Marijetsjerke (Marienchor)
De Marijetsjerke (Dútsk: St.-Maria-Kirche) is in evangelysk-grifformearde terptsjerke yn it Eastfryske Marienchor yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen.
Marijetsjerke Marienkirche | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Nedersaksen | |
lânkring | Lier | |
plak | Marienchor | |
koördinaten | 53°15' N 7°18' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Ev.-griff. Tsjerke yn Dútslân | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1798 | |
boustyl | klassisisme | |
monumintale status | Kultuermonumint | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske tsjerke hat yn 'e roomske tiid nei alle gedachten in foargonger hân. In bewiis dêrfan is dat de tsjerke eartiids in klok besiet út 1479 fan Barthold Klinghe, de soan fan Ghert Klinghe. De namme fan 'e tsjerke ferwiist nei Us-Leaffrouwe, dêr't de tsjerke yn 'e roomske tiid oan wijd wie. Yn 'e midsiuwen hearde Marienchor by de proasdij Hatzum yn it bisdom Múnster, mar yn 1500 waard it plak oan 'e Johanniterkommende Dünebroek oerdroegen.
Mei de reformaasje waard de gemeente ynearsten luthersk, mar letter gie de gemeente oer op 'e grifformearde lear. Yn 1660 waard de lutherske dûmny ôfset. De âlde tsjerke waard yn 1668 troch in barokke preektsjerke ferfongen, dy't better paste de grifformearde earetsjinst. Yn 'e rin fan de tiid fersakke it gebou, om't in goed fûnemint ûntbriek en it gebou boppe in metersdikke turflaach stie.
Yn it lêste fearn fan 'e 18e iuw folge de ôfbraak fan 'e tsjerke en de bou fan in nije tsjerke. Allinne de eastlike muorre fan 'e âlde tsjerke waard wer brûkt by de nijbou. It jiertal 1798 boppe it portaal wiist op 'e foltôging fan it wurk. Yn 'e 19e iuw barste de Klinghe-klok, dy't yn 1861 troch Heinrich Ludwig Lohmeyer omgetten waard. De omgetten klok waard yn 1917 foardere om yn 'e wapenyndustry omraand te wurden.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich stie yn 'e tsjerke dûmny Gerhard Bokeloh, dy't lid wie fan de Bekennende Kirche. Hy brocht fanwegen syn krityske preken oer de nazy's sûnt 1939 jierren yn 'e finzenis troch. Tsjintwurdich dielt de gemeente mei dy fan Böhmerwold de dûmny fan Jemgum. Yn 'e jierren 1970 waard de eastlike gevel troch in lokale mitselder op 'e nij opmitsele.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in lichtbôge houten tonferwulft. De houten preekstoel, de houten kastbanken en de brûnzen kroanluchter datearje út 1668. De kûp fan 'e preekstoel hat it ynskrift ANNO 1668 IS DISE STOLE GEMAKET. Foar de preekstoel stiet in ienfâldige nachtmielstafel.
Oan 'e westlike kant binne twa hearebanken ynboud. Yn it eastlike diel lizze yn 'e flier trije 18e-iuwske grêfsarken foar dûmny's.
Oargel
bewurkje seksjeYnearsten hie de tsjerke in harmoanium út 1875. It tsjintwurdige oargelposityf waard yn 1953 troch de firma Alfred Führer boud. It hat trije registers op ien manuaal en oanhongen pedaal. Yn 1962 waard it troch de gemeente fan in partikulier út Böhmerwold kocht en yn 'e tsjerke fan Marienchor set.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|