Madagascar 3: Europe's Most Wanted

Madagascar 3: Europe's Most Wanted is in Amerikaanske aventoerekomeedzje yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre tekenfilm foar bern en foar folwoeksenen út 2012 ûnder rezjy fan Eric Darnell, Tom McGrath en Conrad Vernon. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Ben Stiller, Chris Rock, David Schwimmer en Jada Pinkett Smith. De titel betsjut "Madagaskar 3: De Meast Sochte Kriminelen fan Jeropa".

Madagascar 3:
Europe's Most Wanted
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Eric Darnell
Tom McGrath
Conrad Vernon
produsint Mireille Soria
Mark Swift
senario Eric Darnell
Noah Baumbach
muzyk Hans Zimmer
filmstudio DreamWorks Animation
PDI
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Ben Stiller
Chris Rock
David Schwimmer
Jada Pinkett Smith
byrollen Sacha Baron Cohen
Tom McGrath
Jessica Chastain
Bryan Cranston
Martin Short
Frances McDormand
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 juny 2012
foarm lange tekenfilm
sjenre aventoerekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 93 minuten
budget en resultaten
budget $145 miljoen
opbringst $746,9 miljoen
filmsearje
filmsearje Madagascar
● foarich diel Madagascar: Escape 2 Africa
● folgjend diel Penguins of Madagascar

It is de trêde film fan 'e Madagascar-filmsearje, en folget as sadanich op Madagascar: Escape 2 Africa, út 2008. It ferhaal giet oer fjouwer bisten út in dieretún yn New York, dy't op alle mooglike manearen besykje thús te kommen nei't se yn 'e film Madagascar skipbrek litten op 'e kust fan Madagaskar. Yn Madagascar: Escape 2 Africa wisten se Afrika te berikken en yn Madagascar 3: Europe's Most Wanted ferfolgje se harren lange tocht nei hûs troch Jeropa.

De film waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskopen waard Madagascar 3: Europe's Most Wanted in trochslaand kommersjeel súkses. Yn 2014 kaam yn deselde searje in spin-off-film út mei de titel Penguins of Madagascar. In direkt ferfolch, Madagascar 4, waard oankundige foar 2018, mar ôfblaasd fanwegen in restrukturearring by filmstudio DreamWorks Animation.

Lang nei't de pinguïns en de sjimpansees yn harren fleanende apparaat foar in fakânsje ôfset binne nei Monte Carlo, wachtsje Alex de liuw, Marty de sebra, Melman de sjiraffe en Gloria it nylhoars yn it natoerreservaat yn Afrika op harren weromkommen, sadat se einlings op hûs oan kinne nei de Central Park Zoo yn New York, dêr't se al sa lang wer hinne wolle. Op in dei beslút Alex dat de pinguïns net weromkomme, en dat se der neat mei opsjitte om mar kalm ôf te wachtsjen. Hy stelt oan 'e oaren foar om mar op eigen manneboet nei Monte Carlo te reizgjen. Kening Julien XIII, selsútroppen master fan 'e makys, beslút mei syn trouwe adviseur Maurice it fingerdier en syn grutste fan Mort de mûsmaky mei harren te gean.

Dat sânresom reizgje se nei Jeropa ta (hoe, dat lit de film blau-blau) en arrivearje yn Monte Carlo, dêr't se weriene wurde mei de psychopatyske pinguïns ûnder lieding fan Skipper en de sjimpasees Mason en Phil. Dy hawwe ûnderwilens mei it goud en de ealstiennen dy't se opdobbe hawwe út it drûchfallen wettergat yn Afrika (sjoch: Madagascar: Escape 2 Africa) flink oan it gokken west yn 'e kasino's fan Monte Carlo. De oankomst fan Alex-en-dy út Afrika ferneatiget op spektakulêre wize harren soarchfâldich opboude dekmantel dy't geheim hâldt dat se bisten binne. Fan gefolgen komt de Monegaskyske ûngediertebestriding harren op it spoar, yn 'e persoan fan 'e kranksinnige kaptein Chantel DuBois, dy't alle bisten deameitsje wol en yn 't bysûnder Alex, mei't se noch gjin jachttrofee mei in liuwekop oan har wand hingjen hat.

Nei in wylde efterfolging troch Monte Carlo witte de bisten DuBois einlings ôf te skodzjen, mar harren fleanende apparaat is ûnderwilens sa skansearre rekke dat it yn Frankryk delstoart en net mear te reparearjen is. As de Frânske plysje, dy't op it trelit fan 'e needlâning ôf kommen is, harren op 'e hakken sit, witte Alex, Marty, Melman, Gloria, de pinguïns, de sjimpansees en de makys in treinstasjon te berikken, dêr't se beskûl sykje yn 'e wagons fan in omreizgjend sirkus troch út te hâlden dat se sels ek sirkusbisten binne. Sa komme se yn 'e kunde mei de ûnnoazele Stefano de seeliuw, de tsjeppe Gia de jagûar en de noartske Vitaly de tiger. As se hearre dat it sirkus nei optredens yn Rome en Londen trochreizgje sil nei New York, sjogge se har kâns skoan om einlings en te'n lêsten wer thús te kommen. De sjimpansees nimme harren minsklike momkape wer oan en brûke harren lêste rykdommen om it sirkus fan 'e sirkusdirekteur oer te keapjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underweis nei Rome kringe kening Julien, Maurice en Mort de wagon fan Sonya de bearinne yn, dy't har oanhâldend ferpleatst op in minuskule trijetsjiller. Foar Julien is it leafde op it earste gesicht. Hy folget har oeral en fynt yn Rome tuskentroch noch tiid om it Forum Romanum ôf te brekken en de biskopsring fan 'e paus te stellen, dy't er letter brûkt om foar Sonya in motorfyts te keapjen as har trijetsjiller stikken rekket. Alex hat der ûnderwilens hiel wat mei te stellen om Marty yn toom te hâlden. Marty is entûsjast oer it sirkus en wol stomme graach mei de tsjeppe hynders Esmeralda, Esperanza en Ernestina meidwaan oan 'e foarstelling. Alex riddenearret lykwols dat de sirkusbisten witte wat se dogge en dat se harren net foar de fuotten rinne moatte, mar gewoan op 'e eftergrûn rêstich ôfwachtsje oant se thúsbrocht wurde. It optreden yn Rome rint lykwols út op in fiasko as bliken docht dat de sirkusbisten der mar wat in slach nei slane, en it sirkus moat halje-trawalje flechtsje as lulke klanten harren jild weromeaskje.

Underwilens is DuBois Alex-en-dy wer op it spoar kommen en nei Rome folge, mar troch har besykjen om kâldwei in motorscooter fan 'e Italjaanske plysje te stellen, bedarret se sels yn 'e sel. Tsjin 'e tiid dat se dêr op fernimstige wize út wit te ûntsnappen, is it sirkus alwer fuort. Se ûntdekt lykwols dat Alex de ferneamde fermiste liuw út 'e Central Park Zoo is.

Yn 'e Switserske Alpen lit Alex de trein hohâlde. Hy beseft dat se op dizze wize nea yn New York komme sille, mei't it Amerikaanske toernee fan it sirkus ôfhinget fan 'e positive beoardieling fan in Amerikaanske promoter by it optreden yn Londen. Stefano fertelt Alex dat Vitaly de tiger foarhinne de grutste stjer fan it sirkus wie. Hy koe troch hoepen springe dy't mar sa grut as in fingerring wiene, wêrfoar't er himsels ynsmaarde mei oliifoalje. Doe't er lykwols ris troch in brânende fingerring besocht te springen, die bliken dat oliifoalje brânber is. Vitaly ferlear al syn hier en rûn in trauma op, en doarst nea wer op te treden. Neitiid lieten de oare sirkusbisten ek de moedfearren hingje, mei as gefolch dat it mei it sirkus gaueftich yn it neigean rekke.

Alex, dy nea om wurden ferlegen sit, praat de sirkusbisten nije moed yn en betinkt optredens dy't better by guon fan 'e bisten passe. Stefano beslút syn libbenslange dream wurklikheid te meitsjen en himsels as libbene kanonskûgel út in kanon sjitte te litten. As dat misgiet en Marty him rêde moat, ûntdekt Marty dat er in passy hat foar fleanen. Neitiid ferbetterje Stefano en Marty tegearre de libbene kanonskûgelact. Gloria en Melman ûntdekke, mear troch gelok as wiisheid, dat se tige geskikt binne om as toudûnsers oan it wurk, en Gia, op wa't Alex fereale oan it reitsjen is, daget Alex út om har de trapeze-act te learen dêr't er fan swetst hat om yn Monako yn 'e sirkustrein talitten te wurden. Hy kin dan net werom en moat syn wurden wiermeitsje. Ear't se lang de tiid hân hawwe om te trainen, moatte it sirkus alwer fierder, mei't de pinguïns, dy't fungearje as útkyk, de fêsthâldende DuBois yn 'e Alpen sinjalearre hawwe.

Nei't it sirkus yn Londen arrivearre is, ûntdekt Alex dat Vitaly de tiger op it punt stiet om fan rutens te spyljen. Hy kin de stoefe tiger lykwols mei wurden wol oer en bepraat him om op 'e nij syn optreden te prebearjen, mar diskear mei hierconditioner as glydmiddel ynstee fan brânbere oliifoalje. As de stunt slagget, fynt Vitaly syn selsfertrouwen en libbensnocht werom. Ek de rest fan 'e foarstelling is in trochslaand súkses, en de Amerikaanske promoter tekent it kontrakt foar it Amerikaanske sirkustoernee. Neitiid dûke DuBois en har ûnderhearrigen wer op, dy't in fermissingsposter fan Alex sjen litte dêr't út blykt dat er in dieretúnbist is ynstee fan in sirkusbist. Hoewol't de pinguïns DuBois-en-dy oermasterje en fuortsjitte mei it kanon, is Alex dan twongen om it bedroch fan himsels en syn maten op te bychtsjen. De sirkusbisten binne teloarsteld en fiele har brûkt en beliigd.

Nei't it sirkus yn New York oankomt, geane Alex, Marty, Melman en Gloria, beselskippe fan kening Julien, werom nei de Central Park Zoo. As se dêr oankomme, lykje har de bisteferbliuwen lytser en suteriger ta as se har tebinnenbringe kinne. Se beseffe dat de ferbliuwen net lytser wurden binne, mar dat se sels troch harren ûnderfinings yn 'e widere wrâld groeid binne. Se beprate wat se dwaan sille en beslute om werom te gean nei it sirkus, mei't dat no harren wiere thús is. Ear't se ôfsette kinne, wurde se lykwols troch DuBois en har trewanten mei ferdôvingsgewearen delsketten. Om't Alex te grut is om yn har hânbagaazje te passen, hellet se in seage foar 't ljocht om him de kop ôf te seagjen, mar krekt op dat stuit wurde se lyk foar de haadyngong fan 'e Central Park Zoo ûntdutsen troch de oppassers fan 'e dieretún. Dy ferkeare yn 'e misse oertsjûging dat DuBois-en-dy de fermiste bisten werombesoargje woene, en helje harren yn as helden.

Letter wurd Alex, ta syn ôfgriis, wekker yn syn âlde ferbliuw yn 'e dieretún, dat no mei ekstreem hege stekken befeilige is sadat in nije ûntsnapping der net yn sit. Underwilens wit de troch in ferdôvingspylkje rekke en mar heal bedwelme kening Julien it sirkus wer te berikken, dêr't de pinguïns útriddenearje wat der bard is. Hja beprate de sirkusbisten om te helpen by in rêdingsmisje. Dy jûns, as DuBois troch de boargemaster fan New York huldige wurdt by in feestlike parsekonferinsje yn 'e dieretún, laadt sy temûk har ferdôvingspistoal mei fergif om Alex yn it iepenbier deadzje te kinnen. Dat wurdt lykwols foarkomd troch de oankomst fan 'e pinguïns, de makys en de sirkusbisten ûnder lieding fan Skipper. DuBois en har trewanten wurdt foargoed mei ôfweefd en Alex, Marty, Melman en Gloria witte út 'e dieretún te ûntsnappen om har wer by it sirkus te jaan dat yn 'e loft boppe de dieretún in net tarette foarstelling fersoarget. As DuBois letter wekker wurdt, blykt dat sy en har trewanten fêstbûn en knevele yn in stikmannich kisten sitte oan board fan in frachtskip dat ûnderweis is nei Madagaskar.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Ben Stiller (2012).
 
Sacha Baron Cohen (2011).
 
Jessica Chastain (2012).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Alex de liuw Ben Stiller Hans Somers
Marty de sebra Chris Rock Rogier Komproe
Melman de sjiraffe David Schwimmer Fred Butter
Gloria it nylhoars Jada Pinkett Smith Laura Vlasblom


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
kening Julien XIII, in ringsturtmaky Sacha Baron Cohen John Jones
Skipper, de lieder fan 'e pinguïns Tom McGrath Frans Limburg
Gia de jagûar Jessica Chastain Georgina Verbaan
Vitaly de tiger Bryan Cranston Robert ten Brink
Stefano de seeliuw Martin Short Charly Luske
kaptein Chantel DuBois Frances McDormand Loes Luca
Maurice, in fingerdier Cedric the Entertainer Murth Mossel
Mort, in mûsmaky Andy Richter Dieter Jansen
Kowalski, in pinguïn Chris Miller Paul Klooté
Rico, in pinguïn Jeffrey Katzenberg Bart Bosch
Private (Ned.: "Junior"), in pinguïn Christopher Knights Huub Dikstaal
Mason de sjimpansee Conrad Vernon Sander de Heer
Sonya de bearinne Frank Welker
Esmeralda, Esperanza en Ernestina de hynders Paz Vega
Freddie de hûn Vinnie Jones
Jonesy de hûn Steve Jones
Frankie de hûn Nick Fletcher
Shakey de hûn Jules de Jongh
Italjaanske plysjekommandant Eric Darnell Paul Disbergen
boargemaster fan New York Daniel O'Connor
sirkusdirekteur Danny Jacobs
wurknimmer fan 'e Central Park Zoo Eric Darnell
befeiligingsman fan kasino yn Monte Carlo Daniel O'Connor
krûpier yn it kasino Danny Jacobs

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Madagascar 3: Europe's Most Wanted waard yn 2008, nei de premiêre fan Madagascar: Escape 2 Africa oankundige troch Jeffrey Katzenberg, de algemien direkteur fan DreamWorks Animation. Hy sei: "Der sil teminsten noch ien haadstik by komme. We wolle dat de personaazjes úteinlik weromkeare nei New York.

Madagascar 3: Europe's Most Wanted waard regissearre troch Eric Darnell en Tom McGrath, dy't ek ferantwurdlik west hiene foar de beide eardere films. Foar dizze trêde edysje krigen se fersterking fan Conrad Vernon, dy't earder as animator en stimakteur by de franchise belutsen west hie. Hja wurken op basis fan in senario dat skreaun wie troch Darnell en bewurke en werskreaun troch Noah Baumbach. As produsinten wiene Mireille Soria en Mark Swift by it projekt belutsen, foar de filmstudio's DreamWorks Animation en PDI. Der wie foar Madagascar 3: Europe's Most Wanted in budget beskikber fan $145 miljoen. De filmmontaazje waard dien troch Nick Fletcher, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Hans Zimmer.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Madagascar 3: Europe's Most Wanted waard fersoarge troch Paramount Pictures. (De distribúsjerjochten op Madagascar 3: Europe's Most Wanted waarden yn 2014 troch produsint DreamWorks Animation weromkocht fan Paramount Pictures. Se waarden dêrnei oerdroegen oan 20th Century Fox, foar't se yn 2018 by Universal Pictures bedarren.)

De film waard op 18 maaie 2012 foar it earst fertoand as ûnderdiel fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Hy gie op 8 juny 2012 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It soundtrackalbum mei filmmuzyk fan Hans Zimmer en nûmers fan Edith Piaf (hoewol songen troch Frances McDormand) en Katy Perry waard op 5 juny publisearre troch platemaatskippij Interscope Records. Op 16 oktober 2012 kaam Madagascar 3: Europe's Most Wanted út op dvd en blu-ray.

Madagascar 3: Europe's Most Wanted krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Lisa Kennedy fan The Denver Post de film 31/2 fan 4 stjerren en skreau: "Ut en troch bart it ûnwierskynlike: in ferfolchfilm is better as it orizjineel." Yn 'e Star Tribune stelde Colin Covert fêst dat Madagascar 3: Europe's Most Wanted de latte tige heech lei foar animearre komeedzjefilms. Hy parte de film ek 31/2 fan 4 stjerren ta. En Stephen Witty fan 'e Newark Star-Ledger neamde de film "grappich en fluchbewegend famyljefermaak." Hy skreau ek: "It drokke sirkusoptreden fan 'e bisten, ôfbylde yn blacklightkleuren op it ritme fan in Katy Perry-liet, soe wolris de stoned-eftichste sêne yn in mainstream-bernefilm wêze kinne sûnt Dumbo dy rôze oaljefanten seach."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Madagascar 3: Europe's Most Wanted in prima goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 130 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Tûzelingwekjende kleurryk en enerzjyk as [de film] is, is er healwiis genôch foar jonge bern, mar ek ferrassend byderhant genôch om ûnderweis âldelju te fermeitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Madagascar 3: Europe's Most Wanted in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 26 resinsjes.

Madagascar 3: Europe's Most Wanted brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $216,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $530,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $746,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $145 miljoen betsjut dat in winst fan $601,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Madagascar 3: Europe's Most Wanted in daverjend kommersjeel súkses en de op sân nei meast opbringende film fan 2012. It wie ek de op tsien nei meast opbringende animaasjefilm aller tiden en de op 51 nei meast opbringende film aller tiden.

Madagascar 3: Europe's Most Wanted waard yn 2013 nominearre foar fjouwer Annie Awards, twa Satellite Awards, in Critics' Choice Award, twa Teen Choice Awards en trije Kids' Choice Awards. De film wûn lykwols inkeld in ASCAP Award foar de filmmuzyk fan Hans Zimmer.

Yn 'e Madagascar-filmsearje waard Madagascar 3: Europe's Most Wanted folge troch in spin-off-film oer de pinguïns, Penguins of Madagascar, dy't yn 2014 útkaam en it ferhaal oppikt fuort nei de ein fan Madagascar 3: Europe's Most Wanted. Yn juny 2014 waard oankundige dat in fjirde film yn 'e haadrige fan Madagascar, mei as wurktitel Madagascar 4, yn 2018 yn 'e bioskoop komme soe. Yn jannewaris 2015 fierde filmstudio DreamWorks Animation lykwols in restrukturearring fan 'e eigen organisaasje troch en doe waard ek fêststeld dat der tenei noch mar twa films yn 't jier útbrocht wurde soene. Fan gefolgen waard Madagascar 4 doe fan it skema fan 'e studio skrast. Yn april 2017 hie regisseur Tom McGrath noch goede hoop dat de fjirde film der úteinlik komme soe, al koed er neat ûnthjitte. Anno 2021 is dêr fierder noch neat oer bekend.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Madagascar
 
filmsearje
lange films Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014)
koarte films The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017)
 
tillefyzjesearjes
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??)