Malcolm MacQuillan
Malcolm MacQuillan, hear fan Kintyre (Kintyre?, 12?? – by Loch Ryan, 10 febrewaris 1307) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht. Hy waard yn 1307, nei de Slach by Loch Ryan, kriichsfinzen nommen en eksekutearre.
Malcolm MacQuillan | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | 12?? | |
berteplak | Kintyre? (Skotlân) | |
stjerdatum | 10 febrewaris 1307 | |
stjerplak | by Loch Ryan (Skotlân) | |
etnisiteit | Skotsk | |
hear fan Kintyre | ||
amtsperioade | 1??? – 1307 |
Libben
bewurkje seksjeOer MacQuillan is net sa'n protte bekend. Hy moat yn 'e twadde helte fan 'e trettjinde iuw yn Skotlân berne wêze, mooglik op it skiereilân Kintyre, dêr't er letter hear oer wie. Yn july 1300 focht er oan 'e Ingelske kant yn 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, mei't der út dy moanne in dokumint oerlevere is wêryn't de Ingelsen him it rjocht fan frije trochtocht ferlienden sadat er mei syn float fan galeien oan 'e Skotske westkust de opstannelingen oanfalle koe.
Nei't Robert fan Bruce, greve fan Carrick himsels ein maart 1306 te Scone ta kening Robert I fan Skotlân kroane litten hie, ûntjoech MacQuillan him lykwols ta ien fan dy syn oanhingers. Yn febrewaris 1307, doe't hiel Skotlân suver noch troch de Ingelsen behearske waard, diene de nije kening en syn folgelingen yn twa groepkes in ynfal yn it súdwesten. Ien legerke, ûnder lieding fan Robert sels en syn broer Edwert, gie oan lân by it Kastiel fan Turnberry en sette yn Galloway útein mei in guerrilja-oarloch.
It oare legerke, besteande út 'e bemanningen fan achttjin galeien, yn totaal sa'n 1.000 man, kaam in ein súdliker oan lân, by Stranraer. Oan it haad fan dizze kloft stiene de beide jongere bruorren Aleksander en Tomas fan Bruce, de ridder Reginald fan Crawford en Malcolm MacQuillan. Hja waarden lykwols al rillegau ynsletten en nei de Slach by Loch Ryan, op 9 en 10 febrewaris, ta oerjefte twongen troch pleatslike troepen ûnder Duncan MacDowall, in oanhinger fan Jan fan Comyn, greve fan Buchan, de aartsrivaal fan Robert fan Bruce.
Nei ôfrin fan 'e fjildslach waarden MacQuillan en twa Ierske haadlju, dy't ek ta de partij fan 'e Bruces hearden, troch MacDowall daliks eksekutearre. Harren ôfsleine hollen waarden de Ingelske kening Edwert I tastjoerd. Aleksander en Tomas fan Bruce en Reginald fan Crawford waarden oan 'e Ingelsen útlevere en oerbrocht nei Carlisle, yn Kumbria, dêr't se in pear dagen letter ophongen waarden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |