Matthew Gregory Lewis

(Trochferwiisd fan Matthew Lewis)

Matthew Gregory Lewis (Londen, 9 july 1775 – dêre, 16 maaie 1818) wie in Ingelsk romanskriuwer en dramaturch, faak ek oantsjutten as "Monk" Lewis, fanwege it grutte súkses fan sy klassike goatyske roman The Monk.

Matthew Gregory Lewis, skildere fan George Lethbridge Saunders, om1800

Lewis soe ynearsten diplomaat wurde, lyk as syn heit Matthew Lewis. Hy studearre oan Westminster School en Christ Church yn Oxford. Lewis brocht syn skoalfakânsjes meast fier fan hûs troch om him ta te rieden foar syn takomstige karriêre en om moderne talen te learen. Sa reizge er nei Chatham, Skotlân en it fêstelân fan Jeropa. Yn 1791 wie er yn Parys en fan 1792 oant 1793 wie er yn it Dútske Weimar, dêr't kunde krige oan Goethe, Schiller, Wieland en Kotzebue. Yn 1794 hold er tsien wiken yn De Haach ta en dêr wie it dat er ynspiraasje krige foar it skriuwen fan de goatyske roman The Monk. Noch foardat er werom nei Ingelân gie hie er it boek ôf. Hy wie doe skraachwurk tweintich jier.

The Monk beskriuwt de delgeande spiraal dêr't it libben fan in sadistyske, op seks beluste muonts mei de namme Ambrosio yn telâne komt. It ferhaal tilt op fan sadisme, mar fan magy, seksuele aktiviteiten binnen de muorren fan in kleaster, in ferbûn mei Satan, in ferkrêfting, nonnen dy't in famke tramtearje en ynsest, en hat ta de ferbylding sprekkende eleminten as de Wandeljende Joad en de Spaanske Inkwisysje.

The Monk waard in jier nei de earste publikaasje ferbean. Lewis hat doe in nije, keinere ferzje útbrocht. De tema's út it boek bleaune lykwols oerein. It boek soarge foar in protte opskuor, sawol fanwege de ôfgryslike ynhâld as it feit dat in geastlike it kweawillige haadpersoanaazje yn it ferhaal is. Troch alle spul wie Lewis' namme wol fuortendaliks bekend by foar- en tsjinstanners. Nei in tal jierren yn de polityk besleat Lewis dat er him leaver literatuer dwaande hâlde woe. Dat hy gie fierder mei it skriuwen fan proaza, mar ek mei fertalen en skriuwen foar toaniel.

Lewis wie lid fan it Legerhûs fan 1796 oant 1802. Syn heit liet him grutte oerseeske besittingen nei dat hy waard in tige begoedich man. Yn 1815 besocht er syn Karibyske besittings foar de earste kear. In jier letter gie er op besite by Percy en Mary Shelley yn Switserlân. Yn 1817 ferfear er nei Jamaika mei it doel de libbensomstannigheden fan syn slaven te ferbetterjen. Hy hie dêr twa plantaazjes en meiïnoar goed 500 slaven. Op de weromreis nei Ingelân stoar er lykwools oan in tropyske koarts.

  • The Monk (1795/1796)
  • The Castle Spectre (1798)
  • The Minister (1797)
  • Rolla (1797)
  • The Bravo of Venice (1804)
  • Journal of a West Indian Proprietor (1834, postúm útjûn)
  • The Life and Correspondence of M. G. Lewis (1939)
  • My Uncle’s Garret Window

Keppelings om utens

bewurkje seksje