Mariahilfkirche (Graz)
De Mariahilfkirche yn 'e Eastenrykske stêd Graz is in beafearts- en parochytsjerke. Oan 'e tsjerke grinzget in minderbruorrekleaster.
Marijehelptsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Eastenryk | |
dielsteat | Stiermarken | |
plak | Graz | |
adres | Mariahilferpl. 3 | |
koördinaten | 47° 4' N 15° 25' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Graz-Seckau | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Giovanni Pietro de Pomis | |
boujier | 1607-1611 | |
boustyl | barok | |
monumintale status | Monumint | |
monumintnûmer | 56899 | |
Webside | ||
graz-mariahilf.graz-seckau.at | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeSûnt de 13e iuw wenje Fransiskanen yn 'e stêd op it plak fan it hjoeddeiske Fransiskaanske kleaster oan it Franziskanerplatz. Nei't der yn 'e oarder yn 1517 in skieding ûnstie tusken observanten en konventuelen (tsjintwurdich minoriten neamd), waard it kleaster tawiisd oan 'e observanten. De minoriten moasten harren earst mar wat provisoarysk rêde, mar krigen skinkingen fan 'e foarsten fan Eggenberg en keizer Ferdinand II en koene sadwaande harren oan it tsjintwurdige Mariahilfer Platz nei wenjen sette.
De neffens it ûntwerp fan Giovanni Pietro de Pomis boude tsjerke waard tusken 1607 en 1611 yn barokke styl boud. By de ferbouwing fan Josef Hueber waarden fan 1742 oant 1744 de twa tuorren tafoege. Sûnt 1783 tsjinnet de tsjerke ek as parochytsjerke.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeBoppe de gevel stiet it barokke byld fan 'e aartsingel Michael, dy't Lusifer de hel ynstoart. De portaalbylden stelle de oarderstifter Fransiskus fan Assisi en Antonius fan Padua foar. Boppe it portaal is in byld fan Marije oanbrocht.
It ynterieur fan 'e barokke tsjerke is relatyf ienfâldich. In grutte koepel boppe it preesterkoer en de stúkdekoraasje út 1769 waarden weibrutsen. Ek de letter oanbrochte fresko's fan Josef Adam Mölk bleaune net bewarre. It ôfbyld fan de Jongfaam oan it rike heechalter foarmet ien fan 'e bêste skilderwurken fan Pietro de Pomis.
De yn 'e jierren 1636-1637 boude sakristy is ryk fersierd mei stúkdekoraasjes. By de sakristy stiet ek mei stúkwurk fersierde Bonaventurakapel út 1635-1640 en in heechbarok alter fan moarmer.
Oan 'e súdlike kant fan 'e tsjerke is de kleastergong fan it kleaster mei de skatkeamer, dêr't eartiids de votyfjeften fan 'e beafeart bewarre waarden, mar dêr't neat fan oer is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|