Marijetsjerke (Marienhafe)

De Marijetsjerke (Dútsk: Marienkirche) is in evangelysk-luthersk tsjerkegebou yn Marienhafe, Nedersaksen. Oant 1829 wie de tsjerke in trijeskippige krúsbasilyk en de grutste tsjerke fan East-Fryslân.

Marijetsjerke
Marienkirche
Lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Auwerk
plak Marienhafe
adres Am Markt
koördinaten 53°31' N 7°16' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Ev.-lutherske Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
toer 19e iuw
boustyl gotyk
monumintale status Kultuermonumint
Webside
Side tsjerklike gemeente
Kaart
Marijetsjerke (East-Fryslân)
Marijetsjerke
 
De Marijetsjerke foar 1829 fanút it noarden.

De tsjerke waard yn 'e 13e iuw boud, yn in tiid dat de flekke Marienhafe likernôch 500 ynwenners telde. Der wurdt fanút gien dat de bou tusken 1210 en 1240 mei de eastlike dielen útein sette. De foltôging soe sa tusken 1260 oant 1280 plakfûn ha.

De iergoatyske tsjerke waard like grut as de domtsjerke fan Osnabrück en wie dêrmei it grutste tsjerkegebou tusken Grins en Bremen. De tsjerke hie in maksimale lingte fan 72,5 meter. Ferdield oer de boudielen wie de toer 12 meter lang, it skip 34 meter, it dwersskip 12,5 meter en it koer 14 meter. De toer wie 14 meter breed, it haadskip mei de sydskippen (4,7 meter) 23 meter, it dwersskip 32,5 meter en it koer 12 meter. Nei't de tsjerke foar in part ôfbrutsen waard krige de tsjerke in lingte fan 48 meter en in breedte fan 13 meter.

Eartiids wie de tsjerke in beaken foar it seefolk. De tsjerke stie hast oan 'e Leybocht ta, dy't de namme te tankjen hat oan it mei laai (Ley is in Âlddútsk wurd foar laai) oerdutsen súdlike dak fan 'e tsjerke. Oare dielen fan 'e tsjerke wiene mei koper belein. Letter wie de tsjerke oer it Störtebeker Djip (Störtebeker Tief) mei de Noardsee ferbûn. Der is praat oer dat tsjin 'e ein fan 'e 14e iuw de seerôver Klaus Störtebeker him yn 'e tsjerketoer skûl hold, mar bewiis ûntbrekt.

By de reformaasje rekke East-Fryslân tsjerklik ferdield yn in grifformeard westen en in luthersk easten. Yn 1593 waard yn Marienhafen nochris besocht om it ferdielde greefskip wer ta in tsjerklike ienheid te smeien. Noch yn itselde jier waard yn 'e tsjerke fan Marienhafe in nije tsjerkeoarder tekene, mar fanwegen de politike tsjinstellings yn East-Fryslân bleau de twaspjalt bestean.

 
De ôfbraak fan de romanogoatyske krústsjerke.

Met it ferskowen fan 'e kust ferdwûn nei de midsiuwen ek de funksje fan 'e tsjerke as seebeaken. Marienhafe ferlear ekonomyske betsjutting en it waard foar de ynwenners lestiger it ûnderhâld fan 'e tsjerke op te bringen. Foar it needsaaklike folgen wol reparaasjes, mar stadichoan sette dochs it ferfal yn. Ek de ûndergrûn en it waar befoarderen de brekfalligens fan 'e tsjerke en yn 1819 stoarte in diel fan it koer yn. By dy ramp waard ek it yn 1593 boude alter ferneatige. Foar in restauraasje wiene 90.000 Hannoverske ryksdaalders nedich, mar dat bedrach wie der net. Wylst der praat waard hoe't it fierder moast, sloech yn 1820 de bliksem yn en waard it boppeste diel fan 'e toer ferneatige.

Lang om let naam de gemeente yn 1829 it beslút om de tsjerke foar in part ôf te brekken. In oannimmer fierde it wurk út en it frijkommen materiaal mocht er as fergoeding foar it wurk hâlde. De ôfbraak stie ûnder tafersjoch fan 'e stedsarsjitekt Martin Heinrich Martens, dy't earst noch tekenings makke hie fan it gebou.

It koer, it transept en de krusing waarden mei de smelle sydskippen en de treptuorkes ôfbrutsen. By de ôfbraak gyng ek it stiennen ferwulft fan it skip ferlern en de sydmuorren waard op hichte fan 'e dakken fan 'e eardere sydskippen brocht en tichtmitsele. De romtes ûnder de arkades fan it skip binne brûkt foar it ynbringen fan finsters. Om 'e toer en de tsjerke better mei inoar yn ferhâlding te bringen waarden yn 1834 twa ferdjippings fan 'e toer ôfbrutsen.

By de 19e-iuwske ôfbraak fan 'e tsjerke gyng in grut part fan 'e dekoraasjes ferlern. De Marijetsjerke waard fan in krústsjerke yn in ienskippige sealtsjerke feroare.

 
Preekstoel en doopfont.

De preekstoel út 1669 is nei alle gedachten ôfkomstich fan Johann Cröpelin, de soan fan Jacob Cröpelin, dy't in soad preekstuollen makke foar Eastfryske tsjerken. It klankboerd is fersierd mei in Kristusbyld mei oerwinningsbanier. Op 'e hoeken fan it klankboerd binne ingels oanbrocht. De seissidige kûp is tusken de draaide pylderkes fersierd mei de evangelisten.

Oan 'e râne fan it klankboerd en it hek fan 'e opgong steane Nij Testamintyske teksten, wylst de foet fan 'e preekstoel de nammen fan 'e dûmny's, de tsjerkeried en de skinkers fan 'e preekstoel neamt.

 
Oersjoch ynterieur.

Oant it ynstoarten fan it koer yn 1819 besiet de tsjerke in tige moai alter. Sûnt hat de gemeente in ienfâldich alter. Ut de tiid fan 'e restauraasje yn 1964 datearret it keunstwurk fan 'e byldhouwer Erich Brüggemann. Boppe it alter hong in krusifiks mei dêrboppe in troan mei de fjouwer bisten yn Iepenbierings 4:1-8. By de renovaasje fan 'e jierren 1980 waard dat keunstwurk ferwidere. De krusifiks hinget tsjintwurdich yn 'e nis boppe it alter. Op 'e súdkant fan 'e alterromte steane twa bylden út de âlde tsjerke.

It doopfont fan Bentheimer sânstien waard tusken 1180 en 1270 mei it skip nei East-Fryslân fearn. It is ryk dekorearre mei ornamintfriezen fan ranken en druven en it rêst op fjouwer liuwen.

Kroanluchters

bewurkje seksje

De âldste kroanluchter is fan 1637 en ta neitins fan it ferstjerren fan harren dochter Tjadlef skonken troch de famylje Agena. Sûnt 1725 hinget der ek noch in kroanluchter mei tolve earms. De twa oare kroanluchters stamme út 1953.

Op 'e tredde ferdjipping fan 'e toer hingje trije klokken. De súdlike klok waard yn 1633 getten en weecht 2,5 ton. Op 'e klok stiet in tekst oer de skinking en it reliëf fan Marije op moannesikkel. Foar it jitten fan 'e klok waard in âldere klok fan 8 ton brûkt. Dy klok wie al sûnt 1600 net mear te brûken en waard yn fjouwer klokken omgetten. Sûnt hong de klok yn in aparte klokketoer op 'e eastlike kant fan it tsjerkhôf, dy't yn 1834 ôfbrutsen waard. De oare twa klokken binne folle jonger: de noardlike klok is fan 1960 en de eastlike fan 1955.

 
Oargel.

It barokke oargel waard tusken 1710 en 1713 troch Gerhard von Holy (1677-1736) út Esens boud. It haadwurk hat tolve en it rêchposityf acht registers. De oargelkas is mei ingels fersierd en yn it midden kening David. It rike fykwurk waard makke troch Johann Wilhelm út Emden. Sûnt 1952 is it oargel in monumint. By de restauraasjes bleaune de oarspronklike registers foar it measte bewarre.

It "Gesellschaft für bildende Kunst und vaterländische Altertümer" út Emden sette sûnt 1878 útein mei it sammeljen fan it byldhouwurk fan 'e ôfbrutsen tsjerke. Ek de tsjerklike gemeente holp nei 1880 mei om resten fan 'e romanogoatyske tsjerke byinoar te garjen. Op 'e earste ferdjipping fan 'e toer is sûnt de jierren 1930 in romte ynrjochte as museum, dat ynearsten brûkt waard om saken op te slaan. In model fan 'e tsjerke is te sjen en ek de resten fan 'e âlde tsjerke wurde dêr útstalt. In 200-dielich fries mei fabelbisten, monsters, duvels en jacht- en ridderfoarstellings, dat eartiids ûnder de dakrâne om de hiele tsjerke hinne rûn, is op tekenings te sjen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.