All Hail King Julien
All Hail King Julien (yn Nederlân útstjoerd as Lang Leve Koning Julien) is súksesfolle Amerikaanske kompjûteranimearre tekenfilmsearje foar bern, dy't seis seizoenen rûn, fan 2014 oant en mei 2017. It wie (nei The Penguins of Madagascar) de twadde searje dy't basearre waard op 'e mediafranchise Madagascar. All Hail King Julien is in fantasy-aventoeresearje dy't draait om 'e aventoeren fan 'e narsistyske ringsturtmaky kening Julien XIII, dy't oer de makys fan Madagaskar regearret. De searje waard iepenbier makke fia de streamingtsjinst Netflix. Hy krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy en wûn sân Emmy Awards.
All Hail King Julien | ||
![]() | ||
![]() | ||
makkers | ||
betocht troch | Tom McGrath Eric Darnell | |
útfierend produsint |
Mitch Watson Bret Haaland | |
tillefyzjestudio | DreamWorks Animation TV | |
spilers | ||
haadrollen | Danny Jacobs Kevin Michael Richardson Andy Richter India de Beaufort | |
skaaimerken | ||
foarm | tekenfilmsearje | |
sjenre | komeedzjesearje foar bern | |
seizoenen | 6 | |
jierren | 2014 – 2017 | |
tal ôfl. | 78 | |
spyltiid (ôfl.) | 22 min. | |
lân/lannen | ![]() | |
taal | Ingelsk | |
prizen | 7 × Emmy Award | |
webside | www.dreamworkstv.com/shows/all-hail-king-julien | |
besibbe searjes | The Penguins of Madagascar Madagascar: A Little Wild |
Produksje
bewurkje seksjeAll Hail King Julien waard yn maart 2014 oankundige as ûnderdiel fan in oerienkomst dy't tekenfilmstudio DreamWorks Animation sletten hie mei streamingtsjinst Netflix. Dêrby lei DreamWorks himsels kontraktueel fêst om mear as 300 oeren oan eksklusive programmearring foar Netflix te produsearjen. All Hail King Julien wie de twadde searje dy't basearre waard op 'e Madagascar-franchise, nei The Penguins of Madagascar, út 2008-2012. Mei't All Hail King Julien spilet foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e earste film Madagascar, foarmet de searje eins in prequel fan 'e rest fan 'e mediafranchise.
De searje waard makke troch útfierende produsinten Mitch Watson en Bret Haaland op basis fan personaazjes dy't betocht wiene troch Tom McGrath en Eric Darnell. All Hail King Julien rûn seis seizoenen, fan desimber 2014 oant desimber 2017. Yn totaal waarden der 78 ôfleverings makke mei in spyldoer fan 22 minuten. Dy waarden allegear publisearre fia Netflix. Foar de Nederlânske tillefyzje (útstjoerd troch Nickelodeon) waard de searje yn it Nederlânsk neisyngronisearre mei de stimmen fan û.o. Louis van Beek, Jerrel Houtsnee, Thijs van Aken, Renée van Wegberg en Rosalie de Jong.
Utgongspunt fan 'e plot
bewurkje seksjeAll Hail King Julien spilet yn 'e wyldernis fan Madagaskar foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Madagascar (2005). De ringsturtmaky kening Julien XII (yn 'e searje fierder ornaris "omke-kening Julien" neamd) is de tige strange, mar ek tige leffe hearsker oer alle makys. As him foarsein wurdt dat er ferslynd wurde sil troch de fossa's, beslút er troansôfstân te dwaan en yn ballingskip te gean om it libben derôf te rêden. Yn syn plak komt syn omkesizzer op 'e troan as Julien XIII. De nije kening is in narsistysk leafhawwer fan willemeitsjen, dy't syn hiele libben lang noch net folle út 'e wei set hat, en no hat er in hiel keninkryk om mei om te boartsjen.
Kening Julien XIII wurdt bystien troch syn trouwe en folle pleage adviseur, it fingerdier Maurice, en ek troch syn liifwacht, de froulike kroanmaky Clover. Ek de mûsmaky Mort is oanhâldend yn syn gefolch oanwêzich. Mort is de grutste fan fan kening Julien, en hâldt in ferskriklik soad fan him, mar yrritearret him ek sûnder ophâlden. Fjouweresom reitsje se fersyld fan alderhanne aventoeren en swierrichheden. Underwilens besiket de slûchslimme omke-kening Julien hieltyd op 'e nij kening te wurden, wylst der ek oare bedrigings foar it bewâld fan Julien XIII binne, lykas de sljochtsinnige fanaloka Karl en Clover har boasaardige twillingsuster Crimson.
Oan 'e ein fan it fjirde seizoen wurdt kening Julien ôfset en twongen om yn ballingskip te gean troch kening Koto en syn leger. It fyfde seizoen hjit dêrom: All Hail King Julien: Exiled ("ferballe"). Oan 'e ein fan it fyfde seizoen wit Julien lykwols Koto te ferslaan en syn keninkryk werom te winnen. It sechsde en lêste seizoen fynt plak nei't mei Koto ôfweefd is. Dêryn beslute smjunten as Karl en omke-kening Julien úteinlik har ferkeardens ôf te swarren en in nij libben te begjinnen. Oan 'e ein fan it sechsde seizoen arrivearje Alex de liuw en syn freonen op Madagaskar, sadat de searje oanslút by de earste Madagascar-film. Krekt op dat stuit giet Clover, in nij personaazje dat yn All Hail King Julien yntrodusearre waard, fuort op houliksreis mei har brêgeman Sage Moondancer, sadat alle losse eintsje kreas ôftriedde binne.
Koarte films
bewurkje seksjeOp basis fan All Hail King Julien waarden yn 2017 twa (tige) koarte films makke, dy't los steane fan 'e searje. All Hail King Julien: Happy Birthday to You! is in filmke mei it tema 'jierdei', en All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown hat as tema 'âld en nij'.
Rolferdieling
bewurkje seksjeHaadrollen
bewurkje seksjepersonaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
kening Julien XIII, in ringsturtmaky | Danny Jacobs | Louis van Beek |
Maurice, in fingerdier | Kevin Michael Richardson | Jerrel Houtsnee |
Mort, in mûsmaky | Andy Richter | Thijs van Aken |
Clover, in kroanmaky | India de Beaufort | Renée van Wegberg/Lotte Horlings/Rosalie de Jong |
Weromkearende byrollen
bewurkje seksjepersonaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
Karl, in fanaloka | Dwight Schultz | Victor van Swaay |
kening Julien XII ("omke-kening Julien"), in ringsturtmaky | Henry Winkler | Johnny Kraaijkamp jr./Huub Dikstaal |
Timo, in tenrek | David Krumholtz | Ewout Eggink |
Masikura, in kameleön | Debra Wilson | Johanne Telesford |
Mary-Anne, in fossa | Debra Wilson | Jannemien Cnossen |
Crimson, de suster fan Clover, in kroanmaky | India de Beaufort | Renée van Wegberg/Rosalie de Jong |
Ted, in gouden healmaky | Andy Richter | Sander van der Poel/Huub Dikstaal |
Sage Moondancer, in indry | Jeff Bennett | Lucas Dietens |
Xixi, in toekan | Betsy Sodaro | Donna Vrijhof/Daphne Flint |
Dorothy, in mangoestmaky | Sarah Thyre | Marjolein Algera/Jantine van den Bosch |
Horst, in blau-eachmaky | Jeff Bennett | Ad Knippels/Florus van Rooijen |
Dr. S, in keningskobra | Jeff Bennett | Ruud Drupsteen |
kening Koto, in indry | Maurice LaMarche | Simon Zwiers |
Seizoenen
bewurkje seksjeseizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | streamingtsjinst | |
---|---|---|---|---|---|
1 | 10 | 5 | 19 desimber 2014 | 26 desimber 2014 | Netflix |
5 | 3 april 2015 | 10 april 2015 | |||
2 | 16 | 16 oktober 2015 | 30 oktober 2015 | ||
3 | 13 | 17 juny 2016 | 24 juny 2016 | ||
4 | 13 | 11 novimber 2016 | 25 novimber 2016 | ||
5 (Exiled) | 13 | 12 maaie 2017 | 19 maaie 2017 | ||
6 | 13 | 1 desimber 2017 | 1 desimber 2017 |
Untfangst en resultaat
bewurkje seksjeAll Hail King Julien krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy, dy't benammen lof hiene foar de kulturele relevânsje fan 'e searje. Ek waard it wurk fan 'e stimakteurs priizge. Neffens Robert Lloyd fan 'e Los Angeles Times wie All Hail King Julien "slagge op it mêd fan styl, senario, timing en stimaktearjen ynstee fan it tal yndividuele hierren dy't tekene binne yn in pels."
De searje waard yn totaal 19 kear nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske priis foar tillefyzje. Dêrfan wûn All Hail King Julien 7 Emmys: yn 2015 foar bêste animearre berneprogramma, bêste stimakteur yn animearre programma (Danny Jacobs as kening Julien) en bêste casting foar in animearre searje of tillefyzjespecial; yn 2016 foar bêste senario yn in animearre programma en bêste orizjinele liet (True Bromance); en yn 2017 foar bêste lûdsmontaazje en bêste lûdsmixing. Yn 2017 waard All Hail King Julien ek nominearre foar in Annie Award.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan All Hail King Julien
- (in) De titelmuzyk fan All Hail King Julien op YouTube
- (in) Ynformaasje oer All Hail King Julien yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
lange films | Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014) | |
koarte films | The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017) | |
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??) |