Margareta de Heer

(Trochferwiisd fan Margaretha de Heer)

Margareta Adriaensen de Heer (Ljouwert, om 1600 - dêre, foar 1665)[1] wie in Fryske skilderesse.

Hja wie in nicht fan Gysbert Japicx en troude yn 1628 mei Andrys Piters Nieuhoff. Se wurke fan ± 1629 - 1650 yn de stêd Grins en nei 1650 yn Ljouwert.

Oer har wurk

bewurkje seksje
 
'Flinter, iris en fjouwer krobben', wetterferve en gouache op perkamint, om 1650
(Kolleksje Frysk Museum, Ljouwert).

Margareta de Heer skildere neist sjenrestikken, histoarjestikken, mytologyske en bibelske ûnderwerpen fral stillibbens. Dêrop stiene fûgels, flinters, blommen, skelpen en ynsekten. Oare ûnderwerpen wiene boerelânskippen mei bygelyks plomfee op de foargrûn. Yn de jierren fyftich fan 17e iuw skildere hja ferskate tulpesoarten út dy tiid.[2] Har ûnderwerpen brocht se tige sekuer op paneel of perkamint. Sy brûkte oaljeferve, wetterferve of gouache.

Yn 1636 besocht de Frânsman Charles Ogier, sekretaris fan kardinaal Richelieu, ferskate ateliers fan keunstners yn de Noardlike Nederlannen, dêr't dy fan De Heer en Wybrand de Geest yn Ljouwert by wiene; hy skreau yn syn deiboek dat sy goed fûgels en ynsekten skilderje koe. [3]

Yn 2002 wien op in oersjochstentoanstelling yn it Frysk Museum sa'n fjirtich wurken fan har te sjen. Dy wurken wiene oanfold mei pintekeningen fan har broer Gjerrit en skilderijen fan neef Willem.

Wurk fan har is te sjen yn it Frysk Museum, it Stedhûs fan Ljouwert, it Grinzer Museum, it Westfrysk Museum yn it Noardhollânske Hoarn en yn it Lycklamahûs yn Beetstersweach.

  • A. Wassenbergh - Reisindrukken van den Franschen gezantschapssecretaris Charles Ogier uit Friesland en Groningen in het jaar 1636, De Vrije Fries 37 (1943) 162-171.
  • Peter Karstkarel - Margareta de Heer en haar “stukjes, Tableau 1 (1978) 37-39.
  • Veerle Mans - Leven en werk van Margareta de Heer (vóór 1603–vóór 1665). Een Friese schilderes van (klein) formaat (Leuven 2000)
  • Veerle Mans, Philippus Breuker en Peter Karstkarel - Margareta de Heer (circa 1600–circa 1665). Dé Friese kunstenares van de zeventiende eeuw. Tentoanstellingskatalogus Frysk Museum (Ljouwert 2002 ISBN 9789033012457

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Heer, Margaretha Adriaensen de.

Noaten

  1. Arjensdr., Margareta (ca. 1600-voor 1665)
  2. Trouw, 5 april 2002
  3. Arjensdr., Margareta (ca. 1600-voor 1665)