Marijetsjerke (Bûtenpost)
De Marijetsjerke of Mariatsjerke is in monumintale tsjerke fan de protestanske gemeente fan Bûtenpost. De goatyske tsjerke datearret út it ein fan de 15e iuw, dielen fan de toer binne lykwols âlder. De eardere herfoarme gemeente foarmt mei de grifformearde gemeente fan Bûtenpost sûnt 1 jannewaris 2010 in PKN-gemeente.[1]
Marijetsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Bûtenpost | |
adres | Alde Havenstrjitte 1 | |
koördinaten | 53° 15' N 6° 08' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1611-1613, âldste diel toer ein 12e iuw/begjin 13e iuw | |
boustyl | gotyk | |
Webside | ||
Side Protestanske gemeente Bûtenpost | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt letgoatyske tsjerkeskip waard oan it ein fan de 15e iuw boud. De tsjerke ferfong doe in âlder en nei alle gedachten lytser gebou. De tsjerke baarnde yn 1594 út, doe't Spaanske soldaten de tsjerke brûkten as ûnderkommen en waard tusken 1611 en 1613 wer opboud. It skip hat hege spitsbôgige finsters en steunberen foar de stabiliteit fan it gebou. By de restauraasje fan 1976-1978 waard de 19e iuwske wite stúklaach, dy't de tsjerke de bynamme "Alde Wite" joech, ferwidere. Fan de oarspronklike noardlike en súdlike tagong waard de noardlike mei giele stien tichtmitsele.
By de tagong fan de tsjerke is in gevelstien dy't út de tiid fan de bou stamt. Op de stien steande de wurden IHS (Iesus hominum salvator, Jezus redder fan de minsken) en Maria. Under dizze stien is noch in stien út 1594 ynmitsele, mei in tekst dy't ferslach docht fan de brân tidens de Spaanske ynkertiering.
It ûnderste diel fan de toer is romaansk datearret út likernôch 1200. Yn de 16e iuw fûn ferheging fan de toer plak en yn 1886 waard de toer oan de westlike en súdlike kant ommantele mei lytse stien. Op 18 maaie 1956 sloech de bliksem op de toer yn. Ynearsten like der neat oan de hân te wêzen, mar it smeulende hout feroarsake letter op 'e jûn in earnstige brân. Alhoewol't toer en tsjerke sparre bleaune, gyng it hiele tintdak ferlern en de klok moast op 'e nij getten wurde. Healwei 1957 hie de toer wer in nije fjouwersidige spits.[2]
Yn de toer hong in klok fan Hans Falck út 1690, dy't yn 1883 op 'e nij getten wie. De brûnzen klok waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de besetter foardere en omsmolten. In nije klok waard yn 1949 getten, mar dy skuorde mei de brân fan 1956 en waard yn 1957 op 'e nij getten.
Ynterieur
bewurkje seksjeYn de tsjerke stiet in doopfont út de midsiuwen. It goatyske doopfont is dekorearre mei foarstellings fan Petrus, Paulus, it Laam Gods en de pelikaan, it kristlike symboal foar de selsopoffering fan Jezus. Oan de foet binne koppen fan demoanen oanbrocht. It âlde stiennen alterblêd stiet njonken de preekstoel en hat fiif ynbeitele krúskes, dy't steane foar de fiif wûnen fan Jezus.
De preekstoel mei it klankboerd en it doophek is fan 1769 en is makke troch Egbert van der Hoek. De letters F en R yn de koperen lessener ferwize nei dûmny Franciskus Rondaan, dy't tidens de bou fan de preekstoel yn it amt wie.
Foar de preekstoel oer steane fiif hearebanken en yn it koer ien. Yn it koer fan de tsjerke hingje seis grutte roubuorden en fjouwer rútfoarmige panelen mei wapens.[3]
Oargel
bewurkje seksjeYn de tsjerke stiet in oargel fan L. van Dam út Ljouwert. It oargel út 1870 telde 18 registers ferdield oer in haad- en boppewurk. De restauraasje yn de jierren 1970 draaide in pear feroarings oan de registers út de jierren 1930 tebek en foege in selsstannich pedaal mei fjouwer stimmen ta. Yn 2016 waard it ynstrumint renovearre en skjin makke troch it Ljouwerter oargelbedriuw Bakker & Timmenga.[4] Noch ear't de restauraasje fan it oargel útein sette waard it boek "De Mariakerk te Buitenpost" oer de skiednis fan de tsjerke en it oargel fan de hân fan de oarganist Garmt Bouwman presintearre.[5]
Ofbylden
bewurkje seksje-
Doopfont
-
Hearebank
-
Roubuorden
-
Lessener
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|