Marije-Himelfeartkatedraal (Chur)

De Marije-Himelfeartkatedraal (Dútsk: Kathedrale St. Mariä Himmelfahrt) is de roomsk-katolike katedraal fan it bisdom Chur yn Switserlân. Njonken de katedraal stiet it biskoplike paleis.

Marije Himelfeartkatedraal

Kathedrale St. Maria Himmelfahrt

bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Graubünden
plak Chur
adres Hof 18, 7000 Chur
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1150-1272
boustyl Romaanske arsjitektuer; toer fan lettere datum
offisjele webside
Side bisdom

It bisdom ûntstie yn de 4e iuw yn de provinsje Raetia Curiensis. Der wurdt fanút gien dat de earste katedraal fan it bisdom om 450 hinne boud waard. It oarspronklik ûnder Milaan fallende bisdom kaam yn 831 ûnder aartsbisdom Mainz te fallen, dêr't it oant 1803 bleau.

 
It biskoplike hôf fan Chur (lofts op it ôfbyld)

It slagge de biskoppen fan Chur al rillegau om harren feodale macht te bestindigjen. Fanôf de 12e iuw besieten se al de status fan in prinsbiskop. Yn it ramt fan de reformaasje yn 1524 waard it biskolike hôf sawol polityk as konfesjoneel in enklave yn in fierder protestantske omjouwing. De spesjale status as suver biskoplik territoarium fan it hôf bleau sa noch oant de grûnwetswiziging fan 1854 bestean. Fanôf 1854 waard de ynstream fan katoliken wer mooglik en fan ôf doe tsjinne de katedraal ek as folkstsjerke.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De hjoeddeiske katedraal waard yn 1150-1272 as in let-romaanske pylderbasilyk boud. Neffens ûndersyk sette de bou yn it easten útein troch in fasearre ôfbraak fan de foargonger om plak te meitsjen foar de nijbou. Nei likernôch 120 jier waard de foltôge katedraal op 19 juny 1272 ynwijd.

In brân yn 1811 makke yn de jierren 1828-1829 de bou fan de hjoeddeiske toer needsaaklik. Dat barde op de fûneminten fan de âlde, yn 1500 boude, toer.

De katedraal troant mei it biskoplike paleis en de gebouwen fan it hôf op in rotseftich terras as in boarch boppe de binnenstêd fan Chur. By argeologysk ûndersyk op it plak binne resten fûn fan in let-Romeinsk fort út de 4e iuw. Der wurdt fanút gien dat de romeinen de unike lokaasje fan de útstekkende rots brûkt ha foar provinsjale gearkomsten.

It haadportaal yn it midden fan de westlike gevel ûntstie by de bou yn 1250. It timpaan fan it profilearre portaal is fersierd mei in izeren sierhek út 1770 mei dêryn Marije en de hilligen Lusius en Florinus, de patroanhilligen fan it bisdom. Dêrboppe is in grut rûnbôgich westlik finster ynbrocht.

 
Longobardyske byldhoukeunst oan it Laurentiusalter

Oan de noardeastlike hoeke fan it koer is in opfallend byld fan in liuw te sjen út it begjin fan de 13e iuw. In byldfragmint fan in krusigingsfoarstelling út it begjin fan de 14e iuw is bewarre bleaun oan de eastlike bûtenmuorre fan it koer.

 
Apostelpylder

De tsjerke is trijeskippich; oan it súdlike sydskip is oan de eastlike kant de Laurentiuskapel oanboud. It ferhege koer hat deselde breedte as it middenskip en is oer sydlike treppen tagonklik. Under it koer is in twadielige krypte. Fierder eastlik stiet de twa ferdjippings tellende sakristy.

De houten let-midsiuwske bylden fan it alter waarden yn de nacht fan 6 nei 7 oktober 1993 út de katedraal stellen. By de roof waarden ek oare keunstwurken skeind. De stellen bylden waarden nei mear as fjouwer jier wer fûn yn Noard-Itaalje.

De platen dy't de mensa fan it Laurentiusalter út 1545 beklaaie foarmje de âldste keunstwurken fan de tsjerke en datearje nei alle gedachten noch út de foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke. De platen stamme út de 8e iuw en toane flechtwurkornaminten mei bisten lykas liuwen en florale motiven en wurde as in hichtepunt fan longobardyske byldhoukeunst beskôge.

De fjouwer apostels by de yngong fan de krypte binne midsiuwske keunstwurken fan in ûnbekende keunster. Mooglik foarmen se mei de liuwen by de koeropgong en de ridder yn de foarkrypte de fersiering fan de doksaaleftige opbou boppe it alter (1220).

 
Freskosyklus

It letgoatyske tabernakel draacht it jiertal 1484 en it wapen fan de biskop Ortlieb von Brandis (1458–1491).

Yn it westlike travee fan it noardlike sydskip is yn in bôgefjild in net mear komplete goatyske freskosyklus. It âldste diel stamt út 1330-1340. Sintraal yn it bôgefjild stiet de krúsigiing fan Kristus. De fresko's yn it boppediel binne fragmintarysk bewarre en oanfolle mei in skets. De fresko's fan de lofter ûnderste râne binne jonger en ienfâldiger en stamme út ± 1500. It jongste fresko datearret fan nei de reformaasje (16e-17e iuw) en stelt it Jongste Gerjocht foar. Oare fresko's yn de sydskepen binne 17e-iuwsk.

De katedraal hat twa oargels, dy't alletwa yn 2007 troch ferskate Switserske oargelbouwers boud binne. De oargelkast fan it haadoargel bestiet út twa tuorren en lit sa de ramen frij. It ynstrumint hat 41 registers op twa manualen en pedaal. It koeroargel oan de súdlike muorre fan it heechkoer telt acht registers op twa manualen en pedaal.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale St. Mariä Himmelfahrt (Chur)