Maryhill (Washington)
Maryhill is in doarp (census-designated place) yn 'e Amerikaanske steat Washington. It leit yn it suden fan 'e steat, oan 'e noardigge fan 'e rivier de Kolumbia, dy't dêr de grins foarmet mei de buorsteat Oregon. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 hie Maryhill doe 98 ynwenners.
Maryhill | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | Klickitat County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 58 (2010) | |
Oerflak | 7,3 km² (ynkl. wetter) 7,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 13,5 / km² | |
Hichte | 57 m | |
Oar | ||
Stifting | koart nei 1900 | |
Tiidsône | UTC –8 | |
Simmertiid | UTC –7 | |
Koördinaten | 45°41'08"N 120°49'02"W | |
Kaart | ||
Lizzing fan Maryhill yn Klicitat County yn 'e steat Washington |
Skiednis
bewurkje seksjeMaryhill (Mary Hill) is ferneamd nei twa minsken, te witten de frou en de dochter fan 'e Amerikaanske ûndernimmer en spoarmagnaat Sam Hill, dy't koart nei it begjin fan 'e tweintichste iuw oan 'e igge fan 'e rivier de Kolumbia, yn súdlik Washington, lân kocht en in delsetting begûn. Foartiid stie de krite bekend as Columbia of Columbus.
Hill lei by Maryhill de earste ferhurde wegen yn it Amerikaanske Noardwesten oan, en boude der teffens it Maryhill Museum of Art (oarspronklik bedoeld as residinsje foar de famylje Hill). Fierders liet er der ek it Maryhill Stonehenge sette, in replika op wiere grutte (mar dan fan beton) fan it ferneamde monumint Stonehenge yn Súd-Ingelân. Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch finansierde er boppedat út eigen bûse de oanlis fan in monumint foar de oarlochsdeaden fan Klickitat County.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens de folkstelling fan 2000, holden troch it Amerikaanske Folkstellingsburo, hie Maryhill doe in befolking fan 98 minsken. De befolkingstichtens bedroech 13,5 minsken de km². Neffens dyselde gegevens wie yn 2000 fan 'e befolking fan Maryhill 16,3% âlder as 65 jier en 22,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 35,0% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst nimmen ûnder de earmoedegrins libbe.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 68,4% blanken; 9,2% Latino's; 9,2% swarten; 2,0% Yndianen; 1,0% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 10,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|