Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 54.610 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Jouster opfearten

bewurkje seksje

Dei HoG263, wolkom op Wikipedy. Juster skreaune jo by it kaartsje Jouster opfearten: Wêr MULO stiet op it kaartsje mut OLS wêze. Jo ha hielendal gelyk. De âlde MULO stie in ein fierder oan de Hurddraversdyk. It is no it yntreegebou fan Vegelin State. De ôfbrutsen legere skoalle stie yndie op de hoeke mei de Midstrjitte/Hurddraversdyk, foar Heremastate oer. Sjoch ek hjir foar in foto. Moai dat jo it kaartsje sa goed besjoen ha, en it hjir ek op Wikipedy melden ha. De tekst op it kaartsje is no oanpast en MULO is feroare yn 'legere skoalle'.

Yn it wolkomstberjocht hjirboppe wat tips oer it bewurkjen fan dizze ensyklopedy. Fiel jo frij om mear fan jo witten op Wikipedy ta te foegjen, oer De Jouwer (ha jo al sjoen op De Jouwer fan A-Z ?), of oer oare saken dy't jo ynteressearje. Groetnis, Frou Watzema (oerlis) 7 nov 2021, 10.01 (CET)Beäntwurdzje