Hazzemûs
De hazzemûs (wittenskiplike namme: Muscardinus avellanarius) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e hazzemûzen (Muscardinus), dat foarkomt yn it grutste part fan kontinintaal Jeropa. Dêrûnder binne ek dielen fan Nederlân, mar út Fryslân binne gjin waarnimmings bekend. De namme fan dizze soarte hat neat mei de hazze te krijen, mar nammenste mear mei de hazzebeam (Nederlânsk: hazelaar). De hazzemûs waard yn 1758 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus, de grûnlizzer fan 'e moderne taksonomy. It is ien fan 'e lytsere sliepmûzesoarten, en de iennichste dy't lânseigen is op 'e Britske Eilannen.
hazzemûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Muscardinus avellanarius | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeAlgemien foarkommen
bewurkje seksjeDe hazzemûs komt foar yn it grutste part fan kontinintaal Jeropa, útsein it Ibearysk Skiereilân. De súdwestgrins fan syn ferspriedingsgebiet bochtet troch súdwestlik Frankryk. Ek yn it grutste part fan 'e Benelúks komt er net foar, mar yn 'e Ardinnen wol. Fierders ûntbrekt er yn it uterste noardwesten fan Frankryk, yn it grutste diel fan it Dútske Nedersaksen en oan 'e Noardseekust fan Sleeswyk-Holstein, op it Deenske skiereilân Jutlân, yn Pommeren (it noardwestlike diel fan Poalen), by de súdlike Adriatyske kust lâns, yn 'e "hakke" fan 'e Lears fan Itaalje, yn Gryksk-Masedoanje en West-Traasje, en yn East-Traasje (Jeropeesk Turkije).
Hazzemûzen komme likemin foar op 'e eilannen yn 'e Middellânske See, útsein yn it noardeastlike part fan Sisylje. Wol binne se lânseigen yn súdlik Ingelân en Wales en fierder noardlik yn it greefskip Kumbria. Ek op 'e Deenske Eilannen komme se foar, krekt as yn súdlik Sweden, mar nèt yn Skaanje, it aldersúdlikste diel fan Sweden. De eastgrins fan har areaal rint fan 'e kust fan 'e Swarte See, yn Roemeenje, fia Moldaavje, de Oekraïne en Ruslân nei sintraal Letlân, dêr't er einiget oan 'e súdkust fan 'e Golf fan Riga. Yn sintraal Jeropeesk Ruslân rikt it ferspriedingsgebiet fier nei it easten, oant yn it Oeralberchtme. Dêrnjonken binne der noch twa isolearre populaasje, ien yn it noarden, yn westlik Estlân, en ien yn it suden, by de noardkust fan Lyts-Aazje lâns, fan Istanbûl oant Trabzon. Hoewol't se yn Ierlân net lânseigen binne, is der frij resint in populaasje hazzemûzen yn County Kildare ûntdutsen, dy't him fia de dêr rûnom foarkommende hagen fluch oer it súdlike part fan it eilân út liket te wreidzjen.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân
bewurkje seksjeYn Nederlân kamen hazzemûzen foarhinne inkeld foar yn it súdlike part fan Súd-Limburch, al wie der yn 1936 in waarnimming te Beek (by Nimwegen). Sûnt de iuwwiksel hawwe der lykwols ferskate befêstige waarnimmings fan hazzemûzen west yn 'e omkriten fan Stedskanaal, yn it eastlike grinsgebiet fan 'e provinsjes Grinslân en Drinte, en ien by Mûntsjedam, oan 'e Iselmarkust fan Noard-Hollân. Yn dat lêste gefal kin hast mei wissichheid steld wurde dat it om in omdoarmjende ienling gie, mar yn it noardeasten fan it lân is it mooglik dat de hazzemûs krekt as de grutte boskmûs (Apodemus flavicollis) syn areaal oan it útwreidzjen is. Ut Fryslân binne lykwols fan dit bist (noch) gjin waarnimmings bekend.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe hazzemûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 6½-9 sm, mei in sturtlingte fan 5⅓-8¼ sm en in gewicht fan 15-25 g (oant 40 g flak foar de wintersliep). De pels hat in opfallende oranjegiele oant oranjebrune kleur op 'e rêch, en giet stadichoan oer yn wat ljochter hier op 'e bealch. Jongere eksimplaren binne wat grizer fan kleur. De eagen binne tige grut en folslein swart fan kleur, en de earen binne oan 'e lytse kant foar in sliepmûs. De sturt hat deselde kleur as de rêch en is tichtbehierre en hiel beweeglik; hazzemûzen brûke har sturt benammen om op te lynjen, as in soarte fan fyfde poatsje.
Biotoop
bewurkje seksjeHazzemûzen libje yn leafwâlden, wêrby't se de foarkar jouwe oan boskrânen. Ek komme se wol foar yn grutte tunen, hagen, houtwâlen en jonge oanplant. In betingst is wol dat der foldwaande beskutting oanwêzich is, ornaris yn 'e foarm fan toarnbosken, jonge hazzebeamkes of kamperfoelje. Yn 'e Alpen binne hazzemûzen oantroffen oant op 1.700 m hichte.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeDe hazzemûs is in beambewenner, dy't bolfoarmige nêsten fan twiichjes en blêden yn beammen en strûken makket, mei in trochsneed fan 6-12 sm. Sokke nêsten wurde almeast oanlein op in hichte fan 50 sm oant 2 m, mar ek wolris heger, oant op 20 m. Der is almeast gjin iepening; de hazzemûs wringt him gewoan troch de nêstwand hinne nei binnen ta. Kwa foarm liket in hazzemûzenêst sterk op it nêst fan 'e nôtmûs (Micromys minutus), mar dêrfan kin it ûnderskaat wurde trochdat nôtmûzenêsten tichter by de grûn boud wurde yn opgeand gers of reid, en ek fan dy materialen makke binne.
Hazzemûzen binne in nachtdieren, dy't simmerdeis de hiele nacht yn 't spier binne. Fan septimber ôf dogge se nachts tuskentroch ek ferskate kearen eefkes in slûchje yn har nêst. By it foerazjearjen weagje se har selden fierder as 200 m fan har nêst ôf. It binne tige beweeglik bistkes, dy't treflik klimme en springe kinne. Se binne net botte territoriaal, en ferskate eksimplaren diele faak in wengebiet. Fan oktober oant april hâldt de hazzemûs in wintersliep, dy't er trochbringt yn in spesjaal foar dat doel oanlein winternêst op 'e grûn.
De peartiid begjint koart nei de ein fan 'e wintersliep. Nei in draachtiid fan 22-24 dagen smyt it wyfke dan yn 'e regel 2 kear jiers in nêst fan 3-7 jongen. De earste berteweach falt yn july, en de twadde om ein augustus, begjin septimber hinne. De jongen binne mei twa jier geslachtsryp. Yn Ruslân bedraacht de populaasjetichtheid fan 'e hazzemûs 3½-10 eksimplaren de ha, mar yn West-Jeropa leit dat sifer folle leger; yn Dútslân bygelyks, libbet mar 1 hazzemûs op 'e 10 ha. Hazzemûzen hawwe yn it wyld in libbensferwachting fan maksimaal 4 jier en yn finzenskip fan maksimaal 6 jier. Har wichtichste natuerlike fijannen binne de foks, das, harmeling, wezeling en ferskate ûle-soarten.
Fretten
bewurkje seksjeHazzemûzen frette benammentlik plantaardich guod, lykas sieden, beien en oare fruchten, nuten, jonge leaten en blêden. Dat fegetaryske menu folje se lykwols geregeldwei oan mei ynsekten en larven. Se lizze mar komselden itensfoarrieden oan foar de winter.
Status
bewurkje seksjeDe hazzemûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn guon dielen fan it areaal giet de hazzemûzestân efterút fanwegen habitatferlies trochdat leafbosk kappe wurdt of om't hagen tefolle en te faak bysnoeid wurde. Yn it Feriene Keninkryk hat de hazzemûs in beskerme status ûnder de Wildlife and Countryside Act ("Fauna- en Plattelânswet").
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Side oer de hazzemûs op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan 'e hazzemûs yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|