Meint Wiegersma (De Knipe, 6 desimber 1888 - It Oranjewâld, 30 april 1984) wie in learaar, geakundige en Frysk foaroanman.[1]

Wiegersma mei prins Bernhard by de útrikking fan de Sulveren Anjers, 1967

Wiegersma wie skoalmaster yn Skarsterbrêge (1908) en De Hoarne op Skylge (1911-1919). Hy hie yn 1911 dr. Botke as eksaminator natuerlike histoarje foar syn haadakte hân en sa rekken hja befreone. Waard oant 1953 learaar oan de HBS, letter lyseum fan Drachten en it gymnasium yn Assen. Hy wie mei-oprjochter en foarsitter fan It Fryske Gea, sûnt de oprjochting yn 1930 oant 1965 ta. Hy wie fierders foarsitter fan de Iepenbiere Lêsseal en Bibleteek en Aldheidkeamer fan Drachten.

Hy ferlei syn wurkkrêft hast alhiel nei de natoerbeskerming en de geakunde yn Fryslân en skreau û.o. haadstikken dêroer yn de 'Encyclopedie van Friesland' (1958). Hy wie lid fan it bestjoer fan de Fryske Akademy (Geakundich Wurkferbân), lid fan it Algemien Bestjoer fan de Feriening ta Behâld fan Natoermonuminten en it Bûn Heemschut. Brocht ferskate kartografyske projekten op gong. Bewurke de twadde printinge fan Jacob Botke syn Fan Fryslâns groun en skreau artikels oer ierdrykskunde en natoerbeskerming.

Yn de jierren sechtich luts er him werom út alle funksjes. Krige yn 1967 de Sulveren Anjer.

Karút:

  • Wiegersma, M., Terschelling, ontstaan en ontwikkeling (1915)
  • Wiegersma, M., De geologie [van het Princenhof] (1948).
  • Wiegersma, M., Hoe ûntstie It Fryske Gea (1978)
  • Bauke van der Veen, Bibliografy fan Meint Wiegersma, gearstald fan Bauke van der Veen, mei begeliedend brief fan K. Sikkema, 10 siden 1979
  • Bauke van der Veen, Meint Wiegersma (1984)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: