Marten Hamkes, ek: Martinus Hamconius of Marten Hamckema (Follegea, ±1550 - 1620) wie in skiedskriuwer.

Marten Hamkes (Arnoud van Halen)

Hamkes hie earst in ûndergeskikte funksje by de belestingen en waard yn 1574 substitút fan de grytman fan Lemsterlân. Hy wie roomsk en keningsgesind en kaam ta hege amten, mar waard foar 1620 trijeris troch steatsgesinden ferdreaun. Marten Hamkes waard band omdat hy Spaansk gesind wie. By syn weromkommen akseptearre hy it amt fan dykgraaf fan Sânwâlden.

Neidat Erasmus fan Douma yn 1580 finzen nomd wie en in rekwest oan it hof dien hie neidat syn gritenij him ûntnadere wie, wie op 7 maart fan dat jier Tiete fan Hettinga as ferfanger beneamd. Mar doe't dy koarte tiid letter sneuvele, nei alle gedachten al op 31 oktober fan dat jier, waard Fan Hettinga opfolge troch Marten Hankema. Yn 1581 waard Tsjalke Meijnes as syn opfolger beneamd. Hankema hâlde him ta by de Spanjerts en wie oanwêzich by it gefjocht by Grijpskerk, dêr't Sonoy en Norrits de slach wûnen tsjin Rennenberg. Fierders wie hy by de belegering en oerjefte fan Stienwyk, Grins, Lingen en Doetichem. Ek rêde hy himsels swimmendewei út Starum, doe't de Steatsken dy stêd ynnommen. n en ferstoar koart foar it jier 1620. Wyls lei er him ta op de skiednis fan syn heitelân en hâlde syn striid fol mei de pinne (Certamen Catholicorum cum Calvinistis, Múnster 1607). Yn syn wurken, dy't oanslute by syn apokrife skiedskriuwing, falle de monargaal-katolike ynslach en de folkloristyske trekjes op.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Hamconius, Martinus
  • Ensie.nl