Majorkareuzesliepmûs
De Majorkareuzesliepmûs (Latynske namme: Hypnomys morpheus) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e Baleaarske sliepmûzen (Hypnomys). Dizze soarte bestie fan it Midden-Pleistoseen oant resint (d.w.s. inkele tûzenen jierren lyn), en wie yn syn fersprieding beheind ta it eilân Majorka, ien fan 'e Spaanske Baleären, yn it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See.
Majorkareuzesliepmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Fossilisearre skeletten fan 'e Majorkareuze- sliepmûs yn 'e Cova des Pas de Vallgornera. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Hypnomys morpheus | ||||||||||||
Bate, 1919 | ||||||||||||
IUCN-status: n.f.t. (fossyl) | ||||||||||||
Taksonomy
bewurkje seksjeDe Majorkareuzesliepmûs wie folle grutter as syn neiste sibben op it fêstelân fan Jeropa, en wurdt dêrom beskôge as in foarbyld fan eilângigantisme, it ferskynsel dat guon bistesoarten dy't isolearre op eilannen libje har ta folle gruttere foarmen ûntjouwe as dat op it fêstelân oerlibje kinne soene. Dizze soarte waard foar it earst yn 1919 wittenskiplik beskreaun troch de paleontologe Dorothea Bate. De Majorkareuzesliepmûs wie it naust besibbe oan 'e (krektlyk útstoarne) Minorkareuzesliepmûs (Hypnomys mahonensis) fan it buoreilân Minorka, en dêrnei oan 'e skaai fan 'e ikelmûzen (Eliomys).
Beskriuwing
bewurkje seksjeNeffens in ûndersyk út 2011 hie de Majorkareuzesliepmûs in kop-romplingte fan 17,9 sm, mei in sturtlingte fan 11,6 sm en in gewicht fan 173-284 g. Saakkundigen binne fan tinken dat it in omnivoar wie, dy't mooglik op 'e grûn libbe ynstee fan yn 'e beammen, lykas de measte sliepmûzen. De oankomst fan 'e minske op Majorka wurdt as ien fan 'e haadoarsaken fan it útstjerren fan dit bist beskôge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|