Madagascar: Escape 2 Africa

Madagascar: Escape 2 Africa is in Amerikaanske aventoerekomeedzje yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre tekenfilm foar bern en foar folwoeksenen út 2008 ûnder rezjy fan Eric Darnell en Tom McGrath. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Ben Stiller, Chris Rock, David Schwimmer en Jada Pinkett Smith. De titel betsjut "Madagaskar: Untsnapping nei Afrika", wêrby't it Ingelske wurd to ("nei"), dat deselde klank hat as two ("twa") brûkt wurdt om oan te jaan it om it twadde diel fan 'e Madagascar-filmsearje giet. It ferhaal folget fjouwer bisten út in dieretún yn New York dy't yn 'e foargeande film skipbrek litten op 'e kust fan Madagaskar. Yn dizze film besykje se werom te kommen nei New York, mar strânje se yn Afrika, dêr't Alex de liuw syn âlden weromfynt. Madagascar: Escape 2 Africa krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses. De film is opdroegen oan 'e neitins fan Bernie Mac, dy't as stimakteur by de produksje belutsen wie; hy kaam ûntidich te ferstjerren ear't de film yn premiêre gie.

Madagascar: Escape 2 Africa
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Eric Darnell
Tom McGrath
produsint Mireille Soria
Mark Swift
senario Etan Cohen
Eric Darnell
Tom McGrath
muzyk Hans Zimmer
will.i.am
filmstudio DreamWorks Animation
PDI
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Ben Stiller
Chris Rock
David Schwimmer
Jada Pinkett Smith
byrollen Sacha Baron Cohen
Tom McGrath
Bernie Mac
Alec Baldwin
Cedric the Entertainer
Elisa Gabrielli
will.i.am
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 7 novimber 2008
foarm lange tekenfilm
sjenre aventoerekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 89 minuten
budget en resultaten
budget $150 miljoen
opbringst $603,9 miljoen
filmsearje
filmsearje Madagascar
● foarich diel Madagascar
● folgjend diel Madagascar 3: Europe's
   Most Wanted

Yn Afrika besiket Zuba de liuw, kening fan alle wylde bisten, syn jonge soan Alakay te learen hoe't er fjochtsje moat. It welpke hat lykwols inkeld belangstelling foar dûnsjen. As in rivalisearjende liuw, Makunga, Zuba útdaget foar in gefjocht om it keningskip, wurdt Zuba eefkes ôflaat oant er mei Makunga ôfweefd hat. Yn dat koarte skoftke wurdt Alakay troch in pear streupers oer de grins fan it natoerreservaat hinne lokke, yn in kiste stoppe en ûntfierd. As Zuba beseft wat der bard is, efterfolget er de pick-uptruck fan 'e streupers, wylst dy him mei in gewear besjitte. Yn 'e gaos rûgelet de kiste mei Alakay út 'e laadbak fan 'e auto wei sûnder dat Zuba it trochhat, en belânet yn in rivier. De streaming nimt him mei nei see en nei ferrin fan tiid spielt de kiste oan yn New York. Dêr wurdt it liuwke yn 'e kiste ûntdutsen en nei de Central Park Zoo brocht. Hy kriget dêr de namme Alex en slút freonskip mei de jonge sebra Marty, de jonge sjiraffe Melman en it jonge nylhoars Gloria.

Tsien jier letter, nei it aventoer dêr't se troch strâne rekken yn Madagaskar, besykje Alex, Marty, Melman en Gloria werom te kearen nei New York mei in delstoart fleantúch dat reparearre is troch de fjouwer psychopatyske pinguïns Skipper, Kowalski, Rico en Private. Ek de sjimpansees Mason en Phil geane mei en op it lêste stuit oppenearret de narsistyske ringsturtmaky kening Julien, ta ôfgriis fan Alex-en-dy, dat hy en syn trouwe adviseur Maurice it fingerdier ek mei sille. As Julien syn grutste en meast yrritante fan Mort de mûsmaky ek mei sil, goait Julian lykwols gau de doar fan it fleantúch yn syn gesicht ticht.

It fleantúch wurdt fuortsketten mei in reuseftige kattepûl dy't de makys op oanwizing fan Skipper boud hawwe, en it bliuwt wûnder boppe wûnder yn 'e loft. As se in skoft ûnderweis binne, mient Alex op ien fan 'e wjukken fan it tastel Mort te sjen, mar as Mort nei him weromwiuwt, lit er by fersin de wjuk los en rekket er it fleantúch kwyt. Net folle letter blykt de brânstof op te wêzen en moat it fleantúch in needlâning meitsje. De dieretúnbisten en kening Julien-en-dy blike har te befinen by in wettergat yn in Afrikaansk natoerreservaat, dêr't Marty, Melman en Gloria foar it earst oare bisten fan harren eigen soarte moetsje. Alex moetet in âldere liuw en liuwinne, dy't syn heit Zuba en syn mem Florrie blike te wêzen. Hy is feringele om mei harren weriene te wêzen, ek al kin er him harren eins mar amperoan tebinnenbringe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Alex makket yndruk op syn âldelju mei ferhalen oer syn bestean as de 'kening fan New York', in bynamme, dy't er krigen hie om't er de dieretúnbesikers altyd sa fermakke mei syn dûnskeunsten. Hy en syn heit prate folslein byinoar lâns: foar Zuba kin de titel fan kening inkeld te krijen hawwe mei fjochtsjen; Alex hat noch nea yn syn libben fochten en it komt net iens by him op om út te lizzen dat er sa neamd wurdt om't er sa'n goede dûnser is. Marty jout him by in mânske keppel sebra's dy't der allegear krekt sa útsjogge en har allegear krekt sa hâlde en drage as hy. Melman, dy't ferijwat in hypochonder is, fljocht it oan as er heart dat der yn it reservaat gjin dokter is. De oare sjiraffen beslute him dêrop oant te stellen as de pleatslike medisynman. Gloria lûkt al rillegau de oandacht fan in mantsje-nylhoars, de glêde fersierder Moto Moto, en koesteret har yn syn belangstelling.

Underwilens sette de pinguïns útein mei de reparaasje fan it fleantúch, eat dêr't gjin begjinnensein oan liket te wêzen om't it nei de needlâning alhiel útinoar leit. Skipper beslút dat der ferlet is fan nije ûnderdielen. Syn oplossing is om 'e auto's te stellen fan kloften toeristen dy't op safary binne, sadat se dy foar ûnderdielen foar it fleantúch kannibalisearje kinne. Mason en Phil rekrutearje in grutte kliber pleatslike sjimpansees om by de reparaasje te helpen. Troch it dwaan fan 'e pinguïns reitsje ferskate groepen toeristen út New York strâne yn 'e Afrikaanske wyldernis. Nana, itselde âldwyfke dat Alex yn 'e earste film yn it treinstasjon in wan bruien joech, is ek mank harren, en sy werpt harsels al rillegau op liedster. Oan 'e Afrikaanske eastkust krûpt ûnderwilens in heal fersûpte Mort oan lân, dêr't er efterfolge wurdt troch in wol hiel fêsthâldende haai.

It entûsjasme fan 'e dieretúnbisten oer harren nije fermidden slacht al rillegau om yn teloarstelling. In âldere, mar fierders neat feroare Makunga stiet derop dat Alex in inisjaasjeritueel ûndergean sil dat alle jonge liuwen trochstean moatte om yn 'e mienskip fan folwoeksen liuwen opnommen te wurden. Troch syn ûntfiering hat Alex dat nea dien. It giet dúdlik om in gefjocht om syn weardichheid as liuw te toanen, mar Alex mient mar dat it in soarte fan talintejacht is. Makunga lit him moai yn dy waan, en bedraacht him noch fierder troch him Teetsi, de sterkste liuw út it reservaat, as syn tsjinstanner kieze te litten. Teetsi weeft sûnder ienige muoite mei Alex ôf. Om't er net slagge is foar syn inisjaasje, moat Zuba no syn eigen soan ferbalje. Dat wegeret er, en ynstee jout er syn posysje as kening op. Makunga grypt gau de kâns om 'e nije kening te wurden en ferballet Alex fuortendaliks.

Marty is ûnderwilens deprimearre rekke troch it besef dat er net unyk is, sa't er altyd tocht hie. It hat nammentlik bliken dien dat alle oare sebra's alles dwaan kinne dat hy kin en ek noch op persiis deselde manear. As er Alex opsiket, pakt dy tefolle om mei syn eigen swierrichheden om him te stypjen. Marty wurdt alhiel poerrazen as boppedat blykt dat Alex him net fan oare sebra's ûnderskiede kin. Melman wurdt troch guon oare sjiraffen oanpraat dat er siik is, om't er in brún plak op syn skouder hat. Hy rekket derfan oertsjûge dat er noch mar twa dagen te libjen hat. Gloria har belangstelling foar Moto Moto makket it der foar Melman net better op, mei't oan it ljocht komt dat er al jierrenlang temûk smoarfereale op har is. Kening Julien trunet Melman op syn folslein eigen wize oan om Gloria oer syn gefoelens te fertellen, mar as er dy goerie opfolgje wol, treft er har mei Moto Moto yn in poel oan. Ynstee dat er har fertelt wat er foar har fielt, sprekt er dan Moto Moto wiidweidich ta en drukt him op it hert om goed foar har te soargjen, mei't er it bêste wyfke fan 'e wrâld oan 'e heak slein hat. Nei Melman syn gloedfolle wurden falt it Gloria mei Moto Moto raar ôf as se beseft dat dy him inkeld ta har oanlutsen fielt om har uterlik.

De oare moarns docht bliken dat it wettergat hommels opdrûge is. Makunga toant himsels in lieder fan neat, mar Alex beslút om 'e rivier streamop te folgjen, om't der grif earne in ferstopping sit. Dêrfoar moat er him bûten it natoerreservaat bejaan, wat foar de bisten út it reservaat taboe is om't nimmen soks oerlibbet. Ear't er ôfset, leit er syn rûzje by mei Marty, dy't beslút him te beselskipjen. Underwilens sjocht Makunga syn kâns skoan om foargoed fan Zuba ôf te kommen troch him te fertellen dat Alex oer de grins fan it reservaat gien is. Zuba set mei tûzen hasten syn soan efternei om dy te rêden.

Kening Julien oppenearret dat de drûchte wolris ôfkeard wurde kin troch immen te offerjen oan 'e goaden, troch him of har yn in deunby leine fulkaan te smiten. Maurice heakket dêr oan ta dat it resultaat fan soks ornaris fifty-fifty is, mar dat is de bisten fan it reservaat goed genôch. As der om in frijwilliger frege wurdt, meldt Melman him oan, dy't ommers dochs noch mar in dei te libjen hat. Alle bisten sette op 'e fulkaan ta, dêr't Melman op it punt stiet om yn 'e siedende lava yn 'e djipte te springen. Gloria beseft dan ynienen dat hy it perfekte mantsje foar har is, en hâldt him op it alderlêste momint tsjin.

Streamop fan it reservaat ûntdekke Alex en Marty dat de New Yorkske toeristen ûnder lieding fan Nana in doarp yn 'e wyldernis en in keardaam yn 'e rivier oanlein hawwe. Alex wurdt troch de toeristen finzen nommen en oan it spit boppe in kampfjoer bûn, sadat er tamakke wurde kin om opiten te wurden (neffens Nana smeitsje liuwen krekt as hin). Zuba besiket him te befrijen, mar hy en Alex reitsje besingele fan 'e toeristen. Alex rêdt harren beiden troch in dûnsfoarstelling te jaan sa't er dat ek altyd yn 'e Central Park Zoo die; de New Yorkers kenne him dan werom as himsels. De iennichste dy't har net fan 'e wize bringe lit, is Nana, dy't in delsmiten jachtgewear oppakt om 'e liuwen dochs noch dea te sjitten en op te iten. Underwilens hat Marty de pinguïns berikt, dy't yn 'e tuskentiid mei de sjimpansees it fleantúch omboud hawwe ta in nuveraardich fleanend apparaat. Marty, Gloria, Melman, de pinguïns en de sjimpansees fleane dêrmei streamop en witte krekt op 'e tiid Alex en Zuba te rêden. Dêrby giet troch miskommunikaasje ek de keardaam nei gychem.

Op 'e top fan 'e fulkaan binne ûnderwilens inkeld kening Julien en Maurice efterbleaun, dy't bemimerje wat sa'n offerritueel tewei bringe kinnen hie. Se krije dêr selskip fan Mort, dy't harren einlings opspoard hat, en dy't hûnderten kilometers fan see noch altyd efterfolge wurdt troch de haai. De haai rûgelet oer de râne fan 'e krater en falt yn 'e lava, en fuort dêrnei streamt der in grutte floedweach troch de rivier nei it wettergat. Dat bewiist foar kening Julien dat syn plan wurke hat. As Alex en Zuba weromkeare yn it reservaat, wol in lulke Makunga harren wer útwize, mar se meitsje him wiis dat se mei geskinken kommen binne en jouwe him it hântaske fan Nana. As it âldwyfke de liuw mei har hântaske sjocht, sleept se him oan syn earen mei om him in wan bruien te jaan. Zuba biedt Alex de titel fan kening oan, mar dy slacht it oanbod ôf, en ynstee hearskje hy en syn heit tenei tegearre oer it reservaat.

Skipper trout mei in froulike bobbleheadpop út it fleantúch, wêrnei't hy, de oare pinguïns, en sjimpansees Mason en Phil mei it fleanende apparaat nei Monte Carlo geane op houliksreis. Alex, Marty, Melman, Gloria en de makys beslute in setsje yn it reservaat útfanhûs te bliuwen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Ben Stiller.
 
Chris Rock.
 
Jada Pinkett Smith.
 
Bernie Mac, dy't stoar ear't de film útkaam.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Alex de liuw Ben Stiller Hans Somers
Marty de sebra Chris Rock Rogier Komproe
Melman de sjiraffe David Schwimmer Fred Butter
Gloria it nylhoars Jada Pinkett Smith Laura Vlasblom


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
kening Julien XIII, in ringsturtmaky Sacha Baron Cohen John Jones
Skipper, de lieder fan 'e pinguïns Tom McGrath Frans Limburg
Zuba de liuw Bernie Mac John Williams
Makunga de liuw Alec Baldwin Ivo Niehe
Maurice, in fingerdier Cedric the Entertainer Murth Mossel
Nana, in âldere New Yorkske frou Elisa Gabrielli Nelly Frijda
Moto Moto it nylhoars will.i.am Ruben Fernhout
Florrie de liuwinne Sherri Shepherd Laura Fygi
Mort, in mûsmaky Andy Richter Dieter Jansen
Kowalski, in pinguïn Chris Miller Paul Klooté
Rico, in pinguïn Jeffrey Katzenberg Bart Bosch
Private (Ned.: "Junior"), in pinguïn Christopher Knights Huub Dikstaal
Mason de sjimpansee Conrad Vernon Victor van Swaay
Teetsi de liuw Fred Tatasciore
Joe de sjiraffe Eric Darnell
de jonge Alex Quinn Dempsey Stiller
Declan Swift
de jonge Marty Thomas Stanley
de jonge Melman Zachary Gordon
de jonge Gloria Willow Smith
Stephen de sjiraffe Stephen Kearin
Bobby de dikdik David P. Smith Patrick Kluivert
nijslêzer Al Roker
streuper #1 Fred Tatasciore
streuper #2 Eric Darnell
in Kaapske buffel Dan O'Connor
in froulik nylhoars Stacy Ferguson
in sjiraffe Harland Williams
in jonge sjiraffe Conneer Rayburn
New Yorker #1 Stephen Kearin
New Yorker #2 Danny Jacobs Patrick Kluivert
New Yorker #3 Dan O'Connor
New Yorker #4 Bridget Hoffman

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Mei de preproduksje fan Madagascar: Escape 2 Africa, de earste jierren noch ûnder de wurktitel Madagascar: The Crate Escape, waard al yn 2005 úteinset, fuort nei't dúdlik wurden wie wat in geweldich kommersjeel súkses oft de foargeande film Madagascar wurden wie. De film waard regissearre troch Eric Darnell en Tom McGrath, dy't ek de earste film makke hiene. Hja wurken op basis fan in senario fan harrensels en Etan Cohen. As produsinten hiene Mireille Soria en Mark Swift de lieding oer it projekt, yn opdracht fan 'e studio's DreamWorks Animation en PDI. Der wie foar Madagascar: Escape 2 Africa in budget beskikber fan $150 miljoen, dûbel safolle as foar de earste film. De filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer en will.i.am fan 'e Black-Eyed Peas.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Madagascar: Escape 2 Africa waard fersoarge troch Paramount Pictures. (De distribúsjerjochten op Madagascar: Escape 2 Africa waarden yn 2014 troch produsint DreamWorks Animation weromkocht fan Paramount Pictures. Se waarden dêrnei oerdroegen oan 20th Century Fox, foar't se yn 2018 by Universal Pictures bedarren.) De film gie op 7 novimber 2008 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

It byhearrende soundtrackalbum, dêr't behalven muzyk fan Hans Zimmer en will.i.am ek lieten fan Boston (More than a Feeling) en Barry Manilow (Copacabana (At the Copa)) op stiene, waard op 8 novimber 2008 útbrocht troch platemaatskippij Interscope. Madagascar: Escape 2 Africa ferskynde op 6 febrewaris 2009 op dvd en blu-ray, yn 'e mande mei twa ôfleverings (Popcorn Panic en Gone in a Flash) fan The Penguins of Madagascar, in spin-off-tekenfilmsearje fan 'e Madagascar-franchise.

Madagascar: Escape 2 Africa ûntfong mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 3 fan 4 stjerren en skreau: "Dit is in blierdere, mear oangripende film as it orizjineel Madagascar." Carrie Rickey fan The Philadelphia Inquirer joech de films lykwols mar 2 fan 4 stjerren en skreau: "Nim de lekke bân dy't Madagascar wie. Plak him mei de ferhaalline fan The Lion King. Pomp him op mei lucht. No hast Madagascar: Escape 2 Africa."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Madagascar: Escape 2 Africa in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 150 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt dat de film "in ferbettering fan 'e orizjinele film [wie], mei mear útwurke personaazjes, skerpere animaasje en konsistintere humor." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Madagascar: Escape 2 Africa in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 25 resinsjes.

Madagascar: Escape 2 Africa brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $180,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $423,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $603,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $150 miljoen betsjut dat in winst fan $453 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Madagascar: Escape 2 Africa in reuseftich kommersjeel súkses en de op fiif nei meast opbringende film fan 2008. Anno 2012 wiene der fierders 7.060.997 eksimplaren fan 'e dvd fan 'e film ferkocht (ferkeap fan 'e blu-ray-edysje net meirekkene), wêrmei't nochris $102,8 miljoen fertsjinne wie.

Madagascar: Escape 2 Africa wûn yn 2009 de Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite animaasjefilm. De film waard nominearre foar de Critics' Choice Award foar bêste animaasjefilm.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Madagascar
 
filmsearje
lange films Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014)
koarte films The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017)
 
tillefyzjesearjes
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??)