De sliepmûzen (wittenskiplike namme: Gliridae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha). Dizze famylje omfettet 29 libbene soarten, wêrfan't de sânslieper, de ikelmûs, de hazzemûs en de beamslieper it bekendst binne.

Sliepmûzen
In sânslieper (Glis glis).
In sânslieper (Glis glis).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha)
famylje: sliepmûzen (Gliridae)
Muirhead, 1819

Sliepmûzen binne lytsige kjifdieren mei in lichemslingte fan 6-19 sm en in gewicht fan 15-180 g. Hoewol't se folle nauwer oan iikhoarntsjes besibbe binne as oan mûzen, lykje se mear op mûzen, útsein wat har swierbehierre sturt oangiet, dy't mear tinken docht oan 'e plomsturt fan in iikhoarntsje. De measte (mar net alle) soarten sliepmûzen libje yn 'e beammen, en foar it meastepart binne it nachtdieren. Se hawwe allegear in treflik gehoar. Sliepmûzen binne omnivoaren, dy't benammen fruchten, beien, blommen, nuten en ynsekten frette. By 't winter hâlde sliepmûzesoarten dy't foarkomme yn noardliker kontreien in wintersliep dy't wol sân moanne duorje kin. De wyfkes produsearje ien of soms twa nêsten jongen jiers. Har libbensferwachting is oant fiif jier.

Famylje-opbou

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.