Madagascar (franchise)

(Trochferwiisd fan Madagascar (filmsearje))

Madagascar is in Amerikaanske kompjûteranimearre mediafranchise foar bern en foar folwoeksenen nei in idee fan Eric Darnell en Tom McGrath. De franchise is eigendom fan tekenfilmstudio DreamWorks Animation, in ûnderdiel fan filmstudio Universal Pictures. De franchise sette yn 2005 útein mei de lange tekenfilm Madagascar, dy't ûnferwachts in reuseftich kommersjeel súkses waard. De film gie oer fjouwer dieretúnbisten (in liuw, in sebra, in sjiraffe en in nylhoars) dy't troch in gearrin fan omstannichheden harren loksillige luzelibbentsje yn finzenskip kwytreitsje en op Madagaskar bedarje, dêr't se yn it wyld sjen moatte te oerlibjen. Twa ferfolchfilms waarden oer deselde personaazjes makke en teffens in tekenfilmsearje, in koarte film en in tillefyzjespecial. Inkele bypersonaazjes krigen de haadrol yn eigen spin-offproduksjes: de psychopatyske pinguïns yn in tekenfilmsearje, in film, en in koarte film, en de narsistyske ringsturtmaky kening Julien yn in tekenfilmsearje en twa koarte films.

Madagascar
betinker Eric Darnell
Tom McGrath
eigner DreamWorks Animation
   (diel f. Universal Pictures)
lân Feriene Steaten
begjinjier 2005
films
langspylfilms Madagascar
Madagascar: Escape 2
   Africa

Madagascar 3: Europe's
   Most Wanted

Penguins of Madagascar
koarte films The Madagascar Penguins
   in a Christmas Caper

Madly Madagascar
All Hail King Julien: New
   Year's Eve Countdown

All Hail King Julien: Happy
   Birthday to You!
tillefyzje
tekenfilmsearjes The Penguins of
   Madagascar

All Hail King Julien
Madagascar: A Little Wild
specials Merry Madagascar
spultsjes
fideospultsjes sjoch list
muzyk
soundtracks Madagascar
Madagascar: Escape 2
   Africa

Madagascar 3: Europe's
   Most Wanted
offisjele webside
madagascar.dreamworks.com

Haadfilmrige

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Madagascar (film út 2005).

Yn Madagascar komt it filmpublyk yn 'e kunde mei Alex de liuw (ynsprutsen troch Ben Stiller), Marty de sebra (Chris Rock), Melman de sjiraffe (David Schwimmer) en Gloria it nylhoars (Jada Pinkett Smith), dy't in fan alle gemakken foarsjoen luzelibbentsje liede yn 'e Central Park Zoo yn New York. Marty is lykwols deprimearre rekke troch de deistige sleur yn 'e dieretún, en langet nei in aventoerlik bestean yn 'e wyldernis. As er besiket út te naaien, komme syn freonen him efternei om him syn nuvere opstigings te ûntpraten, mei as gefolch dat se alle fjouwer op transport set wurde nei Afrika om yn it wyld útset te wurden. Fral foar Alex is dat in ôfgriis. It wurdt noch helte minder as de healwize pinguïns it skip kape en de fjouwer freonen net yn Afrika, mar op Madagaskar bedarje, dêr't se te meitsjen krije mei de narsistyske kening Julien XIII (Sacha Baron Cohen), de selsútroppen master fan 'e makys.

Madagascar waard regissearre troch Eric Darnell en Tom McGrath nei in senario fan harrensels, Mark Burton en Billy Frolick. De film gie op 25 maaie 2005 yn premiêre, en brocht $532,7 miljoen op tsjin in budget fan $75 miljoen. Dêrmei wie Madagascar in reuseftich kommersjeel súkses, dat oan 'e widze stie fan 'e bredere franchise mei deselde namme dy't derút fuortkaam.

 
It logo fan Madagascar: Escape 2 Africa.

Madagascar: Escape 2 Africa

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Madagascar: Escape 2 Africa.

Yn Madagascar: Escape 2 Africa wurde de aventoeren fan Alex (Ben Stiller), Marty (Chris Rock), Melman (David Schwimmer) en Gloria (Jada Pinkett Smith) folge as se út Madagaskar weromfleane wolle nei New York, mar in needlâning meitsje moatte yn Afrika. Dêr wurdt Alex weriene mei syn âlden Zuba (Bernie Mac) en Florrie (Sherri Shepherd). As lykwols dúdlik wurdt dat Alex gjin idee hat hoe't er yn it wyld oerlibje moat, sjocht de liuw Makunga (Alec Baldwin) syn kâns skoan om dat tsjin Zuba te brûken, sadat er dyselde fan 'e troan stjitte en sels kening fan 'e bisten wurde kin.

Madagascar: Escape 2 Africa waard regissearre troch Eric Darnell en Tom McGrath nei in senario fan harrensels en Etan Cohen. De film gie op 7 novimber 2008 yn premiêre, en brocht $603,9 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen.

 
It logo fan Madagascar 3: Europe's Most Wanted.

Madagascar 3: Europe's Most Wanted

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Madagascar 3: Europe's Most Wanted.

Yn Madagascar 3: Europe's Most Wanted besykje Alex (Ben Stiller), Marty (Chris Rock), Melman (David Schwimmer) en Gloria (Jada Pinkett Smith) noch altyd út alle macht werom te kearen nei New York. Diskear witte se yn 'e mande mei de pinguïns en kening Julien de ringsturtmaky (Sacha Baron Cohen) Jeropa te berikken, dêr't se har by in sirkus jouwe en befreone reitsje mei Stefano de seeliuw (Martin Short), Vitaly de tiger (Bryan Cranston), Gia de jagûar (Jessica Chastain) en Sonya de bearinne (Frank Welker), dy't de wiere leafde blykt te wêzen fan kening Julien. Mei-inoar blaze se it needlijende sirkus nij libben yn wylst se oanhâldend efterfolge wurde troch de fanatike Monegaskyske ûngediertebestriidster Chantel DuBois (Frances McDormand).

Madagascar 3: Europe's Most Wanted waard regissearre troch Eric Darnell, Tom McGrath en Conrad Vernon nei in senario fan Darnell en Noah Baumbach. De film gie op 8 juny 2012 yn premiêre, en brocht $746,9 miljoen op tsjin in budget fan $145 miljoen.

Mooglike fjirde film

bewurkje seksje

In fjirde film yn 'e haadrige, mei as wurktitel Madagascar 4, stie yn 'e planning om yn maaie 2018 út te kommen. Dat rûn lykwols op 'e non doe't filmstudio DreamWorks Animation yn 2015 bestjoerlik hielendal herfoarme waard en it belied ynfierd waard om tenei noch mar twa films yn it jier te meitsjen. Anno 2021 is de fjirde Madagascar-film noch altyd yn 'e preproduksjefaze.

Spin-off-film

bewurkje seksje
 
It logo fan Penguins of Madagascar.

Penguins of Madagascar

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Penguins of Madagascar.

Penguins of Madagascar is in spin-off-film fan 'e Madagascar-searje, dy't draait om 'e pinguïns Skipper (Tom McGrath), Kowalski (Chris Miller), Rico (Conrad Vernon) en Private (Christopher Knights). Se krije te meitsjen mei de oktopus Dave (John Malkovich), dy't wrok koesteret tsjin pinguïns om't besikers fan iepenbiere akwaria harren sa skattich fine dat se der leaver nei sjogge as nei in oktopus. Dêrom hat er in manear betocht om pinguïns te mutearjen ta walchlike meunsters, dy't er fan doel is los te litten op 'e minsklike befolking. De pinguïns fan Madagaskar en in elite-undercovertaakgroep fan ferskate bistesoarten út it Arktysk Gebiet moatte gearwurkje om Dave tsjin te hâlden.

It healwize kwartet pinguïns út Madagascar wie sa'n súkses dat al fan 2005 ôf wurke waard oan in spin-off-film dy't folslein oan harren wijd wie. Dat waard Penguins of Madagascar (net te betiizjen mei de tillefyzjesearje The Penguins of Madagascar). De film waard regissearre troch Eric Darnell en Simon J. Smith nei in senario fan Michael Colton, John Aboud en Brandon Sawyer. Penguins of Madagascar gie op 14 novimber 2014 yn premiêre, en brocht $373,6 miljoen op tsjin in budget fan $132 miljoen. Nettsjinsteande de goede opbringst kaam de film net út 'e ekstra kosten dy't foar marketing en sawathinne makke wiene.

Koarte films

bewurkje seksje

The Madagascar Penguins in a Christmas Caper

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Madagascar Penguins in a Christmas Caper.

The Madagascar Penguins in a Christmas Caper is in koarte film oer de pinguïns fan Madagaskar, wêryn't dyselden op krystjûn út 'e Central Park Zoo ûntsnappe foar in rêdingsmisje nei't se ûntdutsen hawwe dat ien fan harren fermist wurdt. De film, mei in spyldoer fan 12 minuten, waard regissearre troch Gary Trousdale nei in senario fan Michael Lachanse. The Madagascar Penguins in a Christmas Caper wie fan 7 oktober 2005 ôf yn 'e bioskopen te sjen as foarfilm fan Wallace & Gromit: The Curse of the Were-Rabbit.

Madly Madagascar

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Madly Madagascar.

Madly Madagascar is in koarte film mei in Falentynsdeitema, wêryn't kening Julien (Danny Jacobs) in leafdesdrankje ûntdekt en it begjint te sliten oan alle bisten by it wettergat. Marty (Chris Rock) wurdt dêrtroch seksueel oantreklik foar alle froulike bisten, wylst Alex (Ben Stiller) dermei ompakt dat er yn Afrika net it mulpunt fan 'e belangstelling is en Melman (David Schwimmer) en Gloria (Jada Pinkett Smith) har eigen leafdesperikelen belibje. De pinguïns sette ûnderwilens in rêdingsoperaasje op tou foar de pop dêr't Skipper (Tom McGrath) fereale op wurden is. Madly Madagascar waard regissearre troch David Soren nei in senario fan himsels. De film, dy't in spyldoer fan 22 minuten hat, waard op 29 jannewaris 2013 útbrocht.

All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown

bewurkje seksje

All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown is in koarte film mei in spyldoer fan 3 minuten, dy't basearre is op 'e tillefyzjesearje All Hail King Julien. It filmke, dat op 26 desimber 2017 fia streamingstsjinst Netflix útbrocht waard, lit sjen hoe't âld en nij troch de bisten op Madagaskar fierd wurdt.

All Hail King Julien: Happy Birthday to You!

bewurkje seksje

All Hail King Julien: Happy Birthday to You! is in koarte film mei in spyldoer fan 1 minút, dy't ek wer basearre is op 'e tillefyzjesearje All Hail King Julien. Dit filmke waard op 14 septimber 2017 fia Netflix publisearre, en lit sjen hoe't kening Julien de ringsturtmaky feestfiert foar de jierdei fan 'e sjogger (en ek foar himsels).

Tillefyzjespecial

bewurkje seksje

Merry Madagascar

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Merry Madagascar.

Merry Madagascar is in tillefyzjespecial ta gelegenheid fan kryst, wêryn't de bisten fan Madagaskar by fersin de slide fan 'e krystman út 'e loft sjitte. As bliken docht dat de âldman troch de klap fan it delstoarten syn ûnthâld kwytrekke is, sit der neat oars op as dat de bisten eigenhandich de wrâld yn 't rûn pakjes besoargje. Merry Madagascar waard regissearre troch David Soren nei in senario fan himsels. De special, dy't in spyldoer fan 28 minuten hat, kaam op 17 novimber 2009 foar it earst op 'e tillefyzje by it Amerikaanske netwurk NBC

 
It logo fan The Penguins of Madagascar.

Tillefyzjesearjes

bewurkje seksje

The Penguins of Madagascar

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Penguins of Madagascar.

The Penguins of Madagascar is spin-off-tekenfilmsearje fan 'e Madagascar-franchise, mei de fjouwer tipelsinnige pinguïns as de haadpersonaazjes: de slûchslimme lieder Skipper (Tom McGrath), de geniale útfiner Kowalski (Jeff Bennett), de domme bullebak Rico (John DiMaggio) en de jonge en entûsjaste Private (James Patrick Stuart). (Private wurdt yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring 'Junior' neamd.) De searje spilet yn 'e Central Park Zoo yn New York, dêr't de pinguïns harren ferbliuw brûke as basis foar it útfieren fan geheime misjes yn 'e hiele stêd. Yn 'e searje binne ek kening Julien (Danny Jacobs) en syn fêste asstinten Maurice (Kevin Michael Richardson) en Mort (Andy Richter) bewenners fan 'e dieretún, hoewol't nea rjocht ferklearre wurdt hoe't sy dêr kommen binne. Fierders yntrodusearret de searje ek in nij personaazje, de otter Marlene (Nicole Sullivan).

The Penguins of Madagascar rûn trije seizoenen, fan novimber 2008 oant novimber 2012, wêrnei't fan desimber 2013 oant desimber 2015 noch sân nije ôfleverings makke waarden. Yn totaal wiene der 149 ôfleverings. De searje waard oarspronklik útstjoerd troch Nickelodeon. The Penguins of Madagascar wûn ferskate prizen, wêrûnder twa BAFTA's, fjouwer Annie Awards en alve Emmy Awards.

 
It logo fan All Hail King Julien.

All Hail King Julien

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side All Hail King Julien.

All Hail King Julien is in spin-off-tekenfilmsearje oer kening Julien XIII (Danny Jacobs), de selsútroppen 'master fan 'e makys', dy't yn 'e wyldernis fan Madagaskar spilet foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Madagascar. As kening Julien XII (Henry Winkler), ornaris omke-kening Julien neamd, in tige strange en leffe maky, in foarsizzing te hearren kriget dat de kening opfretten wurde sil troch fossa's, docht er troansôfstân yn it foardiel fan syn omkesizzer Julien XIII, in notoir feestbist. Neitiid moat dyselde mei de help fan syn trouwe adviseur Maurice (Kevin Michael Richardson), syn liifwacht Clover (India de Beaufort) en syn grutste fan Mort (Andy Richter) net inkeld omke-kening Julien en de fossa's op ôfstân sjen te hâlden, mar ek de sljochtsinnige fanaloka Karl en Clover har boasaardige twillingsuster Crimson.

All Hail King Julien rûn seis seizoenen, fan desimber 2014 oant desimber 2017, en waard oarsponklik útstjoerd troch streamingstsjinst Netflix. Yn totaal wiene der 78 ôfleverings. De searje wûn sân Emmy Awards.

 
It logo fan Madagascar: A Little Wild.

Madagascar: A Little Wild

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Madagascar: A Little Wild.

Madagascar: A Little Wild is de earste tekenfilmsearje fan 'e Madagascar-franchise foar op 'e tillefyzje mei de haadpersonaazjes út 'e oarspronklike films as haadpersoanen. De searje is krekt as All Hail King Julien in prequel fan 'e film út 2005 en toant de jongere ferzjes fan Alex de liuw (Tucker Chandler), Marty de sebra (Amir O'Neil), Melman de sjiraffe (Luke Lowe) en Gloria it nylhoars (Shaylin Becton) yn 'e Central Park Zoo yn New York. Madagascar: A Little Wild kaam foar it earst yn septimber 2020 beskikber fia de streamingstsjinsten Hulu en Peacock. In twadde seizoen kaam op 11 desimber 2020 út.

Der binne ferskate toanieladaptaasjes west dy't basearre wiene op 'e Madagascar-franchise.

Madagascar Live!

bewurkje seksje

Madagascar Live! wie in teätershow fan 90 minuten dy't basearre wie op 'e earste film. It wie de twadde show dy't produsearre waard troch DreamWorks Theatricals en Broadway Across America nei Shrek: The Musical. It toernee begûn op 28 jannewaris 2011 yn York (Pennsylvania) en it wie de bedoeling dat santich stêden oandien wurde soene. Mar nei in foarstelling yn 'e Radio City Music Hall yn New York waard it toernee fierder ôflast omreden fan "ûnfoarsjoene omstannichheden". Madagascar Live! wie fan jannewaris oant maart 2013 wol yn njoggen stêden yn it Feriene Keninkryk te sjen.

Madagascar Live! Prepare to Party

bewurkje seksje

Madagascar Live! Prepare to Party wie in live-teätershow mei dûns en sang om Alex de liuw, Gloria it nylhoars, kening Julien, Mort de mûsmaky en de pinguïns hinne. De show wie fan 2012 ôf te sjen yn it Britske ferdivedaasjepark Chessington World of Adventures en it Australyske ferdivedaasjepark Dreamworld. Yn Chessington is it anno 2020 stopset, dat it is no inkeld noch yn Dreamworld te sjen.

Madagascar Live! It's Circus Time

bewurkje seksje

Madagascar Live! It's Circus Time is in live-teätershow fan 30 minuten dy't basearre is op 'e film Madagascar 3: Europe's Most Wanted. De plot folget de bisten fan Madagaskar yn it sirkus, dêr't se de bistefangster Chantel DuBois te fluch ôf wêze moatte. De show gie yn 2012 in premiêre yn it Everland Resort yn Súd-Koreä, en is fan 2013 ôf te sjen yn Heide Park yn Dútslân en Gardaland yn Itaalje.

Madagascar Live! Operation: Vacation

bewurkje seksje

Madagascar Live! Operation: Vacation wie in live-teätershow fan 20 minuten mei yn 'e haadrollen Alex de liuw, Gloria it nylhoars, kening Julien, Mort de mûsmaky en de pinguïns. Se waarden begelaat troch dûnsers en sjongers. De show wie fan 2013 oant jannewaris 2015 te sjen yn it iepenbier akwarium SeaWorld yn San Diego en fan 2013 oant septimber 2015 yn 'e Busch Gardens yn Tampa.

 
Boerd fan 'e wyldwetterrit Madagascar: A Crate Adventure yn it ferdivedaasjepark Universal Studios Singapore yn Singapoer.

Madagascar: The Musical

bewurkje seksje

Yn 2018 waard yn it Feriene Keninkryk in musical op basis fan 'e Madagascar-franchise op 'e planken brocht, dy't as titel hie "Madagascar: The Musical.

Fideospultsjes

bewurkje seksje

Der binne ferskate fideospultsjes makke op basis fan Madagascar. Dêrby giet it om:

Ferdivedaasjeparken

bewurkje seksje

Madagascar is ien fan 'e sân dielen fan it ferdivedaasjepark Universal Studios Singapore yn Singapoer, mei wielderich tropysk reinwâld, de wyldwetterrit Madagascar: A Crate Adventure en de draaimole King Julien's Beach Party-Go-Round. Madagascar Madness is fan 2012 ôf ien fan 'e trije dielen fan it Australyske ferdivedaasjepark Dreamworld, mei û.o. in live-teätershow, de achtbaan Escape from Madagascar en de sûvernirwinkel Madagascar Cargo Hold.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Madagascar
 
filmsearje
lange films Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014)
koarte films The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017)
 
tillefyzjesearjes
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??)