Formenteara
Formenteara (Spaansk: Formentera, útspr.: [formen'teɾa]; Katalaansk: Formentera, útspr.: [furmən'teɾə]) is in Spaansk eilân yn it Westlike Bekken fan 'e Middellânske See en it lytste fan 'e fjouwer haadeilannen fan 'e Baleären-arsjipel. Bestjoerlik foarmet Formenteara in regio of eilânrie binnen de Baleären. De namme fan it eilân is nei alle gedachten ôfkomstich fan it Latynske wurd frumentarium, wat "nôtskuorre" betsjut.
Formenteara Spaansk en Katalaansk: Formentera | |
---|---|
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
De lokaasje fan Formenteara yn 'e Baleären. | |
algemien | |
gebietsdiel fan | Spanje ● de Baleären |
pol. status | regio ("eilânrie") |
haadstêd | San Francisco Xavier (Kat.: Sant Francesc Xavier) |
offisjele taal | Spaansk en Katalaansk |
ynwennertal | 10.757 (2012) |
befolkingstichtens | 129,2 / km² |
oerflak | 83,3 km² |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC+1 (WJT) |
webside | www.consellinsular deformentera.cat |
Geografy
bewurkje seksjeFormenteara is it lytste fan 'e fjouwer haadeilannen fan 'e Baleären, mei in oerflak fan goed 83 km². It leit yn it Westlike Mediterrane Bekken, mei deunby, oan 'e noardwestkant it buoreilân Ibytsa, dêr't it de Pynbeameilannen mei foarmet. De 6 km brede seestrjitte tusken de beide eilannen yn makket ûnderdiel út fan 'e Baleaarske See. De oare beide Baleaarske haadeilannen, Majorka en Minorka, lizze folle fierder nei it noardeasten. Oan 'e súd- en eastkant grinzget Formenteara oan 'e iepen Middellânske See.
Formenteara sels hat in rûchwei trijehoekige foarm, mei útstykjende dielen nei it noarden, it suden en it easten. It eilân is 19 km lang fan east nei west, en 12 oant 1 km breed fan noard nei súd. It heechste punt leit 119 m boppe seenivo. Foar de noardpunt fan Formenteara leit it lytsere eilân Espalmador (Katalaansk: Illa de s'Empalmador), mei in pear ûnbewenne rotseilantsjes deromhinne. By êb kin men fan Formenteara nei Espalmador wâdzje.
Skiednis
bewurkje seksjeKrekt as de rest fan 'e Baleären gie Formenteara yn 'e Aldheid oer fan 'e hannen fan 'e Kartagers yn dy fan 'e Romeinen, en dêrnei dy fan 'e Fandalen, om úteinlik in Byzantynsk gebietsdiel te wurden. Yn 'e Iere Midsiuwen waard it, op 'e nij mei de oare Baleären, ferovere troch de Moaren. It bleau iuwenlang ûnder islamitysk bestjoer, oant it yn 1235 foar it kristendom weromwûn waard troch kening Jakobus I fan Aragon. Neitiid makke Formenteara in skoft diel út fan it keninkryk Majorka, in fazalsteat fan Aragon, foar't it úteinlik streekrjocht ûnder de Kroan fan Aragon kaam.
Troch de dynastike uny tusken Aragon en Kastylje, yn 1479, kaam Formenteara úteinlik by it feriene Spanje te hearren. Yn 'e moderne tiid foel Formenteara ûnder de Spaanske Boargeroarloch al ier yn 'e hannen fan 'e faksisten fan generaal Francisco Franco, krekt sa't dat it gefal wie mei de buoreilannen Majorka en Ibytsa. Nei't Spanje oan 'e ein fan 'e 1970-er jierren wer in demokratysk regear krigen hie, kaam Formenteara yn 1983 by de autonome mienskip fan 'e Baleären te hearren.
Bestjoer
bewurkje seksjeDe Baleären binne ien fan 'e santjin autonome mienskippen fan Spanje. De Baleären binne ferdield yn fjouwer eilânrieden, wêrfan't de Eilânrie fan Formenteara (Consell Insular de Formentera) ien is. De eilânrie is ferantwurdlik foar kultuer, ynfrastruktuer en it gemeentlik bestjoer. It eilân bestiet fierders út ien inkele gemeente, wêrmei't de eilânrie sadwaande lykslein wurde kin.
Ekonomy
bewurkje seksjeHoewol't Formenteara bekend stiet om syn ûnoantaaste wite strannen en it feit dat men der frijwol oeral neaken sinnebaaie mei, is it in folle eksklusivere fakânsjebestimming as Ibytsa of Majorka mei harren massatoerisme. Nettsjinsteande dat spilet it toerisme lykwols in tige wichtige rol foar de pleatslike ekonomy.
Demografy
bewurkje seksjeYn 2012 hie Formenteara in befolking fan krapoan 11.000 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan goed 129 minsken de km². It grutste plak op it eilân is San Francisco Xavier (Katalaansk: Sant Francesc Xavier). Krekt as yn 'e rest fan Spanje is ek op Formenteara de Roomsk-Katolike Tsjerke fierwei de grutste religieuze denominaasje. De lânseigen Formenteranen hearre yn etnysk opsjoch ta de Katalanen. Op it eilân wurdt fan âlds in foarm fan Ibytzaansk (Eivissenc) sprutsen, in subdialekt fan it Baleaarske dialekt fan it Katalaansk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|