguïn | James Patrick Stuart | Pepijn Koolen |
kening Julien XIII de ringsturtmaky | Danny Jacobs | Louis van Beek |
Maurice it fingerdier | Kevin Michael Richardson | Jerrel Houtsnee |
Mort de mûsmaky | Andy Richter | Thijs van Aken |
Marlene de otter | Nicole Sullivan | Marjolein Algera |
Weromkearende byrollen
bewurkje seksjepersonaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
Mason de sjimpansee | Conrad Vernon | Hein van Beem |
Phil de sjimpansee | n.f.t. (dôfstom) | n.f.t. (dôfstom) |
Roger de Mississippy-alligator | Richard Kind | Paul Disbergen |
Max de strjitkat | Wayne Knight | ? |
Joey de kangaroe | James Patrick Stuart | ? |
Bada de gorilla | John DiMaggio | Timo Bakker |
Bing de gorilla | Kevin Michael Richardson | Just Meijer |
Fred it iikhoarntsje | Fred Stoller | ? |
Burt de Yndyske oaljefant | John DiMaggio | ? |
Manfredi de pinguïn | James Patrick Stuart | ? |
Johnson de pinguïn | Danny Jacobs | ? |
Eggy it einepykje | Tara Strong | ? |
Alice de (sjegrinige) oppasser | Mary Scheer | Lucie de Lange |
de Vesuvius-twilling (besikers) | Atticus Schaffer | ? |
dr. Blowhole de dolfyn | Neil Patrick Harris | ? |
Hans de seepappegaai | John DiMaggio | ? |
de Rottekening | Diedrich Bader | Filip Bolluyt |
Agint X de ûngediertebestrider | Cedric Yarbrough | Victor van Swaay |
Savio de boä konstriktor | Nestor Carbonell | ? |
Seizoenen
bewurkje seksjeseizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | netwurk | |
---|---|---|---|---|---|
1 | 48 | 28 novimber 2008 | 15 febrewaris 2010 | Nickelodeon | |
2 | 68 | 13 maart 2010 | 31 maart 2012 | ||
3 | 33 | 26 | 16 april 2012 | 10 novimber 2012 | |
7 | 24 desimber 2013 | 19 desimber 2015 | Nicktoons |
Untfangst en resultaat
bewurkje seksjeFan 'e tillefyzjekritisy krige The Penguins of Madagascar oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Mary McNamara yn 'e krante de Los Angeles Times de aksjesênes en de komyske timing. Yn 'e San Francisco Chronicle stelde Tim Goodman fêst dat de tekenfilmsearje net inkeld leuk wie foar bern, de primêre doelgroep, mar ek grappen befette dy't folwoeksenen oansprekke soene. Brian Lowry fan it tydskrift Variety omskreau de tekenfilmsearje as "lûdroftich, útskroeven en kleurryk". Hy hie lof foar de kwaliteit fan 'e animaasje, mar fûn de grappen net botte fermaaklik en wie fan miening dat it de makkers mear om merchandising foar de Madagascar-franchise te dwaan wie as dat se in goed produkt ôfleverje woene.
The Penguins of Madagascar waard yn totaal 26 kear nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis. De searje wûn 11 kear in Emmy. Sa waard yn 2010 wûn yn 'e kategory treflik animearre tillefyzjeprogramma fan 'e bûtenklasse (dield 1e plak mei SpongeBob SquarePants). Yn 2011 waarden de prizen yn 'e folgjende kategoryen wûn: treflik animearre berneprogramma, treflike stimakteur yn in animearre programma (Danny Jacobs as kening Julien), treflik senarioskriuwen foar in animearre programma (Brandon Sawyer, Bill Motz en Bob Roth), treflik dirigearjen en komponearjen fan tillefyzjemuzyk (Adam Berry), treflike lûdsmontaazje (James Lifton e.o.), en treflike casting (Meredith Layne). En yn 2012 waarden de Emmy's wûn foar treflik animearre berneprogramma, treflik animearre programma (de ôflevering The Return of the Revenge of Dr. Blowhole), treflike rezjy fan in animearre programma (David Knott, Shaun Cashman, Christo Stamboliev, Steve Loter en Lisa Schaffer), en treflik orizjineel liet foar in berneprogramma en/of animearre programma (In the Happy Little Land of Hoboken Surprise fan Adam Berry en Brandon Sawyer).
Fierders wûn The Penguins of Madagascar twa Britske BAFTA's: yn 2009 en yn 2010, beide kearen foar bêste ynternasjonale berneprogramma. De searje waard ek 12 kear nominearre foar in Annie Award, de wichtichste Amerikaanske priis foar animaasjefilms en -searjes. Dy priis waard fjouwer kear wûn, yn 2010 yn 'e kategoryen bêste animearre tillefyzjeproduksje foar bern en bêste rezjy yn in tillefyzjeproduksje (Bret Haaland foar de ôflevering Launchtime), en yn 2012 foar bêste stimakteur yn in tillefyzjeproduksje (Jeff Bennett as Kowalski) en bêste montaazje fan in tillefyzjeproduksje. The Penguins of Madagascar waard ek twaris (yn 2010 en 2011) nominearre foar de Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite tekenfilmsearje.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan The Penguins of Madagascar
- (in) De titelmuzyk fan The Penguins of Madagascar op YouTube
- (in) Ynformaasje oer The Penguins of Madagascar yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
lange films | Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014) | |
koarte films | The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017) | |
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??) |