Minorka
Minorka (Spaansk: Menorca, útspr.: [me'norka]; Katalaansk: Menorca, útspr.: [mə'nɔrkə]) is in Spaansk eilân yn it Westlike Bekken fan 'e Middellânske See en it op ien nei grutste eilân fan 'e arsjipel fan 'e Baleären. De haadstêd en grutste stêd fan it eilân is Mahón (Katalaansk: Maó). Bestjoerlik foarmet Minorka in regio of eilânrie binnen de Baleären. De beneaming "Minorka" komt fan it Latynske Insula Minor ("Lytser Eilân"), wat yn 'e Romeinske Tiid de namme fan it eilân wie. Letter waard dat ferbastere ta Minorica, "it Lytsere", yn tsjinstelling ta it buoreilân Majorka, "it Gruttere".
Minorka Spaansk en Katalaansk: Menorca | |
---|---|
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
De lokaasje fan Minorka yn 'e Baleären. | |
algemien | |
gebietsdiel fan | Spanje ● de Baleären |
pol. status | regio ("eilânrie") |
haadstêd | Mahón (Kat.: Maó) |
offisjele taal | Spaansk en Katalaansk |
ynwennertal | 94.383 (2010) |
befolkingstichtens | 135,7 / km² |
oerflak | 695,7 km² |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC+1 (WJT) |
webside | www.cime.es |
Geografy
bewurkje seksjeMinorka is ien fan 'e fjouwer haadeilannen fan 'e Baleären, mei in oerflak fan krapoan 696 km². It leit yn it Westlike Mediterrane Bekken, mei oan 'e noardwestkant de Baleaarske See en oan 'e súdeastkant de iepen Middellânske See. Oare kant in frij brede seestrjitte oan 'e súdwestlike side fan it eilân leit it buoreilân Majorka, wylst de oare beide Baleaarske haadeilannen, Ibytsa en Formenteara, noch fierder dat út lizze, oare kant Majorka. Minorka sels is in eilân mei in fierhinne rotsige ûndergrûn. It heechste punt is de Monte Toro, mei in hichte fan 358 m.
Skiednis
bewurkje seksjeMinorka stiet bekend om syn megalityske stiennene bouwurken, dêr't in heechsteande ier prehistoaryske minsklike bewenning út blykt. De brûkte boustyl liket oan te tsjutten dat der doedestiden al kontakten wiene mei de Minoyske kultuer fan it âlde Kreta. Yn 'e Klassike Aldheid wie Minorka earst in besitting fan Kartago, mar foel it yn 121 f.Kr., oan 'e ein fan 'e Punyske Oarloggen, yn 'e hannen fan 'e Romeinen. Yn 'e fyfde iuw waard it eilân ferovere troch de Fandalen, en yn 534 waard it in Byzantynske besitting.
Nei't de Moaren it op it fêstelân fan it Ibearysk Skiereilân foar it sizzen krigen hiene, waard Minorka yn 903 anneksearre troch it kalifaat Kordoba. Yn 'e snuorje fan it Moarske bewâld op it eilân migrearren in protte moslims derhinne, wylst in part fan 'e lânseigen befolking him ta de islaam bekearde. Nei't it oanbuorjende Majorka yn 1230 weromwûn waard troch de kristlike kening Jakobus I fan Aragon, keas Minorka derfoar om in islamityske fazalsteat fan Aragon te wurden. Yn 1287 makke in Aragoneeske ynfaazje ûnder lieding fan kening Alfûns III definityf in ein oan it islamitysk bewâld oer Minorka. De deis fan 'e lâning fan 'e kristlike troepen op it eilân, 17 jannewaris, is no de regionale feestdei fan Minorka. De islamityske eilânbewenners waarden twongen om har te bekearen ta it kristendom of waarden as slaven ferkocht.
Neitiid makke Minorka diel út it fan it keninkryk Majorka, dat in fazalsteat fan Aragon wie. Yn 1344 waard dy aparte status ôfskaft en waarden de Baleären in gewoane Aragoneeske provinsje. Troch de dynastike uny tusken Aragon en Kastylje, yn 1479, kaam Majorka úteinlik by it feriene Spanje te hearren. Yn 'e sechstjinde iuw waarden omreden fan oanfallen troch de Barbarijske seerôvers oan 'e kusten fan it eilân wachttuorren boud, wylst de tsjerken fortifisearre waarden. De seerôvers krigen help fan harren Turkske bûnsgenoaten, dy't mei besjittings fan 'e seekant ôf Mahón en de doetiidske eilânhaadstêd Ciutadella de Menorca ferwuostgen. De Barbarijske seerôvers makken dêrnei 6.000 Minorkanen ta slaaf. De sitewaasje wie doedestiden sa nuodlik, dat kening Filips II en syn riedslju yn 1570 in evakuaasje fan 'e folsleine befolking fan 'e Baleären yn omtinken namen.
Under de Spaanske Súksesjeoarloch waard Minorka yn 1708 ferovere troch de Britten. Yn 1713 krigen dy ûnder Kêst XI fan 'e Frede fan Utert it eilân ek yn rjochtmjittich besit. Sadwaande waard Minorka doe in skoft lang in Britske koloanje. Yn dy perioade waard de haadstêd fan it eilân oerbrocht nei Mahón (of Port Mahon, sa't de Britten it neamden), dat útgroeide ta in wichtige marinehaven. Under de Sânjierrige Oarloch foel Minorka yn 1756 yn Frânske hannen nei it Belis fan Fort St. Philip en in mislearre Britsk besykjen om dat te ûntsetten, dat útrûn op 'e Slach om Minorka. By de Frede fan Parys krigen de Britten it eilân yn 1763 lykwols wer werom. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch waard Minorka harren yn 1782 lykwols op 'e nij ûntnadere, diskear troch in Frânsk-Spaanske koälysje. It folgjende jier joech Grut-Brittanje it eilân by de Frede fan Versailles formeel werom oan Spanje, mar ûnder de Napoleontyske Oarloggen kaam it fan 1798 oant 1802 wer ûnder Britsk bewâld. De Britske tiid hat op Minorka duorjende spoaren efterlitten, benammen yn 'e arsjitektuer en de taal.
Yn 'e moderne tiid bleau Minorka ûnder de Spaanske Boargeroarloch as iennichste diel fan 'e Baleären trou oan it rjochtmjittige regear, wylst de oare eilannen al ier yn 'e hannen fan generaal Franco syn faksisten rekken. Der foelen in soad deaden op it eilân troch de bombardeminten dy't útfierd waarden troch de Italjaanske loftmacht, dy't mei Franco-en-dy ûnder ien tekken skûle. Teffens kamen in soad Minorkanen om by in mislearre besykjen om Majorka te befrijen, yn augustus 1936. Yn febrewaris 1939 waard it eilân úteinlik troch de faksisten ferovere by de Slach om Minorka. In soad politike flechtlingen waarden doe fan it eilân evakuëarre troch de Britske marine.
Bestjoer
bewurkje seksjeDe Baleären binne ien fan 'e santjin autonome mienskippen fan Spanje. De Baleären binne ferdield yn fjouwer eilânrieden, wêrfan't de Eilânrie fan Minorka (Consell Insular de Menorca) ien is. De eilânrie is ferantwurdlik foar kultuer, ynfrastruktuer en it gemeentlik bestjoer. Op lokaal nivo bestiet Minorka út 8 gemeenten.
Ekonomy
bewurkje seksjeDe ekonomy fan Minorka stipet folle minder op it toerisme as dy fan 'e buoreilannen Majorka en Ibytsa. It toerisme is sûnder mis fan belang, mar ek de lânbou leveret in oansjenlike bydrage oan 'e eilânekonomy.
Demografy
bewurkje seksjeYn 2010 hie Menorka in befolking fan goed 94.000 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan hast 136 minsken de km². It grutste plak op it eilân is de haadstêd Mahón (Katalaansk: Maó). Krekt as yn 'e rest fan Spanje is ek op Minorka de Roomsk-Katolike Tsjerke fierwei de grutste religieuze denominaasje. De lânseigen Minorkanen hearre yn etnysk opsjoch ta de Katalanen. Op it eilân wurdt fan âlds it Minorkaansk (Menorquí) sprutsen, in subdialekt fan it Baleaarske dialekt fan it Katalaansk. Oars as op Majorka en Ibytsa, dêr't de eigen taal troch it massatoerisme yn 'e benearing brocht is, sprekt op Minorka it grutste part fan 'e befolking it Katalaansk as memmetaal, wylst it Spaansk foar de measte lju in twadde taal is. It Minorkaansk ûnderskiedt him benammen fan oare Katalaanske dialekten troch de Ingelske lienwurden dy't weromgean op it achttjinde-iuwske Britske bewâld oer it eilân. Foarbylden dêrfan binne grevi ("sjú"), fan it Ingelske gravy; xumaquer ("skuonmakker"), fan shoemaker (de x wurdt útsprutsen as "sj"); en xoc ("kryt") fan chalk.
Klimaat
bewurkje seksjeMinorka hat in Mediterraan klimaat, mei waarme simmers en mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,9 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 14,0 °C. It eilân kriget jiers trochinoar 599 mm delslach.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|